• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

De rol fan it Frysk as aktyf brûkte taal yn de Fryske identiteit

29 januari 2024 door Jasper Jonkers Reageer

Yn de twadde helte fan 2023 haw ik foar myn bachelorskripsje sosjale geografy en planology oan de Universiteit fan Amsterdam ûndersyk dien nei it ferbân tusken in ‘regionale’ taal en regionale identiteit, yn de kasus fan Fryslân en it Frysk. Dêrby haw ik my yn it bysûnder konsintrearre op de mjitte fan aktyf taalgebrûk troch de persoan sels, en ek op de bleatstelling oan aktyf taalgebrûk troch oaren om dy persoan hinne. Dat ûndersyk hat opsmiten dat sawol it brûken fan it Frysk as it bleatsteld wurden oan it Frysk in positive ynfloed hawwe op de identifikaasje mei Fryslân. Fierders hawwe dyselde faktoaren gjin ynfloed, posityf of negatyf, op de identifikaasje mei Nederlân.

Teory: it ferbân tusken regionale taal en regionale identiteit

‘Regionale identiteit’ sil foar in soad Friezen miskien as in hiel logyske term klinke, mar sa fanselssprekkend is dy term eins net. It hiele idee efter it konsept ‘identiteit’ wie nammentlik yndividueel: hoe’t ien him- of harsels sjocht. Pas relatyf resint, mei de Social Identity Theory fan Tajfal en Turner (1979), kaam it idee dat in identiteit ek dield wêze koe. Dêrnei duorre it net lang ear’t dat konsept fan dielde identiteit keppele waard oan it idee fan plakbûne identiteit: dat it plak dêr’t ien wei komt part wêze kin fan syn of har identiteit. Dat der in mienskiplike identiteit ûntstean koe op basis fan it plak dêr’t dy mienskip wie, waard dus net earder as yn 1988 troch Brown (1988) wittenskiplik beärgumintearre.

Yn it earst waard dêrby meastentiids tocht oan nasjonale identiteit, keppele oan ynstitúsjes mei macht, dy’t dy identiteit ornaris ek brûke koenen om dy macht te fersterkjen en de minsken efter harren byinoar te bringen. It wie Paasi (2002) dy’t útwurke hat dat ek gebieten mei minder of gjin politike macht de basis wêze koenen fan plakbûne identiteit. Sa kaam er by it konsept ‘regionale identiteit’. Kulturele aspekten en yn it bysûnder taal binne in wichtich part fan sokke plakbûne identiteit, sei njonken Paasi ek Bourdieu (1991) al.

Dat slút oan by wat troch Fryske Keamerleden lykas Romke de Jong (D66), dy’t ûnderwilens de Keamer ferlitten hat, sein waard yn in resint debat oer in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer tusken it Ryk en de Provinsje Fryslân: dat de Fryske taal ynherint part is fan de Fryske identiteit. Of lykas De Jong it sels sein hat: ‘Sûnder Frysk gjin Friezen’ (Markus, 2022). Mar om hokker aspekt fan de taal giet it dan? Hornsby en Agarin (2012) ûnderfûnen by harren ûndersyk yn Bretanje dat in soad minsken dêr it Bretonsk ek as in wichtich part fan de Bretonske identiteit sjogge, nettsjinsteande dat dy taal op dit stuit troch de measte ynwenners net praat wurdt. Dat ropt de fraach op: is it foar regionale identiteit no wier fan belang dat dy regionale taal aktyf brûkt wurdt, of is dat belang eins benammen symboalysk?

Undersyksmetoade

Om foar de Fryske kontekst in antwurd op dy fraach te finen, haw ik yn de earste helte fan 2023 sawol kwalitatyf as kwantitatyf ûndersyk dien. Dat ûndersyk haw ik dien yn de eardere gemeente Menameradiel. Dy kar haw ik makke omdat ik in gebiet hawwe moast dêr’t sawol lju wienen dy’t meastentiids Frysk prate as dy’t meastentiids Nederlânsk prate, om dy groepen goed ferlykje te kinnen. It wie ek wichtich dat der yn it gebiet net te folle oare talen praat wurde, dat soe nammentlik ek wer oare effekten op de identifikaasje hawwe kinne. De hjoeddeistige gemeente Waadhoeke wie dus om reden fan it Bildsk en it Frjentsjertersk minder gaadlik.

