De grutte hegeskoalle yn Ljouwert is NHL Stenden. De hegeskoalle hat sa’n 22.000 studinten en 2000 meiwurkers mei mear as 100 ferskillende nasjonaliteiten (NHL Stenden, 2023). Om‘t der sa’n grut ferskaat oan nasjonaliteiten op de hegeskoalle is, soe men ferwachtsje dat dêr ek in soad ferskillende talen sichtber binne, dus yn it gebou, op de webside en yn de kommunikaasje fan NHL Stenden.
It Frysk is yn Fryslân in offisjele taal, dus ek dy taal sil yn de hegeskoalle te sjen en te hearren wêze, soe men tinke. It is lykwols net dúdlik of dat it gefal is. Dat liedt ta de fraach: yn hoefier is it Frysk by NHL Stenden lokaasje Ljouwert sichtber? Om de fraach te beantwurdzjen, binne trije aksjes ûndernaam. It taalbelied fan NHL Stenden is ûndersocht. Der binne ferskate ynterviews ôfnaam mei dosinten, learlingen en âld-studinten mei help fan Google Forms. In kuierke troch NHL Stenden tsjinne om te notearjen wêr’t it Frysk yn de gebouwen sichtber is. Sa’n kaart fan it ‘linguistic landscape’ kin mear ynformaasje jaan oer it brûken fan talen yn de iepenbiere romte (Gorter & Cenoz, 2023). Taal kin bygelyks sichtber wêze op buorden en posters. It lânskip is dynamysk, om’t it hieltyd feroaret as der beygelyks oare posters ophongen wurde. It yn kaart bringen dêrfan is dus in momintopname.
Underwiis wurdt oer it algemien sjoen as in plak om in minderheidstaal yn libben te hâlden (Gorter et al., 2013). Standert wurdt yn kommunikaasje lykwols faak keazen foar mearderheidstalen en dat giet op kosten fan it gebrûk fan minderheidstalen. Dêrneist is it in trend dat universiteiten har ynsette foar globalisearring en ynternasjonalisearring. It Ingelsk wurdt sa wichtiger yn ‘e edukative ynstellings neist de mearderheidstaal fan it lân (Garrett & Gallego-Balsà, 2014). By NHL Stenden betsjut dat dat Ingelsk en Nederlânsk de meast foarkommende en sichtbere talen binne. Dat is ek yn line mei it algemiene ferskynsel dat de druk om Ingelsk te brûken en te learen, grut is, ek yn net Ingelsktalige lannen.
De oan- of ôfwêzigens fan in taal is eins in boadskip, direkt of yndirekt, oer de statustakenning fan de taal (Gorter & Cenoz, 2023). As in minderheidstaal ûntbrekt yn de kommunikaasje, seit dat wat oer de posysje fan de taal yn de mienskip. It is opmerklik as in ûndersiker sjocht dat in minderheidstaal net sichtber is, en allinnich de mearderheidstaal brûkt wurdt (Gorter & Cenoz, 2023). Faak wurde minderheidstalen fergetten of ôfwiisd (Garrett & Gallego-Balsà, 2014). Taalkar kin studinten opnimme of útslute en besteande stereotypen oer talen fuortsterkje (Kelly-Holmes & Pietikäinen, 2015). Dat is spitich om’t it doel fan minderheidsgroepen faak net is om oare talen te ferfangen, mar om ‘neist’ de oare talen te stean (Gorter et al., 2013).
NHL Stenden hat yn Ljouwert twa ferskillende gebouwen oan de Rengersleane: ien is it eardere NHL-gebou en ien is it eardere Stendengebou. De skoalorganisaasjes binne yn 2018 fusearre. By it ynrinnen fan it Stendengebou (R8) is njonken de doar in Nederlânsktalich gedicht te sjen. Op de grûn steane Ingelske wurden printe. De ynformaasjebuorden befetsje beide talen, Ingelsk en Nederlânsk. Sa wurdt ynformaasje oer in Europeesk hegeskoalle-inisjatyf skreaun, earst yn it Ingelsk en dêrnei yn it Nederlânsk. De ynformaasje oer Dopperwetterkranen is yn it Nederlânsk skreaun mei dêrnei in Ingelske oersetting. Klaslokaalnammen en buordsjes yn R8 binne soms yn it Ingelsk, soms yn it Nederlânsk, en soms yn beide talen. Yn it hiele gebou steane sitaten op de muorren fan skriuwers, wittenskippers en filosofen, meast yn it Ingelsk.
