By it ferskinen fan: Sytse Buwalda, Grammatica van het Bildts. Sint Annaparochie 2024.
Yn Op syn Meslânzers (1 april ll.) gie it ûnder oare oer de ûnbekende oarsprong(en) en ûntsteanstiid fan dit Hollânske dialekt op Fryske grûn. By in oar lid fan dy famylje oan de foaroerlizzende kant fan it Waad binne beide gjin inkeld probleem. De komst is mei de ynpoldering fan de opslike Middelsee goed fêst te stellen fanwegen de dokumintaasje út dy tiid. Fan febrewaris 1505 ôf kamen de ynpolderders út Hollân del om der foar te soargjen dat de earste dyk tusken 1505 en 1508 lein waard om it gebiet hinne dat op de âldste kaart mei Bilt (1570) oantsjutten wurde soe, letter mei Het (Oud) Bild en úteinlik mei Het Bildt (Frysk: It Bilt). Mei’t it nije lân (hast) sûnder in sittende befolking wie, koe in farske start makke wurde mei de wurklju en de earste hierders fan bûten Fryslân. Lês en huverje no hoe’t yn de skiedskriuwing dêroer net inkeld it lân mar ek de oarsprong fan de taal fan de pioniers weromferovere waard. De lêste publikaasje dy’t dêr (koart) ferslach fan docht, is de krekt ferskynde Grammatica van het Bildts, skreaun troch Sytse Buwalda dy’t dêr al earder (mei oaren) it Woordeboek fan’t Bildts (1996) fan yn it deiljocht jûn hat.
De Hollânske pioniers út de sechtjinde iuw
De heit fan de auteur fan de krekt ferskynde Bilker grammatica, Hotze Sytses Buwalda (1915-1994), hat it earste Bilker skiednisboek Woun op de weagen. It Bildt en syn bewenners (1946) skreaun. Dêryn wurdt it sechtjinde-iuwske begjin en it komôf fan de pioniers sekuer werjûn.
Underwilens hie men de wurksumheden fuortdaliks nei it ôfsluten fan it kontrakt yn 1505 krêftich oanpakt. De fjouwer Hollanners [Thomas Boekelaer en de edelen Jacob, Floris en Dirick Van Wijngaarden, RJ] soargen foar sa’n fyftjinhûndert arbeiders, dy’t nei alle wierskyn foar in great part út de kontreijen fan Dordrecht en út West-Fryslân kamen. (…) Ek de fan Lont, dy’t wy yn it Bildt in bulte oantreffe, is út Noard-Hollân ôfkomstich.
(Buwalda 1946: 12)
Twa oare ûndersikers hienen al earder referearre oan de spesifike groep fan de earste bewenners. Johan Winkler skreau (Dialecticon dl I, 1874: 488) oer ‘Hollandsche landbouwers (…); de afstammelingen van deze Hollanders zijn tot op dezen dag aldaar blijven wonen’ en Gesinus Kloeke wiisde (De Hollandsche expansie in de zestiende en zeventiende eeuw 1927: 61) ek – nêst de fjouwer Hollânske inisjatyfnimmers – op de opsichters: ‘Het feit, dat de leiding in handen van Hollanders was en dat o.a. met den ‘allerbesten meyster, der in Hollandt und Sehelandt seyn sall’ omtrent het maken van sluizen wordt geaccordeerd, wettigt het vermoeden, dat bij dit geheele werk het Hollandsche element, waarschijnlijk vooral onder de opzichters en hoogere rangen, sterk vertegenwoordigd was.’
De ynterpretaasje fan de Hollânske ‘kolonisaasje’
Men soe sizze dat it Hollânske komôf en harren (dialektale) Hollânske taal dúdlik wie.
De eerste bewoners van het Bildt namen hun boers-hollandsche spraak en hun afstammelingen hebben dien tongval tot op heden bewaard en gebruiken dien onderling, zich daardoor scherp van de echte Friezen onderscheidende. De tongval van de Bildtbewoners of Bilkers, zooals men hen in Friesland noemt, is dus een echt hollandsche, en wel een oud hollandsche, uit de vijftiende eeuw. In verloop van tijd evenwel zijn er ook veel friesche woorden en klanken in opgenomen en heeft deze tongval een min of meer friesche tint aangenomen.
(Winkler dl I 1874: 488)
Wobbe de Vries lûkt in heale iuw letter ek de konklúzje dat de taal yn syn gehiel oernommen wie: ‘(…) de taal van Hollanders, gewijzigd door de Friese omgeving, is de grondslag van ’t Bildts; aanvankelijk was de streek tweetalig, maar mettertijd namen de Friezen de Hollander-taal over, (…)’ en ‘Het Bilts zet de taal voort van de niet-Friezen, die vervolgens ook door de Friezen is aangenomen, als èn voornamer èn bruikbaarder in’t verkeer.’ (1927: resp. 205 en 198).
