Sjochsto kânsen om ûndersyk op it mêd fan taal, kultuer, skiednis en identiteit fan Fryslân mooglik te meitsjen en op in strategyske wize út te dragen nei en mei de mienskip? En wurkesto graach gear mei elkenien binnen en bûten de Fryske Akademy oan de ferhalen fan Fryslân? Dan is de funksje Meiwurker citizen science en wittenskipsfalorisaasje wat foar dy. As Meiwurker citizen science en kennisbenutting hâldsto de belangen fan de leden, stipers en de maatskiplike wurkferbannen/-groepen yn it each, mar ek fan oare gearwurkingspartners fan de Fryske Akademy.
Sjoch hjir de folsleine (Frysktalige) fakatueretekst. Reagearje op dizze fakatuere kin oant moandei 19 febrewaris oankommend.
Laat een reactie achter