Op it plein tusken de gebouwen binne ferskate talen te sjen. It plein is smookfrij, wat mei buorden oanjûn wurdt, earst yn it Nederlânsk en dêrnei yn it Ingelsk. It meartalige ‘wolkom’-projekt op it plein wurdt net byhâlden, sadat de wurden lêstich te lêzen binne. By de opstart fan it projekt inkelde jierren lyn wiene blauwe wurden sichtber dy’t de besiker yn ferskate talen ferwolkommen, ek yn it Frysk. Wierskynlik yn oansluting op de 100 nasjonaliteiten.
As jo it NHL-gebou yngeane, wurde jo yn ferskate talen wolkom hjitten, wêrûnder it Frysk. Yn de gong stiet in tiidline fan de skoalle yn it Nederlânsk skreaun, steane meardere sitaten yn it Nederlânsk op de muorren en lizze der ynformaasjefolders yn it Nederlânsk. Midden yn ‘e gong stiet de baly, dêr’t ‘Welkom’, ‘Welcome’ en ‘Explore’ stiet. By it kuierjen troch de skoalle sjogge jo ynformaasjebuorden. De measten wiene ek te sjen yn it oare gebou, bygelyks de ynformaasjebuorden fan de Dopperwetterkranen. De ynformaasje op de televyzjeskermen is ôfwikseljend Ingelsk en Nederlânsk. In projekt yn de skoalle is ‘Taal yn byld’, oer rykdom oan ferskate memmetalen, wêrûnder it Frysk. In plak dêr’t it Frysk ek sichtber is, is de taalôfdieling fan de learareopliedings. Der stie in Frysk gedicht op de muorre, mar dit gedicht is yntusken weihelle. Der steane no Ingelske en Nederlânske sitaten.
Dus, de talen dy’t benammen sichtber binne yn beide gebouwen, binne Ingelsk en Nederlânsk. It Frysk is opfallend ôfwêzich. Frysk is te sjen by de yngong fan de gebouwen en by de learare-opliedings Talen. Nederlânsk en Ingelsk wikselje har ôf as earste taal op de buorden en faak stiet de oersetting yn de oare taal derûnder.
Sichtberheid fan talen is ôf te lêzen yn de gebouwen, mar ek yn it taalbelied fan in ynstelling. Dêrom is it taalbelied fan NHL Stenden besjoen. It NHL Stenden taalbelied fan 2013 is besjoen. Yn it beliedsstik wurdt neat sein oer taalsichtberens of de Fryske taal. It oare taalbeliedsstik is in konsept út 2019. Dat belied is net goedkard troch it Kolleezje fan Bestjoer. Dat betsjut dus dat der op dit stuit gjin taalbelied is. Yn de taalbeliedstekst fan 2019 wurdt tsien kear it Frysk neamd en twa kear sichtberens. NHL Stenden hat neffens it taalbelied 2019 in twatalich+ taalbelied, mei Ingelsk en Nederlânsk as offisjele talen. Alle oare talen, ek it Frysk, wurde fertsjintwurdige troch de ‘+’. Alle offisjele NHL Stenden-brede dokuminten wurde publisearre yn it Nederlânsk en Ingelsk, en as it relevant is ek yn oare talen. Studinten en meiwurkers meie neffens de ‘Wet gebruik Friese taal’ Frysk prate. Dat stiet ek yn it taalbelied fan 2019. Lykwols, omdat dat net goedkard is, wurdt it dus ek net útfierd.