De Vries reagearre op Kloeke syn Hollandsche expansie dy’t krekt it ‘voornamer’ wêzen fan it Hollânsk, it prestiizje as liedend prinsipe hie foar in taalferoaring dy’t linkendewei yn syn wurken gong. De taalkunde fan dy tiid begûn mei Jac van Ginneken en C.B. van Haeringen krekt de sosjaalwittenskiplike ynsichten yn sosjale mobiliteit ta te passen yn de taalkunde; in yndividu wol him safolle mooglik sosjaal ferbetterje, wol ek yn syn taalgebrûk maatskiplik omheech.
De aanleiding tot een verandering der uitspraak der lagere milieus is dus m.i. meestal in de taal der hoogere milieus te zoeken. Deze zijn ook hier toonaangevend in de figuurlijke en letterlijke beteekenis. Is dus bij de klankveranderingen der lagere milieus de eerste stoot al uitgegaan van de toppen der bevolking, hierbij blijft het niet: de taal der hoogere milieus vormt ook een voortdurend correctief op de taal van alle milieus, die daarmee in contact komen, ze oefent een voortdurende remmende kracht uit, een remming, die te grooter is, naarmate de milieus dichter bij den top zijn gelegen.
(Kloeke 1927: 21)
Neffens Kloeke wienen Amsterdam e.o. nammentlik it kultuer-ekonomysk sintrum dat prestiizje oan (de lûden fan) syn taal joech. ‘In de 16de, 17deen 18de eeuw was de Zuiderzee het brandpunt van de Hollandsche handel en scheepvaart en alles wat er omheen lag onderging den sterken invloed der expansieve Hollandsche cultuur; (…).’ Troch de (hannels)kontakten mei de gebieten om de Sudersee hinne waarden de (losse) lûden fan dy taal yn de perifere gebieten suksessyflik oernommen; earst waard it oarspronklik oe-lûd ferfongen troch uu, dêrnei dy wer troch de ui-diftong. As ekspansive weagen spriede dy lûdferoaringen har út oer de dialektkaart om Amsterdam hinne. Dy weagen hienen ek It Bilt oerspield. It Biltsk wie dus foar Kloeke troch ekpânsje, net troch kolonisaasje ûntstien. ‘Volgens mijn opvatting is de normale gang van zaken deze, dat we steeds een actieve en een passieve taal moeten onderscheiden. De verschijnselen der actieve taal hebben de neiging geographisch gesproken om eigenaardig, waaiervormig als het ware, uit te zwermen en over het gebied der passieve taal heen te schuiven [Myn skreanprint, RJ]. Hoe verder we naar de peripherie komen, hoe meer de expansieve kracht van de actieve taal afneemt.’ It foargeande mei yn it algemien dan wol wier wêze, yn it gefal fan It Bilt siet dat dochs oars omdat de aktive taal net oer in passive taal hinne skode, want dy wie der net; it begjin fan it Biltsk wie dy aktive taal sels!
Omdat prestiizje it liedende prinsipe fan Kloeke syn redenearring wie, waard it belang fan de histoaryske komponint, de kolonisaasje troch Hollanners, troch him yn ‘e kiif steld. Dat gong sa.
De taalkundige redeneering zij in zichzelf sluitend en evenzoo neme de geschiedvorsching de resultaten der taalwetenschap eerst dan over, wanneer ze kloppen met het zuiver historisch betoog. Ik acht een woord van waarschuwing op zijn plaats tegen een methode, waarbij maar steeds weer taalkundige conclusies van vèrstrekkenden aard worden getrokken uit weinig losse historische, toponymische of in ’t algemeen niet-linguistische gegevens. Men doet, alsof men een probleem reeds heeft opgelost, dat in werkelijkheid nog niet eens zuiver is gesteld. Men meent de dialecten in vogelvlucht te kunnen overzien en ze als schaakstukken op het dialect-geographische schaakbord te kunnen hanteeren en men beseft daarbij in de verste verte niet, hoeveel we van de dialecten niet weten. We bezitten nog niet eens een zuiver objectieve dialectkaart van één enkel verschijnsel over het geheele Nederlandsche taalgebied (in deze studie is daarmede althans een begin gemaakt) en toch meent men te weten, hoe „de dialecten” zich verplaatsen, uitbreiden en vermengen.”
