• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Der is neat om glêd te striken

13 januari 2024 door Marijke de Boer Reageer

Fan Trinus Riemersma ferskynde yn 1995 Try-out, dat er oan Doeke Sijens oanbea yn Ferwert. ‘Hy miende dat er dêrmei útskreaun wie en makke de ferliking mei in boer dy’t syn bedriuw oerdocht oan de jongere generaasje. Hy sei dat er as âld-boer wolris delkomme soe om te sturtwaskjen’, wit de biograaf. Links sjocht Piter Boersma, foarsitter fan de Koperative Utjowerij, ta.

Trinus Riemersma (1938-2011) is in grut Frysk skriuwer. Hy wûn twa kear de heechste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis: yn 1967 foar syn debútroman Fabryk en yn 1995 foar syn masterwurk De reade bwarre. In man dy’t in biografy fertsjinnet en dy no ek krijt. Skriuwer is syn omkesizzer Doeke Sijens.

‘Us mem wie in suster fan Trinus, dus ik ha him en de famylje goed kennen’, fertelt de biograaf. De fraach om in biografy te skriuwen kaam al frij flot fan in útjouwer. Dat wie lykwols te gau nei Riemersma syn ferstjerren. ‘In pear jier dêrnei frege, Dineke Bos, de frou fan Trinus my. Sa stadichoan bin ik doe begûn, foaral de lêste twa jier ha ik my der hielendal yn ûnderdompele.’ Foar syn boek hat Doeke Sijens mei in soad minsken, famylje en kollega’s, út it libben fan Trinus Riemersma praat. ‘En fansels bin ik de argiven yndûkt’, fertelt er. ‘Yn Tresoar leit it measte: brieven, hânskriften en manuskripten. Trinus skreau mei de hân yn skriften en typte dat letter út. Sa kinst syn skriuwen goed folgje.’ Hy hat gjin saken weismiten, opromme of ferbrând, mar nei de komst fan de kompjûter wie der in stik minder papierboel. ‘Al yn 1982 kocht er in pc en wie dêrmei in pionier. Syn wurk skreau er tenei daliks op de kompjûter. Letter kaam ik derachter dat er wol notysjes makke mei ideeën en suggestjes dy’t er dêrnei fuortgoaide. Foar syn lêste roman ha ik aldergelokst in pear fan sokke notysjes fûn.’

Brieven

Lykas elke biograaf hope Doeke Sijens dat der tûzenen brieven wienen. ‘Safolle binne it net, mar Trinus wie echt in brieveskriuwer. Dêryn wie er hiel oprjocht. Op papier koe er him better uterje as yn it deistige libben. Net folle minsken koenen him goed. Ut de tiid fan de skieding fan syn earste frou binne in soad brieven bewarre en kinst sjen hoe’t er dat belibbe. Sa komst hiel ticht by him. Krekt as yn syn deiboek dat er byhâlde doe’t er yn 1994 kanker krige. Hy skriuwt dêryn wat er fielt, hoe beroerd er is en hoe bang er is om dea te gean. Yn ynterviews wie Trinus trouwens ek iepen en oprjocht nei sjoernalisten ta. Dêryn sei er soms dingen dy’t er yn de gewoane omgong net sizze soe. Hy die him net moaier of better foar. De titel fan de biografy, Der is neat om glêd te striken, komt fan Trinus sels. En it slacht ek op my as biograaf: ik lit alles sjen.’

