Op 2 maaie stiet der in pilotgearkomste pland foar in kursus Gaasterlânsk. By genôch animo jou ik de kursus yn maaie en juny yn ’e biblioteek yn Balk. In parseberjocht is op syn plak. Dêrfan fine jimme lykwols alle ynformaasje op ’e webside fan ’e biblioteek. (Pilotbijeenkomst, z.d.) Ik tocht, ik weagje my hjir ris oan in dialektologysk fergelykjend ûndersyk mei in mear provisoaryske as profesjonele ynslach. Even it Gaasterlânsk útljochtsje tusken oare soarten Súdwesthoeksk Frysk. Te begripen mei in lichte toan.
Yn dit stik begjin ik mei wat achtergrûn oer it Gaasterlânsk en de Levenshtein-metoade dy’t de ôfstân mjit tusken tekenreeksen. Dy metoade is goed yn te setten foar taalferskaat. Ynteressant dêrby is in webside dy’t dy ôfstân online mjit. Ik ljochtsje myn lyts korpus ta dat ik ynset. Myn oanpak kom ik ek op. Ik jou oan hokker dialekten en hokker ynstellingen op ’e webside oft ik brûkt haw. Yn ’e resultaten kom ik dan mei in figuer dêr’t de ôfstân tusken de dialekten yn ynsichtlik wurdt. Ik slút ôf mei hoefolle ferskil oft der sit tusken bepaalde dialekten fan it Frysk en it Nederlânsk. It stik jout in yndruk fan it Gaasterlânsk, de Levenshtein-metoade en de online applikaasje foar dy metoade.
Achtergrûn
Der binne trije haaddialekten fan it Frysk fan provinsje Fryslân: Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk Frysk. Of ek noch Noardeasthoeksk Frysk as fjirde. Sjoch ek Hof (1933). Yn it Súdwesthoeksk Frysk is it net skoalle en skuon, mar sköle en skunnen. Der is ek noch ferskaat yn sa’n dialektgebiet. Yn it Súdwesthoeksk Frysk is der it Lemsters fan ’e Lemmer bygelyks. Dêr wurde de wurden skriuwe en sinne: skrûje en sonne. Sels kom ik út Sint-Nyk en sprek ik se út as skrûwe en sinne. It Gaasterlânsk fan Balk of Murns hat: skriuwe en sonne. Oerienkomsten en ferskillen dus.
Yn ’e line fan Heeringa (2004) pak ik der wat dialektfarianten by en fergelykje ik dy mei-inoar. Dat doch ik oan ’e hân fan ’e Levenshtein-metoade (Levenshtein, 1966). Dy mjit de ôfstân dy’t bepaalde reeksen ûnderinoar hawwe. It is in algoritme dat it minste oantal feroaringen telt dy’t nedich binne om fan ’e iene reeks nei de oare te kommen. Dy feroaringen kinne ferwikselingen, ynfoegingen en wat fuorthelje wêze (Kruskal, 1999 by Heeringa, 2004, p. 5). Tink oan ’e útspraken net en nit dy’t ien letter ferskille. Kessler (1995) past it dan ta op Ierske dialekten. Ik doch dit graach mei it Nederlânsk, Klaaifrysk, Wâldfrysk en de earder neamde soarten Súdwesthoeksk Frysk.
Om it mysels wat makliker te meitsjen haw ik de online app fan Heeringa en syn kollega’s (2023) brûkt. By de metoade jou ik ta watfoar ynstellingen ik brûkt haw. Dêr gean ik net fierder op yn. It giet my mear om ’e tagonklikens fan Heeringa-en-dy har side. Njonken de fokus op it Gaasterlânsk. Der komt in moai plaatsje út. Dêr falt út op te meitsjen hoe grut oft de ôfstân is tusken in dialektfariant of -kluster en syn meast gelikense buortaal.
Korpus
Foar it korpus haw ik socht om in stik fan in tekst dy’t tusken taalgebrûk fan alle dagen en hiel literêr of wittenskiplik taalgebrûk siet. Ik fûn in ynterview fan Aant Mulder mei Gerrie Bergsma wol geskikt. It siet my noch yn it ûnthâld om’t ik it sels op stavering neisjoen hie. Dit stik haw ik derút nommen.