Dy redenearring dat de skiedskriuwing net tefolle gewicht yn de skealjes jûn wurde moast en it feit dat de dialektkaart fan Hollân noch ûnfoldwaande ynfolle wie, waarden letter troch oare toanoanjaande ûndersikers as Klaas Fokkema (Het Stadsfries 1937: 29) oernommen, en de rest liket skiednis wurden te wêzen. Sa is it Hollânske komôf fan it Biltsk yn de lettere skiedskriuwing oerspield en foar (in grut part) ûnder wetter ferdwûn.
Wat is it plak fan de Grammatica van het Bildts yn dy skiednis?
Sytse Buwalda skriuwt yn de ynlieding fan deGrammatica van het Bildts (s. 13-14) mar hiel koart oer de oarsprong fan de taal fan It Bilt. De oarsprong leit neffens him yn de minging fan de talen fan twa partijen, de Hollânske polderwurkers mei ‘de taal uit hun regio’, en de Friezen mei it Frysk. Dat late ‘uiteindelijk [Myn skeanprint, RJ] tot een nieuwe taal: het Bildts’. De fraach bliuwt dan noch wol oft it om ‘expansie’, om it linkendewei oernimmen fan losse Hollânske wurden yn it Frysk giet of om ‘geïmporteerd Hollands (..), met de nodige wijzigingen en aanpassingen’. De heit fan de auteur, de taalkundige Hotze Buwalda (1915-1994) wie de lêste miening fan ‘import’ tadien. ‘Ik bin d’r stellig fan overtuugd, datde taal fan de Hollanders deur sterke Frise infloed Bildts worren is,’ hellet Sytze him oan yn it familiêr (mei Anne van der Burg) skreaune Woordeboek fan it Bildts. Men mei dêrom oannimme dat de soan dat stânpunt dielde. It Hollânske dialekt wie de basis foar it lettere ‘Bildts’, mar yn wurdboek en grammatika wurdt fierder net oanjûn wat yn dy nije taal dan de Hollânske eleminten en wat troch de ‘nodige wijzigingen en aanpassingen’ de Fryske wienen.**
Om dochs in (beheinde) yndruk fan it oanpart fan de Hollânske eleminten yn it hjoeddeiske Biltsk te krijen, meitsje ik wer – krekt as by it Meslânzers – de ferliking mei de oare Hollânske dialekten yn en bûten Fryslân troch it Biltsk op grûn fan it earder neamde wurdboek en de grammatika fan Sytse Buwalda. De ôfwikingen fan it oare Hollânsk haw ik mei fet oanjûn.
Kategory | Foarbylden (fet jout ferskillen mei kolom Meslânzers yn de ferliking mei it Beemsters, Leewarders en Lânfrysk yn ‘Op syn Meslânzers’ Frisistyk 1 april ll. |
Fonology | speule, teugen, seumer, sundeg, ko.t, motte, gyn, steen, allenig, twee, kee.zen, fandeen, docht, pônd, doe, fonnen |
morfology | speule, kommen, deen, karweitsy, ik gaan, hewwe, hy het, wij binne, (jou) wete |
Idioom | nag, wat, flais, koe |
Yn grutte halen komt ek it Biltsk oerien mei it Meslânzers en de oare Hollânske dialekten. In pear eleminten as de <e(e)> (yn steen, allenig, twee) en it (hjir net opnommen) –chy-ferlytsingssuffiks binne Súdhollânsk, de /ai/-útspraak (flais) komt rûnom foar yn Hollân, net yn it lêst ek yn Westfriesland. Itselde jildt foar -tsy en nag is mear Noardhollânsk.
De grammatika sels
It kreas útjûne boekje, yn stimmich donkerblau mei in hurd kaft, jout in wiidweidich oersjoch fan de fonology, syntaksis en morfology. It is bedoeld as in ‘taalhulpmiddel’ dêr’t de taallearder op in oersichtlike wize ferskillende ûnderdielen maklik yn opsykje kin lykas stavering, útspraak, tiidwurdsfoarmen en -folchoarder. De ûnderdielen wurde meast selsstannich as ‘Bildts’ behannele, sûnder te ferlykjen. As der al (syngroan) ferlike wurdt, dan is dat mei it (Standert)Nederlânsk, bygelyks by it achterheaksels -ens (benaudens), ‘hij wast him’ (en net sich) en sels by de [g]-útspraak en it beheinde brûken fan gaan en blive (inkeld by hâldingstiidwurden, bygelyks ‘Hij blyft sitten’, mar ‘Hij blyft te slapen’)! Ek as Buwalda in foar ús typysk Fryske konstruksjes behannelet (bgl. It brûken fan de mulwurdsfoarm ‘Ik hew him singen hoord’ yn plak fan de folsleine foarm yn it Nederlânsk ‘Ik heb hem horen zingen’) wurdt it inkeld ôfset tsjin de Nederlânske standerttaal. Wol wurdt der wiidweidich (7 siden) ferlike mei it Frysk en it Stedsk as it Biltskeigene oan de oarder is: bygelyks by de ferlytsingsfoarmen –y (diky) en –tsy (sleetsy) (s. 89-95). It tsjûget fan in selsbewuste taalhâlding.
