• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

De Wylde Boerinne Revisited

30 juli 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Op 6 juny l.l. organisearre it Mercator Europees Kennissintrum, yn de mande mei Tresoar, yn kafee de Gouden Leeuw in ynspiraasjemiddei. Dat waard dien yn it ramt fan it Lingotellprojekt, in Creative Europe-projekt tusken Noarwegen, Hongarije en Fryslân oer it werfertellen fan tradisjonele ferhalen. Mei it ferhaal fan de Wylde Boerinne fan T.E. Holtrop as reade tried giene sa’n 30 dielnimmers te set mei workshops oer ferhalen fertellen yn ferskate foarmen. It ferhaal fan de Wylde Boerinne wurdt al in iuw lang yn ferskate foarmen op ‘e nij ferteld, lykas yn in harkspul, lokaasjeteater, in stripboek en der is sels in audiotoer fan. Wat makket dat dit ferhaal noch hieltyd oansprekt, en hoesa is it wichtich dat dizze hieltyd wer ferhalen ferteld wurde? Hokfoar karren wurde makke by it omfoarmjen fan it oarspronklike ferhaal? Froukje Sijtsma (ferhalemakker), Annalies Outhuijse (makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (regisseur) en Douwe Kootstra (ferhaleferteller) ynspirearren de dielnimmers mei harren eigen ynsichten en de keuzes dy’t sy sels meitsje by it omfoarmjen en op ‘e nij fertellen fan histoaryske ferhalen, om sa de dielnimmers oan de workshops de hânfetten oan te rikken om foarneamde fragen sels beäntwurdzje te kinnen. Op ferskate skoallen fan it fuortset ûnderwiis en it mbû sille learlingen nei de simmer sels ek oan de slach mei it omfoarmjen en neifertellen fan tradisjonele, Fryske ferhalen, om sa better te begripen wat dizze ferhalen betsjutte foar ús Fryske identiteit en kultuerhistoarje. 

Lês of lústerje hjir nei Froukje Sijtsma oer wat sy sa moai fynt oan De Wylde Boerinne.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: vertelcultuur, volksverhalen, workshop

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d