‘It wie dus in lyts dörpke en dêrtroch koene we de minsken dy der wennen allegêre. Wij wennen yn de Raadhússtrutte en dêr wennen allegêre grutte húshâldingen. Wij hiene dus börtersmaten genôch. Wij bouden hutten boppe de Binge, tipelen mei de jonges en bosteren op it skölplein. Natuerlik dûngen we ik oan baljen sjin de murre, hinkeljen, blikspuit en topjen.
(Mulder, 2020, p. 19)
Ik bin noch út de tiid dat we gin wc’s hiene. De measte minsken hiene in tontsje achterhús! Dat wie in houten hokje mei in houten planke mei in gat deryn. Dêrûnder stong in tontsje. It oufaaien gebeurde mei de krante fan juster. Dat tontsje wör alle wiken ophelle en der kwam in lege tonne för yn it plak. Dat dûngen de ‘jiskebearen’, de mannen dy dat wurk foar de gemeente dûngen.
As we om in bödskip stjoerd wören, dan wie it: “Helje es in healpûn sûker” of sa. Nit sa as no: de karre oerfol met bödskippen. Nei sköle ta wie ik heel oars as hjoed-de-dei. Wij hiene in hoofdmeester dy, asto it nit goed snaptest, raasde fan: “It giet dy der hjir yn (en dan wiisde er op syn ear) en dêr wer út.” (wizende op syn oare ear). Nee, in heel ferskil bij it ûnderwiis fan no. Gelokkich mar.’
Ik haw it oerset nei in stavering fan it Standertfrysk. En de dûbeling fan wurden derút helle. Dat it giet om de folgjende wurden:
it wie dus in lyts doarpke en dêrtroch koene we de minsken dy’t der wennen allegearre wy yn ’e riedhûs strjitte dêr grutte húshâldingen hiene boartersmaten genôch bouden hutten boppe Binge tipelen mei jonges bosteren op skoalplein fansels diene ek oan baljen tsjin muorre hinkeljen blikspuit topjen ik bin noch út tiid dat gjin wc’s measte tontsje achter hûs houten hokje planke gat deryn dêrûnder stie ôffeien barde krante fan juster waard alle wiken ophelle kaam lege tonne foar plak jiskebearen manlju wurk gemeente as om boadskip stjoerd waarden dan helje ris healpûn sûker of sa net no karre oerfol boadskippen nei skoalle ta hiel oars hjoed dei haadmaster asto goed snaptest raasde giet dy hjir wiisde er syn ear wer wizende oare nee ferskil by ûnderwiis gelokkich mar
Metoade
De wurden fan niis haw ik werjûn yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA). Yn tabel 1 lit ik sjen hoe’t ik de dialekten definearre haw. By it Nederlânsk haw ik gebrûk makke fan in Standertnederlânske útspraak. Klaaifrysk haw ik basearre op geef Standertfrysk mei de wurden by, plein en boarters as bij, plain, bwarters. Foar it Wâldfrysk haw ik in bepaalde frou fan yn ’e tweintich frege: by, plijn, bjarters.
De farianten fan it Súdwesthoeksk Frysk ha oer it generaal: bij, plåin en börters. Nijer Lemsters is lykas yn it Lemster wurdboek dat ik basearre haw op in Lemster fan middelbere jierren (Hut, 2022). By âlder Lemsters hâld ik rekken mei ien fan in heale iuw lyn: bij is dan noch bee. Fergelykje in opname fan in Lemster yn 1972 (Nederlandse Dialectenbank, z.d.) en in Lemster liet dêr’t it wurd see op wy rimet (Hut, 2022, p. 85). Sint-Nyksters is hoe’t ik no yn ’e tweintich alles sels sizze soe as ik net brijke. Dêr’t Balk stiet, haw ik de foarmen fan it ynterview brûkt. By Murns haw ik yn ’e achterholle holden hoe’t ús mem praat.
Dialekt / taal | Ferzje / âldens | No of eartiids | Oarsprong data |
Nederlânsk | Standert | No | Ut it ûnthâld |
Klaaifrysk | Standert | No | Ut it ûnthâld |
Wâldfrysk | 20-30 jier | No | Befrege |
Sint-Nyk | 20-30 jier | No | Befrege |
Lemmer Ald | 30+ jier | Eartiids | Ut it ûnthâld |
Lemmer Nij | 50+ jier | No | Ut it ûnthâld |
Balk | 50+ jier | No | Lêzen |
Murns | 50+ jier | No | Ut it ûnthâld |
Nei it transkribearjen haw ik de data uploaden yn LED-A (W. Heeringa et al., 2023). Understeande opsjes haw ik brûkt, sjoch tabel 2. Dat sa goed as mooglik yn neifolging fan Heeringa (2004). Sa fier oft ik sjen kin, meitsje de ynstellingen foar de grutte linen net bot út. Ek al feroaret it figuer yn ’e resultaten der wol fan.