By einsluten
Yn syn behindige opset jout de Grammatica van het Bildts gâns taalhistoaryske en taalkundige ynformaasje foar de taallearder. Histoarysk-taalsosjologysk is it wol (wer) opfallend dat yn de ynlieding de oarsprongen fan de Bilker taal neamd wurde mar fierder net diagroan útwurke. Yn de eigentlike grammatika wurdt, syngroan besjoen, it Biltsk as in selsstannige taal delset, los fan it Nederlânsk en it Frysk, en taalsosjologysk is dat seker ek it gefal.
*Mei – op ‘e nij – tank oan Arjen Versloot en Marcel Plaatsman.
**Itselde net eksplisyt meitsjen en dêrtroch yn de praktyk skouderjen fan it dialektale Hollânsk hawwe wy krekt yn it debat mei de leksikograaf Siebren Dyk fan it Meslânzer Woardeboek (MW) sjoen. Yn syn reaksje op myn sintrale stelling yn Op syn Meslânzers fan 1 april ll. dat yn it MW fan it (Standert-) Nederlânsk en net fan it (dialektale) Hollânsk útgongen wurdt – Meslânzers – In reaksje op Jonkman fan 8 april ll. – wiist Dyk my yn dat ferbân der op dat ik mooglik finaal oer dizze passaazje yn de ynlieding fan it MW hinne lêzen haw.
“Bovendien, ook al doet een woord Nederlands aan, dan nog hoeft het niet volledig gelijk te zijn aan het woord in het Standaardnederlands, bijvoorbeeld omdat de klinker enigszins afwijkt. Een oorzaak daarvan kan gelegen zijn in de sprekers die als richtpunt dienden. In het geval van het Meslânzers moeten we daarvoor waarschijnlijk in de eerste plaats denken aan ambtenaren uit het gewest Holland, maar die spraken ook niet allemaal keurig ABN, zeker niet in de 17e eeuw.”
Yndie haw ik dêr finaal oer hinne lêzen, jou ik ta. Ik hie by de ûnderbouwing fan myn sintrale stelling folle koarter krieme kind. Yn dy passaazje wurdt de mjitte fan it ôfwiken fan de skriuwtaal net inkeld minimalisearre mei ‘hoeft het niet volledig gelijk te zijn’ en dat de ‘klinker enigszins afwijkt’ de oarsaak ‘kan gelegen zijn (…) waarschijnlijk in de eerste plaats’ yn it taalgebrûk fan Hollânske amtners ‘die spraken niet allemaal keurig ABN’ [Myn skeanprinten, RJ]. Ik lit de anagronismen as ‘Standaardnederlands’ en ‘ABN’ foar de santjinde iuw hjir fierder gewurde, mar der wurdt finaal foarbygongen oan oare skiften fan de Meslânzer befolking dy’t (ek) dialektaal Hollânsk praten. Dyk ‘gunt’ hjir mei safolle wurden wol in plakje oan it Hollânsk, mar dat hie om my wol folle eksplisiter kind. Deselde opset fan redenearjen komme wy tsjin yn in oare – no nochris mei klam troch Dyk oanhelle – passaazje fan Cor van Bree út it Handbuch des Friesischen, dy’t ik – jou ik fuort ta – ek oer de holle sjoen haw ‘ … dasz auch die mit dem Stadtfriesischen verwandten Dialekte von Midsland, Ameland und Kollum durch friesische Substratwirkung auf das (Nord-)Holländische mit der hinzukommenden Schriftsprache entstanden sind’ [Myn skeanprint, RJ]. Ek hjir in befestiging fan it ymplisyt litten wat de ynfloed wie fan it dialektale Hollânsk yn ferhâlding ta de ‘Schriftsprache’ wie en dêrmei it skouderjen fan it (gruttere oanpart fan) dialekt. (Sjoch oars foar in resinte yngeande analyze fan it Biltsk op de neamde punten Arjen Versloot yn 2017)
Laat een reactie achter