Der hat de lêste tiid op Frisistyk wat diskusje west oer de status fan it Meslânzers en de wearde dy’t de útspraak fan de g– en sk-/sch– oan it begjin fan it wurd hawwe kinne soe foar dy diskusje. Op de eftergrûn spilet dêrby dat it ferskil tusken [sk] – [sχ] en [g] – [ɣ] fanút modern perspektyf sterk bûn is oan it kontrast tusken Frysk en Nederlânsk. It like my dêrom nuttich om ien en oar wat yn in (histoarysk) perspektyf te setten. Dan blykt alles soms net sa swart-wyt te wêzen.
De /g/ en /sk/ wurde yn it Frysk oan it begjin fan in wurd ornaris as [g] en [sk] útsprutsen, wylst de spirantyske útspraak mei [ɣ] (yn de RND as [χ]) en [sç] of [sχ] as typysk foar de eilândialekten (Skylge en Skier) jilde. De dialektatlassen út de 20e iuw jouwe foar de eilannen oars in mingd byld dat yn foech 30 jier hjir en dêr ek noch feroaringen (of gewoan fariaasje?) sjen lit:
RND (1955) | FAND (1988) | |||
Skier | [sχ] | [g] | [sχ] | [g] |
Aasterein (Skg.) | [sk]/[sx] | [g] | [sx] | [χ]/[g] |
West (Skg.) | [sχ] | [χ]/[g] | [sχ] | [χ] |
Midslâns (Skg.) | [sχ] | [g] | [sχ] | [χ] |
Amelân | [sk] | [g] | [sk] | [g] |
Oer it ginneraal sjogge wy mear spirantyske útspraken yn 1988 as yn 1955.[1]
Foar de fêstewâl wurdt Bantegea wol neamd as hoeke dêr’t de útspraak [ɣri.ən] foar grien húsriem wêze soe, mar fierders jildt de [ɣ] oan it begjin fan in wurd as ûnfrysk. Dat wurdt befestige, sa’t it liket, troch Johan Winkler (1874: 465) dy’t yn syn beskriuwing fan it Stedsk skriuwt: “Ook de zuivere uitspraak der g (als in de friesche taal en in ‘t fransche guerre […]) behoudt steeds het veld in den mond der friesche stedelingen.” En fierderop: “[…] de sch als sk, alles geheel op friesche wijze […]”. Fia dit kommentaar op de útspraak fan it Stedsk krije wy sa ek ynformaasje oer de Fryske útspraak. Neffens Winkler wiene [g] en [sk] de gewoane Fryske útspraak.
In hiel oar byld út de lette 19e iuw krije wy by Siebs (1889, 1901) dat basearre is op syn fjildwurk út 1886.
Siebs skriuwt oer beide lûden yn 1901:
As Siebs yn it stikje oer de /sk/ skriuwt oer de dialekten “des Zuidhoeks” doelt er benammen op de Súderseeplakken Hylpen en Warkum, wylst er foar de Wâlden feitlik – spitigernôch – inkeld Damwâld (Moarmwâld) hat.[2]
Siebs syn opjeften wurde stipe troch de transkripsje dy’t Ehrentraut yn 1847 makke fan Tsjalling Halbertsma, de soan fan Eeltsje, dy’t him yn dat jier yn Jever opsocht.[3] Ehrentraut wie in baas harker en jout yn wurden mei /sk/ konsekwint <sch>, bgl.: <schip>, < beschî’nt> foar skip, beskynt. Foar de /g/ staveret er yn de regel <g>, mar dat teken brûkt er ek foar de /g/ yn inlaut, dy’t [ɣ] wie (sa ek útdruklik Siebs en no dus noch). Itselde teken brûkte er foar it Wangereagersk dêr’t de sprirantyske útspraak foar fêststiet (Siebs 1901: 1295–96). Foar de [g] brûkt Ehrentraut <ɡ> (Ehrentraut 1849: 5). Nêst de gefallen mei <g> staveret er yn in oantal wurden in <ch>, bgl. <chóngzeljen> gûnzeljen, <chou> gou, < chî’et> giet (en in pear mear). Dat alles wiist der op dat Tsjalling foar beide fonemen oan it wurdbegjin in sprirantyske útspraak brûkte. Dy útspraak wie yn 1886 blykber net in hiel resint ferskynsel, want yn 1847 waard er dus al brûkt. Dêrby falt op dat Grou op de kaart fan it Siebs-materiaal krekt dominant útspraken mei ploffers hat. No wite wy net – of alteast net by my bekend – hokfoar ynformanten Siebs hie: hoe keas er dy, hie der mear as ien ynformant per plak, hoe gie der om mei yntrasprekkerfariaasje? Oan syn beskriuwing falt ôf te lêzen dat er yn alle gefallen fariaasje per plak gewoan meinaam.
Foar de tiid foar de 19e iuw wurdt it lestich om nei te gean. Gysbert Japicx skriuwt bgl. hieltyd <sch> mar yn syn stikje oer de útspraak seit er spitigernôch inkeld wat oer de lûden. Fierders is my yn it materiaal foar 1800 net wat opfallen dat in oanwizing jaan soe.[4] De stavering <sk> komt amper foar.
