De kloft minsken sjocht út oer it strân en dikeret nei de grize weagen dy’t ûnder de kimen troch rôlje. In wyn beart om dea en boartet mei de minsken harren hier en de seamen fan harren mantels. Yn ’e loft bruts de sinne koartlyn troch de kleaune fan wolken. De antlitten fan de lju steane strak en strang, en dat is net allinnich troch de kjeld, mar om it ôfgryslike dat der no barre moat. It lûd fan ’e rûzjende wyn wurdt trochbrutsen troch de djippe klanken fan tromslach en sang. Fan de hege dunen ôf sjogge de minsken hoe’t it bern op it strân taret wurdt, it bleate boarst beskildere troch in wjuk. Sels fan dy ôfstân kinne de minsken syn boppeliif triljen sjen. Hy hat noch mar fiif winters sjoen, en dit soe syn lêste wurde. Mar sa is it lot. No is it safier. De jonge begjint te rinnen. Efter him folgje twa manlju, de iene hat in lang stik rûch tou yn ’e hannen, de oare hâldt de fingers dûnsjend op it ritme fan ’e trommels boppe op it hânfet fan it swurd oan ‘e heupe. In pear passen dêrefter rint de kening. Foar harren, op it plak dêr’t it tij stadichoan it strân opyt, stiet in iensume peal, in galge, swart tsjin ’e skiere loft. Lykas de hege wrâld-beam, de rêchbonke fan it hielal, wie dit de sintrale pylder, it krúspunt dêr’t de wrâlden fan goaden en minsken minge soene, mank see en lân, tusken himel en ierde. In tuskenplak. It rûge tou fan ’e strûp wurdt om de jonge syn hals lein. Elts hâldt de siken yn. Mar dan komt der út it neat wei in frjemde stim dy’t oer de wyn hinne raast. Alle hollen draaie har om.
Botsende Wrâlden
Aldergelokst foar de jonge op it strân wie it net syn lot dat er nea wer in nije maitiid sjen soe. En yn dy tiid wie jins ‘lot’ net allinnich in wize fan praten. It wie neffens it lot, de lotten, dat er keazen wie troch de goaden fan syn folk om foar harren in offer te wêzen. Sa wie it leauwen yn it Frisia fan ’e sande iuw. Doe wiene der noch gjin tsjerken en noch gjin skriuwers. Yn stee dêrfan wie der in wrâld fan goaden en oare boppenatuerlike wêzens, hja dy’t yn de beammen en de stiennen wennen. Hja dy’t derfoar soargje koene dat de rispingen goed wêze soene, en om it folk by te stean tsjin sykte en kriich. Mar dizze help wie net fergees. De goaden hiene ferlet fan jeften, tankbetsjûgingen foar harren stipe. En yn tiden fan need koe dat ek it offerjen fan minsken betsjutte. Alteast, dat wurdt ús ferhelle troch de pear teksten fan misjonarissen dy’t de Friezen yn ’e sande en achtste iuw bekeare woene. Yn harren hannen wie in wjuk in machtich wapen dêr’t it wurd fan de iene wiere God skreaun wurde koe lykas de ferhalen fan har dieden yn barbaarske, frjemde lannen sa as dy fan de Friezen. Ien fan de misjonarissen dêr’t wy it measte oer witte is Wulfram, de biskop fan Sens. Berne yn ’e omkriten fan dêr’t no de stêd Parys leit, wie Wulfram ien fan ‘e Frankyske eallju dy’t yn de lêste desennia fan ’e sande iuw syn heitelân ferliet om te preekjen ûnder de heidenske Friezen. Yn ’e wurden fan syn biograaf, de saneamde Jonas fan Fontenelle, wie syn reis ynspirearre troch ‘in himelske ynjouwing troch in fizioen’. Mar Wulfram is net dejinge dêr ’t dit artikel fierder oer giet. Yn syn hagiografy (hilligelibben), deVita Wulframni, ferhellet de skriuwer:
‘It barde op in dei, wylst er preke en it niisneamde Fryske folk ûnderwiisde, dat in ûnskuldige jonge, fan komôf út datselde Fryske folk, nei in strûp laat waard om oan de goaden offere te wurden. De fromme biskop smeke de ûnleauwige hartoch lykwols om him it libben fan dy jonge te skinken en om in minske, makke neffens de likenis fan God, net as in skandlik offer oan duvels te bringen. Dy jonge hiet Ovo.’
(Nijdam, 1994: 98) (1)
Hawar, dat ferhellet Jonas. ‘Ovo’, yn ’e foarm dy’t troch de tiid hinne op ’e side fan it manuskript stiet, liket net op in Fryske namme, mar krekt mear op in Frankyske. Jonas sels wie gjin Fries, en faaks hawwe wy hjir te krijen mei de ‘Frankifisearring’ fan wat wol in Fryske namme wie. As dat sa is, dan soe it goed mooglik wie dat hy yn syn patrio sermone, syn memmetaal, Obbe hiet (2). It ferhaal yn ’e Vita giet fierder en dêr leare wy wat der mei Ovo/Obbe barre sil.
‘Mar de hartoch antwurde yn syn memmetaal dat it fanâlds, yn de ûnferoarlike wet, troch syn foargongers en it hiele Fryske folk fêstlein wie, dat eltsenien dy’t troch it lot útkeazen wie sûnder útstel op in plechtige wize oan de goaden offere wurde moast.’