Kopke | Keazen opsjes |
Method | A&B cost ≤ 1 |
Explorative method | Cluster analysis |
Cluster method | UPGMA |
Extra allowed segment alignments | i/j/u/w versus anything |
Process | Length Diacritics |
Normalization of word pair distances | Divide by alignment length |
Measurements are based on | Whole words |
Resultaten
Fierst alles yn? Dan krijst úteinlik ûndersteande figuer. It hjit fan in dendrogram. It jout de ôfstân fan in (streek)taal wer mei de meast gelikense (streek)taal. Súdwesthoeksk Fryske dialekten steane yn it blau. Yn folchoarder fan grutte nei lytse ferskillen binne dit: Nederlânsk – Frysk, Súdwesthoeksk Frysk – oar Frysk, Wâldfrysk – Klaaifrysk, Lemsters – oar Súdwesthoeksk Frysk, fierdere spesifikaasjes.
Konklúzje
Net allinnich de toan fan dit stik is net wiidweidich. Der sit mear oan dat yn ferfolchûndersyk fierder út te djipjen is. It oantal persoanen dat yn feite befrege is, kin foars omheech. Op dy manier kinne better persoanlike ferskillen derút filtere wurde. Ynstee fan it brijkjen fan ûndertekene net mei te nimmen. Dit stik is allinnich om even te prikkeljen en nijsgjirrich te meitsjen.
Der is noch wol wat út ’e resultaten te heljen. It fernuveret net dat yn figuer 1 de talen Nederlânsk en Frysk it meast faninoar ôfwike. Dêrnei de haaddialekten fan in Frysk faninoar. Fan it Lemsters wie my bekend dat it mear fan oar Súdwesthoeksk ôf stiet. Dat is moai befêstige troch it plaatsje dat út LED-A rôle. Ynteressant! Op it stuit stiet der noch net in soad útlis by op ’e webside. Hoe moai soe it wêze as it foar noch krekt wat mear minsken tagonklik wie.
O ja! En jou dy op foar de pilotgearkomste yn Balk. Oant dan!
Boarnen
Heeringa, W. J. (2004). Measuring Dialect Pronunciation Differences using Levenshtein Distance [Rijksuniversiteit Groningen]. https://pure.rug.nl/ws/portalfiles/portal/9800656/thesis.pdf
Heeringa, W., Van Heuven, V., & Van de Velde, H. (2023). LED-A: Levenshtein Edit Distance App [Software]. https://www.led-a.org/
Hof, J. J. (1933). Friesche dialectgeographie. Martinus Nijhoff.
Hut, J. (2022). Lemster wurdboek. Stichting Oud Lemmer.
Kessler, B. (1995). Computational dialectology in Irish Gaelic. In Proceedings of the 7th conference of the European Chapter of the Association for Computational Linguistics (pp. 60-67). European Chapter of the Association for Computational Linguistics.
Levenshtein, V. I. (1966). Binary codes capable of correcting deletions, insertions, and reversals. Cybernetics and Control Theory, 707-710.
Mulder, A. (2020). Praat mar Súdhoeks: Fan börtersmaten en bödskippen. De Nije, 2(3), 18-21.
Nederlandse Dialectenbank. (z.d.). Nederlandse Dialectenbank. Geraadpleegd 22 april 2024, van https://ndb.meertens.knaw.nl/soundbites.php?p=F038p
Pilotbijeenkomst cursus Gaasterlands | donderdag 2 mei 2024 | Bibliotheken Mar en Fean. (z.d.). De Bibliotheek. Geraadpleegd 21 april 2024, van https://bmf.op-shop.nl/2736/pilotbijeenkomst-cursus-gaasterlands/02-05-2024
Joël Hut zegt
Bist net mear op ’e tiid foar de gearkomste? Klik dan wol noch troch op ’e link! Dêr kinst in enkête oer de kursus ynfolje. Sa witte wy oft dêr animo foar is.
Martijn Kingma zegt
Nijsgjirrich stikje! At der nochris in ronde fan de kursus komt, soe ik der graach by oanslute.