As dokumintêremakker by Omrop Fryslân hat Karen Bies it drok. Sadwaande fielde se faak net de romte om literêr wurk te skriuwen en dat wylst se dat se graach docht. Foarich jier makke se dêrom trije wiken gebrûk fan de Skriuwersarke om yn alle rêst efter de laptop te krûpen. ‘Ik fûn it hearlik!’
Yn har ferbliuw op it wetter slagge it Bies om har ôf te sluten fan de bûtenwrâld. ‘It arkje is ienfâldich ynrjochte, mar presys goed. It hat alles wat in skriuwer nedich hat. In tafel en stoel, in kanne tee en in kofjesetapparaat. Ik haw hiel faak tocht: wat bin ik dochs in geloksfûgel dat ik hjir sitte mei.’
De Skriuwersarke
De arke leit yn it petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. It wie eigendom fan de Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001). Syn winsk wie dat it arkje nei syn ferstjerren brûkt wurde soe troch skriuwers en dichters om nij literêr wurk te meitsjen.
Koarte ferhalenYn it kulturele jier 2018 ferbleau Bies alris twa moannen yn Ierlân as writer in residence foar it projekt Oare Wurden/Other Words. Se skreau dêr it ferhaal Brulloft. ‘Dy ynplande wiken om te skriuwen befoelen hiel goed. Dêrom spruts de Skriuwersarke my ek sa oan.’ Mar de druk om te prestearjen siet har wat yn it paad. ‘Je wolle as tsjinprestaasje ek goed literêr wurk leverje fansels.’
It wie in frijwilliger fan It Fryske Gea, de natoerorganisaasje dy’t it gebiet by de Skriuwersarke ûnderhâldt, dy’t har ta ynkear brocht. De frijwilligers binne wend om moandeitemoarns kofje te drinken yn it arkje. Karen Bies ûntfong harren hertlik mei in bakje.
Yn it gasteboek fan de Skriuwersarke skreau se oer dy moeting en har ferbliuw:
“…Alles wat jim my fertelle, sil brûkt wurde,’ warskôgje ik de mannen fan it Fryske Gea. Dat fine se goed. Bas en Rob sitte by my op ‘e kofje en we binne it der oer iens dat it útsicht oer it petgat ynspirearjend is. ‘As it no ek mar slagget,’ sis ik.
‘Tink der om, do moatst niks, do wólst!’ seit Bas. Stress is min foar de sûnens, wit hy. ‘Dus lit it gean, en lis dysels net tefolle op.’ In goed advys, en ik sil it noch wolris werhelje foar mysels. Troch de rêst op it arkje, yn dizze omjouwing, fiel ik my frij. Skriuw mar raak, letter thús tel ik de wurden wol, sjoch ik wêr’t de backspace oerhinne moat.
Mar no even wat belangrikers: ‘Der sit in klyster te brieden op fiif aaien,’ fertelt Rob. ‘Yn de daksgoate fan it hok, krekt boppe de reinpipe.’ Hy hat it nêst in bytsje omheech brocht, sadat it wetter der ûndertroch rinne kin. Fakkundich, want de klyster sit der rêstich by.
Mar dan, op woansdei 5 july 2023, komt de swierste simmerstoarm oait. Ik bin dochs wol wat ûngerêst dat ien fan de grutte popels omgean sil. Dy prachtige beammen hjir, sa hearlik ritseljend by simmersk waar, mar no blyn en gefaarlik tekeargeand as dronken hooligans.
In dei letter nim ik de skea op. In pear jonge bjirken lizze plat. En, wat spitich, de klyster is fuort. Yn it nêst leit noch mar ien aai. De stoarm, of dochs in stienmurd?
Dan falt ek it kabinet en meldt Mark Rutte dat er net weromkomt. Ik ha de yndruk dat myn ferbliuw yn it arkje net foar neat west hat. Trije wike, in see fan tiid, mar wat binne se omflein. Tige tank Fryske Gea en FLMD foar dit prachtige plak. Myn hûs stiet himelsbreed mar fiif kilometer fierderop, mar it fielt hjir as in oare wrâld.
Earst de avifaunyske rispinge. Soms, as ik se net seach en allinnich hearde, mei help fan ‘Birdnet’ (wêrom stiet trouwens it boekje Fryske Fûgelnammen net yn ’e kast?): Tsjiftsjaf, hôfsjonger, hagekrûper, tomke, swartkop, reidsjonger, lytse karrekyt, in famylje swannen, blauwe reager, wite reager, ielgoes, houtekster, wylgekarrekyt, boumantsje wipsturt, giele kwiksturt, mûzefanger, reade wikel, wetterhintsje, swartkopreidsjonger, piipljurk, mosken en protters en fansels de earme klyster.
De rispinge op myn laptop: twa koarte ferhalen, en ien lang ferhaal, dat mar al langer wurdt, en trouwens ek noch lang net ôf is. Mar ik kin thús fierder, en ik hâld yn gedachten de wurden fan Bas: ik moat net, ik wól dit…” (Ut: Gasteboek de Skriuwersarke, july 2023)
Laat een reactie achter