![](https://neerlandistiek.nl/wp-content/uploads/2024/07/Fryske-Akademy-85-1024x192.png)
13e Dei fan de Fryske taalkunde || 25 oktober 2024 || Ljouwert
De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Abstracts kinne ynstjoerd wurde oant en mei 1 augustus. Wy ferwolkomje foarstellen dy’t har rjochtsje op it Frysk fanút alle ferskate hoeken fan de taalkunde. Te tinken falt oan: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikografy, sosjolinguistyk, psycholinguistyk, histoaryske taalkunde. Sjoch hjir foar mear ynformaasje: Call for papers: Taalkundedei 2024: Fryske Akademy (fryske-akademy.nl).
Laat een reactie achter