Ferneamde Fries

Trinus Riemersma wie in produktyf skriuwer, fan romans oant toaniel en fan ferhalen oant gedichten. Foar de biografy hat Doeke Sijens al it wurk nochris yngeand lêzen. ‘Ik wie it al, mar bin noch mear ûnder de yndruk rekke. Yn it begjin, by Fabryk en in jier letter By de hannen om’t ôf sjochst dat er bot om de foarm siket, mar by lettere publikaasjes skriuwt er it yn ien kear op. Yn syn skrift ferbetteret er amper wat. Sa goed hie er yn de holle wat er skriuwe woe. Wûnderbaarlik fyn ik dat. En ek dat er alle kearen wer nei nije foarmen socht.’ By it ûndersyk kaam Sijens derachter dat syn omke yn de begjinjierren suver in ferneamde Fries wie. ‘Yn de tiid fan Fabryk wie er in soarte fan ‘celebrity’. Hy koe suver net in stap bûten de doar sette of it stie yn de krante. Hy wie doe noch mar in jier as tritich. Dat moat grif oerweldigjend west ha.’
Wat er boppedat ûntduts, wie dat Riemersma oant 1970 ta de brede Fryske literatuer hearde. ‘Hy koe skriuwers as Rink van der Velde, Jo Smit en Anne Wadman en dêr korrespondearre er mei.’ Begjin jierren santich feroare dat en kaam er bûten it literêre fermidden te stean. ‘Hy hie dêrnei foaral kontakt mei de minsken fan de Koperative Utjowerij, dy’t er mei oare skriuwers yn 1970 oprjochte hie. Dêrmei siet er yn syn eigen bubble, sa’t we dat no sizze soenen. Hy wie gjin foaroansteand skriuwer mear en bemuoide him net mei oaren. Ik tink dat er teloarsteld wie dat minsken net iepen stienen foar syn besykjen om de literêre wrâld iepen te brekken foar de jongerein en dat de ‘âlde garde, sa’t er dat neamde, de macht hâlde. Hy kaam yn in soarte fan machtstinken en dat is ien fan de redenen wêrom’t er de Koperative Utjowerij oprjochte. Mei in eigen útjouwerij wie er net ôfhinklik fan oaren en hie er it sels foar it sizzen. Sa publisearre er wurk yn syn eigen stavering. In boek as De skjintme vurt ferbwólgwódde út 1981 is in hiel goed, mar foar in soad lêzers in suver ûnmooglik wurk om te lêzen.’

Talint

Trinus Riemersma gie de wittenskip yn en promovearre yn 1984. In tal jierren wie er amper kreatyf dwaande, oant De reade bwarre ferskynde, yn 1992. Hoewol’t er dy roman yn syn eigen stavering útbrocht, wie der rûnom grutte wurdearring foar. De skriuwer wie werom. Nei’t er better waard fan kanker bruts noch in produktive tiid oan. ‘Dat ferneamde fan de jierren sechtich is net op dyselde manier weromkaam. Hy hie de namme in drege skriuwer te wêzen, kwa taal, mar neist al syn literêre wurk skreau er ek tagonklike kollums. Dêr begûn er yn 1992 mei en gie er oant op it lêst mei troch. Hy brûkte it gewoane as útgongspunt. Benammen yn syn lêste jier skreau er gefoelige kollums, oer it leauwe en it libben. Syn toan wie net mear sa pesterich, folle mylder.
Trinus Riemersma stie bekend as dwers en lestich, mar hy wie gefoeliger as dat er him foardie. Dat er út in laach fan boere-arbeiders kaam, syn âlden hienen inkeld legere skoalle, spile altyd in rol. Hy identifisearre him mei de arbeider en wie dêr syn libben lang loyaal oan. As skriuwer hat er hiel wat berikt. Hy wie in seldsume himelbestoarmer, wie talintfol en wurke ôfgryslik fûl. Hy is nei de eagen sjoen, mar yn de kearn hat er him altyd ferhûddûke field.’

Biografy

De biografy is opdield yn fjouwer tiidsperioades. It earste part giet oant it debút yn 1964. Diel twa giet oer it bekend wêzen as skriuwer. Dan folget yn it tredde part de wittenskiplike karriêre en diel fjouwer slút ôf mei De reade bwarre en wat dêrnei noch útkaam. It boek ferskynt takom maitiid by útjouwerij Wijdemeer.

Doeke Sijens wurke as bibliotekaris yn Grins en skriuwt ferhalen (Frysk en Nederlânsk). Hy publisearre û.o. in biografy oer Reinder Brolsma, in betinkingsboek oer de Koperative Utjowerij en skreau biografyske essees oer ferskate keunstners. Foar de Leeuwarder Courant resinsearret er Frysk proaza. Syn ‘must read’ fan boeken fan Trinus Riemersma sjocht der sa út: Fabryk, Minskrotten Rotminsken, De duvel misbiteard, De skjintme vurt ferbwólgwódde, De reade bwarre en Nei de klap.

Dit artikel komt út Letterhoeke nr. 3-2023.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Artikel, Frisistyk, Frisistyk Artikel Tags: biografie, letterhoeke, tresoar, Trinus Riemersma

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d