• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Learlingen op útwikseling yn Baskelân foar WikiWomen-projekt

7 mei 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Learlingen nei Donostia, Baskelân, foar nije artikels oer belangrike Fryske, Baskyske en Ierske froulju

Yn april gienen acht learlingen fan de Havotop yn Burgum op útwikseling yn Baskelân yn it ramt fan it projekt WikiWomen. WikiWomen is in gearwurking fan Fryske, Ierske en Baskyske organisaasjes om lesmateriaal te ûntwikkeljen foar it fuortset ûnderwiis, wêryn’t learlingen digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden opdogge troch Wikipedy-artikels te skriuwen.

Oanlieding ta it projekt is de gender gap op Wikipedy (Wikipedia): yn de Wikipedy’s yn de measte talen giet sa’n 80 prosint fan de biografyen oer manlju, en mar sa’n 20 prosint oer froulju. Om dat gat te tichtsjen, mar ek om mear artikels yn de minderheidstaal op Wikipedy te krijen, skriuwe learlingen op middelbere skoallen artikels foar op Wikipedy. Tagelyk dogge se dêrmei digitale -, skriuw- en ûndersyksfeardichheden op.

De dosinten en learlingen fan it Drachtster Lyceum en de Havotop yn Burgum helpe mei om de lesmaterialen te testen by it ûntwikkeljen derfan. Dat bart ûnder oaren op sa’n útwikseling lykas ferline wike. Sintraal op dy útwikseling stienen de artikels dy’t de learlingen sels al skreaun hienen, bygelyks oer Wyts Juwsma of Linda Terpstra, mar ek it skriuwen fan nije artikels oer Baskyske Wikipedy-weardige froulju.

Dêrfoar gie de groep Fryske, Ierske en Baskyske learlingen nei de tentoanstelling Larruak eta izurrak ta, mei moderne keunst makke troch froulike Baskyske keunstners. Dêrnei wurken alle learlingen mei-inoar gear om oer dy keunstners nije Wikipedy-artikels te skriuwen: yn it Ingelsk, Frysk, Iersk én Baskysk. Neist it wurkjen mei Wikipedy en it skriuwen fan nije artikels, smiet de útwikseling nóch wat weardefols op: it opdwaan fan ynterkulturele kompetinsjes. Sa hawwe se leard oer inoars lânskip, muzyk, iten en gewoanten op ferskate útstapkes. Yn de omgong mei learlingen út oare kultueren kamen se pas echt tsjin wat harren kultuer eigen makket.

Yn novimber komme de Baskyske en Ierske learlingen nei Fryslân ta om it projekt mei-inoar ôf te sluten. It (les)materiaal dat it WikiWomen-projekt opsmyt, sil ein dit jier foar alle skoallen yn Fryslân beskikber wêze troch de Fryske lesmetoade Searje 36 en fia Wikipedia, minority languages and the gender gap | WikiWomen.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Frysk yn it ûnderwiis, minderheidstaal, Wikipedia

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d