Masteroersetter en twafâldich Obe Postmapriis-winner Klaas Bruinsma (1931-2018) sette in hiel soad út de wei. Fan him ferskynden tal fan publikaasjes. Syn ûnbidich grutte argyf, tritich ferhúsdoazen, leit by Tresoar en as as frijwilliger ha ik besocht dat te oarderjen.
Hoe yn de goedichheid begjinne jo oan sa’n kerwei? De doazen wienen net bepaald systematysk ynpakt. Yn grutte halen bestie it materiaal út boeken en papieren, al of net yn mappen en fierder oare saken, lykas tydskriften, oarkondes, foto’s, lûddragers en petten. Syn boeken kinne yn trije skiften ferdield wurde: al oanwêzich yn de kolleksje fan Tresoar (dat moat dus neigien wurde en dat wienen de measte), se sitte net yn de kolleksje (dat is in ferrassing, alhielendal as it bysûndere eksimplaren binne) en boeken mei oantekeningen, opdrachten en ex-librissen (dy komme yn de kolleksje as dokumintboeken).
Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettingen nei it Frysk út alderhande talen en fan alderhande soarten literatuer, fan de âlde Griken, it Middel-Nederlânsk, Spaansk toaniel en poëzy oant en mei Maaie fan Herman Gorter. It lei yn de reden om yn de folgjende faze alles fan de mappen en papieren te skiftsjen op boarnetaal en auteur. Dat ha ik dien sûnder te sjen nei dûbelde eksimplaren en ferskillende ferzjes. Efterôf die bliken dat dat in goede wurkwize wie, want wat wienen der in soad eksimplaren fan itselde wurk yn in grut ferskaat fan mappen en bondels. Goed om te witten is dat Bruinsma foar gewoante hie earst in kladoersetting te meitsjen mei de pinne op losse fellen kladpapier, meastal sûnder sidenûmering. Dan waard de tekst oertypt mei rigel- en sidenûmers mei boppe oan de side in ôfkoarting fan de titel, bygelyks ‘STT’ (Sophocles Trije Trageedzjes).
Foar in goed begryp is it ek goed om te witten dat Bruinsma noch folslein wurke hat yn it typmasinetiidrek en sels dy masine wie him te technysk: hy makke de letters noait skjin en ferwiksele noait in lint, leaver kocht er dan in nije masine. Wol liet er de weareld oan kopyen fan syn typoskripten meitsje, oeral wêr’t dat mar mooglik wie en dy waarden dan omstjoerd nei útjouwers en oare belangstellenden om in merk foar syn oersettingen te kreëarjen. Dat dat mei syn soarte fan wurk net maklik wie, seit himsels. It is dan ek in wûnder en mei tanksij syn úthâlden, dat der noch safolle yn boekfoarm ferskynd is. Al dy kopyen sieten yn dy doazen mei fangefolgen dat fan dy tritich ferhúsdoazen mear as hûndert argyfdoazen fol rekken, mar ek dat ik doe oersjoch hie fan de komplete kolleksje. In apart skift dêryn foarmet it gelegenheidswurk fan teksten en gedichten by offisjele gelegenheden lykas tsjerketsjinsten en iepeningen oant Bruinsma syn ferneamde ‘servette-en bierfiltsjewurk’: by elke gearkomste, elk reiske of iterijke kwattele er wol wat op papier en graach of net, elkenien soe it hearre.
Doe koe de twadde skifting begjinne: it út de doazen heljen fan alle dûbelde eksimplaren, kranteknipsels (alle kranten binne ommers digitaal te rieplachtsjen), it út de mappen en plestik heljen fan it wurk en it oerbleaune materiaal yn soerfrije mappen dwaan. It gefolch is dan in bult âld papier en in steapel kartonnen en plestik mappen dy’t fuort kinne en in moai opskjinne en rubrisearre kolleksje. By sok wurk docht bliken dat der noch wol mear te ‘finetunen’ wie en dat der noch in hiel soad oerbliuwt by it neiswyljen: wat heart by wat en hoe diele je dat yn? Al dy gelegenheidsdingen krigen geandewei in tema, bygelyks reizen, Alde Fryske Tsjerken, privee, iepeningen, oanbiedingen. Sawat itselde jildt foar de korrespondinsje, mei ynstânsjes, útjouwerijen, ynformanten, freonen en kunde. In apart skift foarmje de programma’s fan konserten en foarstellings, al of net mei bydragen fan Bruinsma en altyd mei korreksjes dy’t er yn de tekst oanbrocht. Hy foel elkenien op ’e lea mei opmerkingen oer taal- en staveringsflaters en troch syn wurkwize mei de typmasine, en yn it begjin ek wurk yn hânskrift, moasten der hiele lange listen mei setflaters makke wurde, dy’t faak noch ferlet hienen fan in twadde ronde. De fersuchting fan útjouwers oer it net brûken fan de kompjûter bin ik faak tsjinkaam yn de korrespondinsje.
Nei dit skiftsjen wurde de doazen foarsjoen fan etiketten, neffens it offisjele systeem fan beskriuwing fan argyfmateriaal. En dêrnei moat alles noch ynfierd wurde, sadat elk it fine kin yn de katalogus, wrâldwiid.
Dit artikel is publisearre yn Letterhoeke 1-2024.
Laat een reactie achter