Der binne ek oanwizingen, yn alle gefallen by de /sk/, dat wy mei in fonetysk kontinuum te krijen hawwe. Sa’n foech ‘tuskenlûd’ haw ik sels wol heard yn de útspraak fan Pieter Larooij (Balk, *1910). Oer it dialekt fan Urk, net fier fan Fryslân ôf, falt te lêzen:
Sk. De oorspronkelijke klankcombinatie is hier bewaard, met dien verstande dat de k meer als explosief klinkt dan de zuivere fricatief van het A.B. ndl., maar toch niet gelijk gesteld kan worden met de zuiver expolosieve k in andere posities.
(Daan 1990: 287)
Bij sch (sk) volgt de tweede klank na een afsluitingstijd op den eersten, de explosie is echter niet steeds even duidelijk, zoodat men soms den indruk krijgt, dan men hier te doen heeft met een fricatief, voorafgegaan door een afsluiting. (Men vergel. Eykman, Het dialect van Hindeloopen.)
(Daan 1990: 300)
Myn pake, dy’t fan Urk kaam (*1910), hat ris wat dingen yn it Urkers foar my opskreaun en dêr de stavering <sch> brûkt. Hy wie net taalkundich ûnderlein, mar blykber joech dat foar him it bêste syn útspraak wer. Nijsgjirrich is dat Eykman wat soartgelikens yn Hylpen fûn hat,[5] wylst Siebs foar Hylpen krekt wer inkeld [sk] jout.
Ynstee fan twa dúdlike ferskillende útspraken kinne wy dus better rekkenje mei in fonetysk kontinuum, dat rûn fan [sχ] oant [sk], mei frij grutte fariaasjebridte per wurd en per sprekker. De kaarten fan Siebs jouwe dêrom nei alle gedachten benammen de tafallige binêre tawizing fan Siebs oan de iene as de oare ekstreme ynterpretaasje wer. Geografysk wie der dus folle minder te rêden, allinnich line de útspraak op de eilannen faaks wat sterker de spirantyske kant oer, wylst yn it hert fan Fryslân it spirantyske karakter swakker wie (Eykman?). Yn de rin fan de 20e iuw ûntstiet dan in skerpere fonetyske opposysje. Wat soartgelikens wie dan moolk ek mei de /g/ te rêden, al haw ik dêr no minder konkrete oanwizingen foar. Hoe âld at dy (heal-)spirantyske útspraak yn Fryslân wie, falt net folle oer te sizzen, mar yn alle gefallen yn de 19e iuw liket er frij gongber te wêzen.
[1] Der is wat nuvers mei de stavering yn de RND: oeral stiet <ɡ> ek binnen yn it wurd en blykber wurdt dat brûkt foar [g] en [ɣ]. Yn Ychten (sin 49) ferskynt dan wol in kear <ətχlɛ.əz>, dat it liket dat de stimleaze rûzer al apart oanjûn is. Spitigernôch kin ik de siden mei de útlis oer de transkripsje net fine yn de RND-ynternetferzje.
[2] Net yn de kaart binne noch trije opjeften foar Bakkefean: 1 x [g], 2 x [ɣ], en ien kear [ɣ] yn Driezum. Foar de plakken op de kaart giet it om tusken de 14 en 70 tokens per plak.
[3] Oantekens yn it argyf fan it Mariengymnasium (Jever). Op de kopyen dy’t op de FA lizze op de siden 448.3-10.
[4] It iennichste dat my yn it sin komt is in klucht mei in Dútstalige (ik wit net mear hokker), dy’t <k> brûkt foar /g/, wat in oanwizing wêze kin foar de útspraak as ploffer mar likegoed op it Dútsk weromfierd wurde kin.
[5] Ik ha spitigernôch hjir gjin tagong ta it boek.
Boarnen
Daan, Jo. 1990. Urk: het dialect van Urk (Flevo profiel 4). Zutphen: De Walburg Pers.
Ehrentraut, Heinrich Georg. 1849. Friesisches Archiv. Eine Zeitschrift für friesische Geschichte und Sprache. Vol. I. Oldenburg: Rudolf Schwarz.
Siebs, Theodor. 1889. Zur Geschichte der englisch-friesischen Sprache. Halle a/d Saale: Max Niemeyer. http://www.archive.org/details/zurgeschiehtede00siebgoog. (19 November, 2011).
Siebs, Theodor. 1901. Geschichte der friesischen Sprache. In Hermann Paul (ed.), Grundriss der Germanischen Philologie, vol. 1, 1152–1464. 2nd edn. Strassburg: Trübner.
Winkler, Johann. 1874. Algemeen Nederduitsch en Friesch Dialecticon. Vol. I. ’s Gravenhage: Martinus Nijhoff. http://www.dbnl.org/tekst/wink007alge01_01/.
Henk Wolf zegt
Hoi Arjen,
It foel my yn de ûndersteande opname op dat yn Himmelum om 1970 hinne blykber [sX] sein waard. Tusken 04:00 en 04:16 wurdt twa kear “schuile” sein (alteast, sa heart it foar my) yn de betsjutting fan “skoalle”. Om 05:08 hinne wurdt lykwols “skwalle” sein en op 15:13 is it wer “schuile”.
https://ndb.meertens.knaw.nl/soundbites.php?p=F029p
Groetnis fan Henk