Foar it kwantitative part fan it ûndersyk haw ik in enkête ôfnommen by goed twahûndert minsken. Yn dy enkête waarden fragen steld oer identifikaasje, sawol mei Fryslân as mei Nederlân en it eigen wenplak, en oer it gebrûk fan en de bleatstelling oan it Frysk en it Nederlânsk yn ferskate situaasjes. Guon fan dy situaasjes belange de priveesfear oan, oaren it kontakt yn en om it hûs en yn de iepenbiere romte. Sa wie it mooglik om troch analyzes fêst te stellen oft der in ferbân is tusken it gebrûk fan en de bleatstelling oan it Frysk oan ’e iene kant, en de identifikaasje mei sawol Fryslân as Nederlân en it eigen wenplak oan ’e oare kant.

Om in better begryp te krijen fan dat al of net oanwêzige ferbân, is mei in pear minsken dy’t de enkête ynfolle hiene ek in kwalitatyf ûndersyk útfierd. Dat part fan it ûndersyk bestie út kuiers troch de iepenbiere romte yn Dronryp, om oan ‘e hân fan de opsochte plakken in petear te hawwen oer it gebrûk fan it Frysk of it Nederlânsk op dat plak, en hoe’t hja harren dêrby fielden. Dy ûndersyksmetoade wie basearre op de metoade dy úteinset is troch El Ayadi (2021) en dy’t it doel hat om troch fysike oanwêzigens en belibbing mear nijsgjirrige data op te smiten.

Resultaten

Om te begjinnen by it útgongspunt fan it ûndersyk: lykas yn Bretanje die bliken dat foar in soad dielnimmers oan it ûndersyk de Fryske taal in wichtich part foarmet fan de Fryske identiteit. Yn de enkête is de dielnimmers frege wat foar harren de wichtichste skaaimerken fan de Fryske identiteit binne; de resultaten dêrfan binne te sjen yn figuer 1. Fierders waard ek dúdlik dat de dielnimmers harren oer it algemien mear identifisearje mei Fryslân as mei Nederlân of it eigen wenplak. By de kuiers leine de dielnimmers ek regelmjittich de klam op it belang fan dat ferbân.

Figuer 1: Wichtichste skaaimerken fan de Fryske identiteit

De fragen oer it gebrûk fan it Frysk en Nederlânsk litte sjen dat it gebrûk fan beide talen aardich gelyk op giet yn it gebiet. De meast nijsgjirrige útkomst wie dat wylst yn de priveesfear en persoanlik de measte minsken de iene of de oare taal prate, it grutste part fan de minsken yn it iepenbier sawol Frysk as Nederlânsk praat. Guon dielnimmers oan de kuiers joegen oan krekt ek dy twataligens in wichtich skaaimerk fan it gebied te finen. Ien dielnimmer joech dêr de namme ‘taallinigens’ oan.

De statistyske analyze smyt op dat der wol deeglik in dúdlike korrelaasje is tusken de mjitte dêr’t ien it Frysk yn brûkt én dêroan bleatsteld wurdt, en de mjitte dêr’t ien him- of harsels yn ferbûn fielt mei Fryslân. Die korrelaasje wie der ek as korrizjearre waard foar oare faktoaren, lykas persoanlike skaaimerken en de behearsking fan it Frysk (ien dy’t gjin Frysk praat, sil it nammentlik automatysk ek minder brûke). De meast dúdlike korrelaasje wie der as sjoen waard nei in sterkere identifikaasje mei Fryslân as Nederlân, de resultaten fan dy analyze binne werom te finen yn figuer 2. Der wie lykwols gjin signifikant ferbân, negatyf of posityf, mei de identifikaasje mei Nederlân op himsels.

