De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan watfoar wiken (net mear as seis) oft se nei de arke ta wolle. It giet om it simmerskoft mar oare winsken binne yn oerlis ek mooglik. Belangstellenden kinne har oant 1 febrewaris 2024 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, ynfo@stiftingflmd.frl. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar watfoar skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne.
Laat een reactie achter