Ynsjoch yn dyn taalgedrach en taalgewoantes
Yn de skoallekrante Inktzwam 11, 4, 1976: 7 fan it Nassau [no Bornego] College op It Hearrenfean haw ik it stikje ‘Praet mar Frysk’ (yn de âlde stavering) skreaun oer it hâlden fan in twatalich petear en wat dêr anneks mei is. Ik siet doe sels mei de fraach nei de taalkar: yn wat taal begjinne jo tsjin in ûnbekende; yn it Frysk of yn it Nederlânsk? Ik fûn nammentlik út dat as jo yn sa’n situaasje yn it Nederlânsk begjinne en dêryn trochgeane, dat jo by in foute kar – want de oare blykt úteinlik ek Frysktalich -, der in raar gefoel oan oerhâlde. Om dat gefoel tefoaren te kommen waard myn taktyk om tenei yn it Frysk te begjinnen, want dan fûnen jo dat gau genôch út. Letter wie foar my ferstean fan it Frysk troch de oansprutsen persoan moai genôch; elk koe sa syn eigen taal prate. Myn advys wie doe oan myn meilearlingen: ‘PRAET MAR FRYSK, ek tsjin net-Fryskpraters.’
Dat de fraach nei de taalkar en it twatalich petear nei sa’n heale iuw noch altyd aktueel is, docht bliken út de kursus dy’t de afûk no yn de oanbieding hat:
Psychology fan dyn taal; ynsjoch yn dyn taalgedrach en taalgewoantes:
‘Tinksto der wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy.’
Ik fûn dat noch hieltyd nijsgjirrich en bin dêrom op 7 maart lêst lyn nei sa’n workshop op It Hearrenfean gongen. De kursuslieder Karin de Jong kaam mei in trochtocht programma dat de afûk yn oerlis mei Ierlân, Wales, Katalûnje en Hongarije gearstald hie, want ‘Switche is in universeel fenomeen’. Ut de reaksjes by it earste punt ‘Ynchecke’ kamen út it groepke fan sa’n tsien dielnimmers yndie deselde soarte fan fragen en opmerkingen. ‘Wêrom begjin ik yn in winkel yn it Nederlânsk’, ‘As ik neitiid útfyn dat ien ek Frysk prate kin, wêrom ha wy dan Nederlânsk praat’ en ‘Ik kin net Frysk prate tsjin ien dy’t net Frysk werompraat’. It begjint al op ‘e dyk mei it groetsjen, ûnbewust dogge in soad Frysktaligen dat yn it Nederlânsk. Sels dy middeis kaam ien de kursusromte yn mei ‘Goedemiddag’! De minsken kamen yn in fisieuze sirkel terjochte dêr’t se faak net maklik útkamen. It liket allegear op de ‘automatyske piloat’ te gean dy’t net maklik út te skeakeljen wie. Mei in skema liet De Jong sjen hoe’t dat psychologysk wurke.
It oerstappen op of it kiezen foar it Nederlânsk tsjin in ûnbekende troch dy selssinsuer liedt ta in gewoante om tsjin dy persoan dêryn troch te gean en dat ropt wer in ûnbefredigjend gefoel op. De fraach is no hoe út dy sirkel te kommen? Wat middels binne dêrfoar?
Mei kognitive hanfetten (1) wurdt hjirboppe benammen bedoeld dat men jin bewust wurde moat fan wat jo ûnbewust oannimme dat bygelyks peroaniel yn de winkels op it Feen of yn Ljouwert gjin Frysk ferstean kinne en konstatearje dat dat in rare oanname is, want út ûndersyk komt nei foaren dat 95 prosint seit Frysk te ferstean. Mei de kommunikaasjehanfetten (2) wurdt bedoeld dat men jin yn jins lichemhâlding en blikken posityf, útnûgjend en selsfersekere opstelle moat; it oansprekken yn it Frysk kin dan minder maklik as fijannich ‘framed’ (ynskatten) wurde. Net te gau sizze dat it dyn rjocht is om Frysk te praten, mar wol assertyf wêze: beslist mar freonlik. Dan moat men de beslissing nimme om wol yn dy winkels yn it Frysk te begjinnen. Mei dy hâlding kin de de situaasje omdraaid wurde.
Ut de op dy wize opboude taalbewustheid kin de fisieuze sirkel trochbrutsen en omdraaid wurde. Do begjinst mei sin yn it Frysk, it wurdt sa stadichoan in gewoante om it Frysk fêst te hâlden en dat jout in goed gefoel. Mar foardat it safier is, moat men wol in plan betinke om in taalkrúspunt oer te stekken. Wat kant wolsto út?
Do kinst ferskillende paden ynslaan al neigeraden’t de antwurden op de neikommende oertinkingen:
De earste trije obstakels binne it maklikst te oerwinnen, de fjirde, it net Frysk werompraten, is al in aardich grut, mar ek in oer te kommen probleem, de lêste twa, as de oansprutsen persoan mei safolle wurden in feto op it Frysk praten útsprekt, kinne al in net te nimmen barjêre opsmite:
- Wês dy bewust fan hoe’tsto stjoerd wurdst troch dyn earste yndruk fan de ûnbekende situaasje; is formaliteit in ‘trigger’ om net foar it Frysk te kiezen, binne de klean of oare uterlike saken fan ien bepalend of is de kleur fan de oansprutsen persoan foar dy in ûnbewuste oanwizing?
- Ut de reaksje fan de oansprutsen persoan kin it idee ûntstean dat de oar dy net (hielendal) ferstiet; tinksto dat al gau, dan soest kieze kinne om it noch in kear (wat stadiger/lûder) te sizzen of eksplisyt te freegjen: Begripe jo?
- Do hearst dat de oar Frysk mei in aksint of breklik praat, mar dat kin maklik in oerstappen útlokje (al hat net maklik praten op himsels neat mei net ferstean te krijen);
- De oar seit dat er it net praat, dat ek wer in oerstappen útlokje kin;
- De oar seit dat er it net ferstiet, mar yn hokker situaasje is dat; bisto klant dy’t op in fatsoenlike betsjinning rekkenje mei of is it in toerist dy’t net yn Fryslân wennet?
- In oar kin dy freegje op it Nederlânsk oer te stappen ‘Je mag wel Nederlands tegen mij spreken!’ Is dat in superieur op dyn wurk of is dat in hema-kasjêre?
Ut al dy oertinkingen kin in algemien plan fuortkomme dêr’t in persoanlike gewoante út ûntstean kin; elk moat dêrby sels syn/har eigen grinzen stelle.
Iksels lei dy grins neffens ien fan de oanwêzigen te fier troch der fan út te gean dat elk yn Fryslân Frysk ferstiet, alteast heart te ferstean of it moat in útsûnderlike situaasje fan in toerist of sa wêze. Ik soe neffens him tefolle fan mysels útgean; ik wie net gastfrij, de opmerking ‘ûnfatsoenlik’ waard noch krekt net makke! It wie fuortdaliks in yllustratyf foarbyld fan hoe’t minsken harsels (en oare Fryskpraters!) út gewoante sinsurearje kinne. Sa’n kursus kin in begjin fan taalgedrachshâlding wêze, it taalgedrach sels is dêrnei noch wol in dinkje…..
Neiskrift
Fan de Afûk hearde ik dat der by neifraach oer taalgedrach nei de kursus sa no en dan lûden kamen dat minsken no yndie de sprong weagen te meitsjen en feroarje har taalgedrach!
Laat een reactie achter