Der binne fiifentritich ynterviews ôfnaam mei help fan Google Forms, ek wer mei it doel om ynformaasje te krijen oer de sichtberheid fan de talen yn de hegeskoalle en nei te gean hoe breed dy droegen wurdt. Dy jouwe ek ynformaasje oer it draachflak fan taalbelied. Ingelsk en Nederlânsk wurde faak sjoen troch alle respondinten. Frysk wurdt wolris sjoen, mar net faak. Respondinten is ek frege hokker talen neffens harren mear sichtber wêze moatte. Guon respondinten fine dat it Nederlânsk mear sichtber weze moatte soe, omdat it in offisjele taal is dy’t faak brûkt wurdt. Oaren sizze dat it Nederlânsk net nedich is, omdat it Ingelsk belangriker is. Ingelsk soe ek sichtber wêze moatte om’t der in soad internasjonale studinten binne en it in lingua franca is. Der binne ek studinten dy’t sizze dat Ingelsk net mear sichtber wêze moatte soe, omdat it Nederlânsk belangriker is. Frysk soe neffens guon respondinten ek mear sichtber wêze moatte, omdat it in offisjele taal is yn Fryslân. Opfallend is dat fiif fan de acht dosinten oanjouwe dat it Frysk net mear sichtber wêze moat. Trije fan de njoggentjin studinten diele dy miening. It moat neffens harren net brûkt wurde, om’t net elkenien it behearsket. Oan de oare kant binne der trije dosinten en achttjin (âld-)studinten dy’t sizze dat it Frysk sichtber wêze moat op de hegeskoalle. Har arguminten: it is in offisjele taal yn Fryslân, it brûken fan Frysk kin de taal befoarderje en it makket de skoalle unyk foar ynternasjonale studinten.
Konkludearjend kin sein wurde dat Ingelsk en Nederlânsk talen binne mei statustakenning yn de hegeskoalle. Frysk is amper sichtber. Der is gjin aktueel taalbelied, allinnich in konsept út 2019, en dêr wurdt gjin útfiering oan jûn. De fokus leit op it Nederlânsk en it Ingelsk. It Frysk wurdt neamd as +. Ut analyze fan de fragelist kin konkludearre wurde dat respondinten fine dat it Ingelsk sichtber genôch is. It Nederlânsk is ek sichtber genôch, mar it Ingelsk liket hieltyd sichtberder te wurden. In heech persintaazje studinten jout oan dat it Frysk neffens har mear sichtber wêze moat, De mieningen fan de dosinten rinne útinoar. Dat alles mei-inoar liedt ta de konklúzje dat it Frysk op dit stuit net sichtber is yn de hegeskoalle. Advys is om de universiteit of it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan de hegeskoalle mear en djipgeander ûndersyk dwaan te litten nei de ferwachtings fan studinten en meiwurkers op it mêd fan taalplenning en -belied. Dat kin mooglik liede ta in modern, ynklusyf en breed droegen taalbelied dat rekken hâldt mei it grutte ferskaat oan talen en kultueren op de hegeskoalle.
Dörte Gezelle Meerburg is studinte oan de RUG/Campus Fryslân, dêr’t se de Master Multilingualism folget.
Boarnelist
Garrett, P., & Gallego-Balsà, L. (2014). International universities and implications of internationalization for minority languages: views from university students in Catalonia and Wales. Yn: Journal of Multilingual and Multicultural Development, 35(4), 361–375. https://doi.org/10.1080/01434632.2013.874434
Gorter, D., & Cenoz, J. (2023). A panorama of linguistic landscape studies. https://doi.org/10.2307/jj.6947033
Gorter, D., Zenotz, V., & Cenoz, J. (2013). Introduction: Minority language education facing major local and global challenges. Yn: Educational linguistics (pp. 1–9). https://doi.org/10.1007/978-94-007-7317-2_1
Kelly‐Holmes, H., & Pietikäinen, S. (2015). Language: a challenging resource in a museum of Sámi culture. Yn: Scandinavian Journal of Hospitality and Tourism, 16(1), 24–41. https://doi.org/10.1080/15022250.2015.1058186
NHL Stenden (2023). Over NHL Stenden | NHL Stenden. Ynsjoen op October 8, 2023, fan https://www.nhlstenden.com/over-nhl-stenden
Laat een reactie achter