(Nijdam, 1994)
Al besiket Wulfram it libben fan it bern te rêden, de lieder fan de Friezen wol it net hearre. Dat is ek neat net fernuverjend, want dit wie net samar in Fryske hartoch, mar wol de romrofte kening Redbad. Sels yn 2004, sa’n 1300 jier nei syn dea, wie er neamd as ‘De Ferneamdste Fries’ nei in ûndersyk troch Bernlef, de Fryske Studinteferiening út Grins. Letter, yn ’e selde Vita Wulframni wurdt it ferhaal ferteld oer hoe’t er op it punt stie om him bekeare te litten doe’t er oan de misjonaris frege oft syn heidenske foarfaars ek yn ’e kristlike himel wiene. Dat wie net sa. Hy helle de foet út it doopfet wei en sei doe dat er leaver nei de hel gean soe as dat er mei in protte earmelju yn ’e kristlike himel tahâlde moatte soe. Tsjin alle druk yn bleau Redbad heiden oant syn dea yn 719. Yn it tiidrek dêr’t er yn libbe wie jins eigen leauwen net allinnich in persoanlike religieuze saak, mar ek in politiken ien. Hie Redbad de kar makke om kristen te wurden, dan waard dat tagelyk ek fan syn folk ferwachte. Obbe soe it offer wêze, it slachtoffer, sadat it Fryske folk sjen koe dat lykas eartiids de âlde tradysjes útfierd waarden troch harren kening. Faaks wie it ek trochdat harren hiel wrâldbyld en identiteit op it mêd fan religy en politike selsstannigens sa ûnder druk stie, dat it folk sels berneoffers út eigen mienskip bringe moasten. Allinnich troch it offerjen fan weardefol guod of minsken soe it mooglik wêze om yn dizze tiid fan krisis stipe fan ’e goaden te krijen. En dêrom, nettsjinsteande de tsjinakselderij fan Wulfram, is Obbe oan ’e galge ophongen.
Mar wat soe in hagiografy, oftewol hilligeferhaal, wêze sûnder in wûnder? Want al wurdt it bern ophongen oan ’e galge, likegoed seit Redbad dat de misjonaris it mei help fan syn Kristus besykje mei om it wer ta libben te bringen. En fansels, neidat Wulfram troch de knibbels giet om te bidden, kin dat ek:
‘Fuortendaliks nei’t dy smeekbea klear wie, knapte de strûp dêr’t de hals fan ’e healdeade jonge mei fêstbûn west hie, en dêrtroch foel er alhielendal net skansearre op ’e grûn. It like him ta, sa’t er letter fertelde, krekt as waard er yn in djippe slieptastân holden, en it wie as waard syn lichem folslein omheech holden mei de gurdle fan ’e hillige biskop ûnder de earmsholten. En nei ’t er him by de hân pakt hie, sei de hillige biskop: ‘Gean gau sûn stean yn ’e namme fan ’e hear Jezus Kristus!’ Nei dy wurden gie er fuortdaliks sûnder wat foar skewankje dan ek mar stean, en hie er gjin pine nettsjinsteande syn straf.’
(Nijdam, 1994)
Mei dy passaazje koe Jonas sjen litte hoe’t Wulfram, troch de macht fan God, machtiger wie as de heidenske goaden, of yn syn eigen wurden, de ‘duvels’ dêr’t de Friezen offers oan brochten. Tagelyk mocht Obbe libje, lykwols net mear ûnder syn eigen minsken. It is in moai ferhaal mei in goed ein, en sa soe it bliuwe, hie it net sa west dat dit net de ein fan Obbe syn ferhaal is. It wurdt nammentlik yn ’eVita ek sein dat Obbe troch syn rêder doopt en meinommen waard nei Fontenelle (letter Wandrille neamd nei syn hillige oprjochter) om dêr in muontseoplieding te folgjen. Al is er net de earste Fries waans namme wy kenne út ’e skreaune boarnen (3), Obbe is wol in rekôrhâlder op in pear oare grûnen. Bygelyks wie er de earste ‘Fries om utens’ – de earste Fries út ’e skreaune boarnen dy’t út Fryslân (Frisia) fuortgie en syn thús op in oar plak fûn. En boppedat wie ús Obbe de earste Fries dy’t skriuwe koe.
Notysjes:
- Oersetting nei it Frysk ta basearre op dy fan Nijdam yn it Nederlânsk (1994).
- Yn ’e foarm Ovo lykje de rûne /o/ en de stimhawwende labiodintale frikatyf /v/ net te korrespondearjen mei de ferwachte klankferskowingen yn it Aldfrysk. Yn ’e mûle fan immen dy’t Frankysk prate koe, dêr’t dizze klankferskowingen net te finen binne, soe de oannimlike Fryske namme Obbe as ‘Ovo’ klinke. Mei tank oan Peter-Alexander Kerkhof foar syn bydrage oan de fonologyske aspekten fan de namme.
- De earste Fryske nammen út ‘e skiednis dy’t wy kenne binne dy fan twa Fryske keningen út it Romeinske tiidrek, Verritus en Maloricx, en dêrnei de nammen fan Redbed en syn heit, Aldgiesl.
- Tank oan Sierd Prins foar syn stipe mei it Frysk.
Boarnen
Nijdam, Han. ‘Redbad en Wulfram: kerstening van de Friezen in de zevende en achtste eeuw’ Amsterdam, 1994.
Reitze Jonkman zegt
Fraachje: Kinne wy de nammen fan de Friezen út de Romeinske tiid, dus foar 400, noch ferlykje mei dy rekonstruearre Fryske namme fan nei 400? Tsjintwurdich wurdt dochs wol oannommen dat der nei 400 in nije befolking – de ‘Nije Friezen’ ôfkomstich út Nedersaksen en faaks ek noch oaren as Juten – delstrutsen is yn Frisia (sjoch bgl Nieuwe encyclopedie van Fryslân, Leeuwarden 2016: 911) Of sljochtsje wy dat oer?