De petearen ûnder de kuiers joegen mear ynsjoch yn dat ferbân. De measte dielnimmers makken dúdlik dat se by bleatstelling it hearren fan it Frysk wichtiger fûnen as it sjen fan it Frysk. Yn it gefal fan de Poiesz-supermerk yn it doarp wie it neffens harren tige fan belang dat de famkes en jonges by de kassa Frysk prate kinne. Frysktalige buordsjes binne dêrfoaroer net sa fan belang. Wol kin skreaun Frysk neffens guon dielnimmers wichtich wêze foar ynstânsjes dy’t fierder fan de minsken ôfstean, lykas de oerheid. Om it respekt, mar ek om de ôfstân tuskenbeide wat lytser te meitsjen. Mar by in mear betroud plak lykas de supermerk dus net, ek omdat der al wol Frysk praat wurdt.

Figuer 2: Regresjekoëffisjinten: sterkere identifikaasje mei Fryslân as Nederlân foarsizze oan de hân fan it brûken fan en bleatstelling oan it Frysk. In regresjekoëffisjint heger as 1 jout in posityf ferbân oan, in koëffisjint leger as 1 in negatyf ferbân. De Nagelskerke R2 jout op in skaal fan 0 oant 1 de foarsizzende wearde fan it model oan. De p-wearde jout oan hokker koëffisjinten oft signifikant binne.

Konklúzje

Op basis fan dit ûndersyk is te stellen dat sawol it sels brûken fan de Fryske taal as it bleatsteld wurden oan de Fryske taal in rol spilet by de identifikaasje mei Fryslân, en dat dy rol fan de Fryske taal dus net beheind is ta in symboalyske rol. Fierders is dúdlik dat net allinnich it Frysk, mar krekt ek twataligens en ‘taallinigens’ fan belang binne foar guon dielnimmers, dat it hearren fan Frysk as wichtiger ûnderfûn wurdt as it lêzen fan Frysk, en dat skreaun Frysk foar organisaasjes effektyf wêze kin om tichter ta Friezen te kommen.

Mear lêze en kontakt

De folsleine skripsje ‘Sûnder Frysk, gjin Friezen?’ is werom te finen op jasperjonkerscom.wordpress.com. As jo nei it lêzen fan dit artikel of de skripsje fragen hawwe, dan sil ik graach besykje dy te beäntwurdzjen. Jo kinne dan in mailtsje stjoere nei jasperjonkers@outlook.com.

Literatuer

Ayadi, N. El (2021). Linguistic sound walks: setting out ways to explore the relationship between linguistic soundscapes and experiences of social diversity. Social & Cultural Geography, 23(2), pp. 227-249. http://doi.org/10.1080/14649365.2019.1707861.
Brown, R. J. (1988). Social identity and the environment: a commentary. In Canter, D., Jesuino, J.C., Soczka, L. & Stephenson, G.M. (eds.), Environmental Social Psychology, pp. 219-221. Kluwer: Dordrecht. https://doi.org/10.1007/978-94-009-2802-2.
Hornsby, M., & Agarin, T. (2012). The End of Minority Languages? Europe’s Regional Languages in Perspective. Journal on Ethnopolitics and Minority Issues in Europe JEMIE, 11(1), pp. 88–116. Lêsten rieplachte op 14 jannewaris 2024, fan http://www.ecmi.de/fileadmin/downloads/publications/JEMIE/2012/HornsbyAgarin.pdf
Markus, N. (2022, 13 december). Friezen en Zeeuwen in de kamer spreken vaak ook namens hun provincie. Trouw. Lêsten rieplachte op 14 jannewaris 2024, fan https://www.trouw.nl/politiek/friezen-en-zeeuwen-in-de-kamer-spreken-vaak-ook-namens-hun-provincie~bf29d9fd/.
Paasi, A. (2002). Regional transformation in the European context: notes on regions, boundaries and identity, Space & Polity, 6(2), pp. 197-201. http://doi.org/10.1080/1356257022000003626.
Tajfel, H., & Turner, J. C. (1979). An integrative theory of inter-group conflict. In Austin, W.G. & Worchel, S. (eds.), The social psychology of inter-group relations, pp. 33-47. Monterey, CA: Brooks/Cole.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel, Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: identiteit, minderheidstaal, regionale talen

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d