Frysk skriuwer en literêr oersetter Jacobus Q. Smink is 27 jannewaris op 69-jierrige leeftiid ferstoarn. Yn 2013 krige er de Gysbert Japicxpriis útrikt foar syn dichtbondel Sondelfal (2009).
Jacobus Quiryn Smink groeie op as boeresoan yn Sondel. Op de basisskoalle en ek op it middelber ûnderwiis krige hy Fryske les. Hy folge de stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding yn Grins. Nei syn ôfstudearjen waard er dosint Nederlânsk yn Brabân.
Al op jonge leeftiid sette Smink útein mei syn literêr wurk. Op de middelbere skoalle skreau er graach popferskes, meast yn it Nederlânsk en it Ingelsk. Syn klassegenoat Jaep de Jong, dy’t gedichten yn it Frysk skreau, sette him op it spoar fan syn memmetaal. Yn syn Grinzer tiid kaam er yn ’e kunde mei dichter Tsjêbbe Hettinga; dat makke him der noch sterker bewust fan dat er yn it Frysk skriuwe woe.
Hy debutearre as Jacob Smink yn 1972 yn it literêre tydskrift Hjir mei in koart ferhaal en in fers. Hjir wie dat jiers oprjochte troch Piter Boersma en Bonne Stienstra as poadium foar jonge begjinnende skriuwers en as tsjinhinger fan de al besteande literêre blêden (dy’t se as te elitêr en te polityk beskôgen). Smink makke sels ek jierrenlang diel út fan de redaksje. Op in stuit feroare er syn namme yn: Jacobus Q. Smink. De Q. foar Quiryn hie er der sels by betocht, dat fûn er wol moai.
Yn 2013 krige hy de Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel Sondelfal (2009). It befette nij wurk en in seleksje út wat de dichter sûnt 1993 yn de tydskriften publisearre en soms bewurke hie. It sintrale tema foarmje de jeugdoantinkens út Sondel en de konfrontaasje mei it no. De titel kin ek lêzen wurde as in ferwizing nei ‘sondelfal’, it ferlies fan it paradys fan de jeugd.
De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis skreau oer de bondel: ‘It is in wûnder hoe’t Jacobus Q. Smink dat hat. Yn Sondelfal slagget er deryn om de lêzer hielendal op de doele te bringen mei nijfoarmingen, ellipsen, wylde assosjaasjes, tsjustere metafoaren en tagelyk liedt er de lêzer streekrjocht nei Sondel, it plak dêr’t er sels yn 1954 op ’e wrâld kaam. Tagelyk ek tsjoent er dat Sondel sa helder foar eagen dat men der hielendal nostalgysk wee fan wurde kin. Om yn deselde tel dy herinneringen yn in wiere Sondelfal as fjoerwurk útinoar spatte te litten.’
Jacobus Smink hat in oantal boeken út de wrâldliteratuer oerset yn in Frysk, lykas yn 1995 It Achterhûs (Anne Frank), yn 1998 De lytse prins (Antoine de Saint-Exupéry) en yn 2000 Ronja de Rôversdochter (Astrid Lindgren). Dy oersetting waard bewurke ta in toanielfoarstelling oer Ronja dy’t Tryater yn desimber 2000 en jannewaris 2001 mei grut sukses opfierde. Hy hâlde fan it oersetwurk om ‘yn in ritme te bliuwen’ en foar ynspiraasje.
Laat een reactie achter