• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Rink van der Veldepriiswinner Gerard de Jong syn byld op It Bilt

4 juli 2024 door Froukje Sijtsma Reageer

Gerard de Jong. Foto: Geja Kuiken

Skriuwer Gerard de Jong hat sneon de Rink van der Veldepriis útrikt krigen foar syn Biltsktalige debútroman Blau fan dagen, griis fan ônrust. Ynspiraasje foar dy roman die er yn 2017 op as writer in residence yn San Sebastian/Donostia (Baskelân) fanút it Europeeske literatuerprojekt Oare Wurden/Other Words, dêr’t Tresoar ien fan de partners yn wie.

Gauris krijt de 45-jierrige De Jong de fraach oft der in twadde roman fan syn hân ferskine sil. Dêroer is er frij helder: foarearst net. Want hoewol’t er hartstikke wiis is mei syn roman en it feit dat er de Rink van der Veldepriis krijt foar it bêste literêre debút yn it Frysk of in Fryske streektaal, wie it benammen in dreech skriuwproses.

‘Myn tiid in Donostia waar geweldig. Ik had ‘n prachtig appartemintsy an ‘t water dat útkeek over ‘n see-êrm. Alle woorden die’t ik der opskreven hew, hew ik ok weer skrast.’ Thús yn Fryslân gie er yn de fiif jier dy’t folgen fierder mei it skriuwen. ‘Ik hew d’r bot met ompakt. ‘t Waar wrotte en wrame en ik docht gau ‘s: werom wou ik dut soa graag?’

Neist it deistige wurk fûn De Jong it dreech om de rêst en kreativiteit te finen om him te fokusjen op it skriuwen. ‘Dan had ik weer 500 euro úttrokken om ‘n week opsloaten in ‘n fekânsyhússy in de bossen te skriven, en dan kon ik derna de harde konklúzzy trekke dat ik weer gyn brúkbere sin op pepier set had. Maar ok dat hoort bij ‘t skriifproses.’

Yn de roman Blau fan dagen, griis fan ônrust stiet it libben fan de Biltker keunstner Sierd Lautenbag sintraal. Syn lânskipsskilderijen fan it Bilt wurde bot wurdearre yn eigen regio, mar ek in Amsterdamske atelierhâldster is tige sjarmearre fan syn wurk. Nettsjinsteande alle wurdearring fielt er in soad ûnrêst. Persoanlik, mar ek op it mêd fan syn wurk. Sierd is klear mei It Bilt en alle klisjees dy’t minsken dêr oer hawwe. De minsken sjogge him as dé ambassadeur fan It Bilt, wylst hy mei hiele oare eagen en gefoelens nei dat gebiet sjocht. Syn Bilt is net dy fan oaren.

 ‘…‘Ik fyn ‘t mooi datst dyn Bildt in myn werk herkinst,’ saai Sierd. ‘Al mot ik der an toefoege dat ik niet loof dat twee mînsen ‘t selde tun wat ankike kinne. Watstou as ‘t ware Bildt siest, hoeft dat foor mij nietok soa te wezen. Ik skilder ‘t lând dat ik kin, dat ik ferfloek en der’t ik fan hou, omdat ik niet âns kin. Omdat ‘t ferkoopt. Omdat ik ‘t kin. Om d’r dos wat út te halen, omdat iken myn femily ‘t lând als soafeul geven hewwe. Ik loof niet dat ik prebeer ‘n waarhydsgetrouwe ferzy fan ‘t Bildt te skilderen. D’r sit altyd ‘n draai an, ‘n part fantasy. At die spesifike miks fan fantasy en ‘n draai – niet selden ‘n kwaadwillige draai, subtyl dan, útfergroatings fan ‘t klaine, aksinten die’t d’r niet binne maar die’t ik sels bedink – overeenkomst de foor dij meest getrouwe ôfbeelding fan ‘t Bildt, dan sien dou en ik ‘t Bildt heel âns, maar komt ‘t toefallig al in de buurt fan hoe’tstou ‘t Bildt siest. Dat fyn ik mooi, mdatstou d’r wat in herkinst. Al is wat herkinber make niet drekt der’t ik an dink at ik skilder, bedoel ik mar te sêgen. Die akkers, dat weet ik nou wel. De treffende linen die’tst omskreefst ok; ‘t foelt as ‘n trúkky. ‘t Bildt is foor mij hieltyd meer bedurven deur mînsen die’t sêge dat ‘t Bildt d’r op ‘n bepaalde menier útsiet, wilens dat helendal niet soa is. Maar dat sêge se omdat dat is wat an hur ferwachtings foldoet…’ (út: Blau fan dagen, griis fan ônrust)

Yn Baskelân prate De Jong geregeld mei minsken oer taal. ‘Se waren och soa neskierig naar ‘t Bildts. ‘n Taal die’t inkeld deur soa’n 6.000 mînsen praat wort. Dat fonnen se fassinerend.’ In lytse taal, sa wurdt faak sein. Mar in útspraak dy’t him oars nei syn taal sjen die wie: ‘’t Bildts en ‘t Baskys binne gyn klaine talen, maar talen die’t deur ‘n klain tal mînsen praat worre. Atst d’r soa na kykst, geeft dat ‘n heel ândere dynamyk. In elke taal skúlt ‘n aigen, unyk unifersum.’

Lykas Sierd is De Jong ek in ambassadeur fan de Biltske taal en kulltuer. As meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke en as Europa-kertiermakker foar de gemeenten Waadhoeke en Harns is hy in bekende Biltker. ‘Ok al weun ik alweer wat jaar in Luwt, dat maakt mij niet minder Bilkert’, moat hy der wol by sizze. ‘Ik foel ok wel dat mînsen ‘n beeld hewwe fan ‘t Bildt, dat niet altyd overeenkomst met myn gefoel derbij. Ik bin d’r opgroeid, maar mînsen fan búttenen sien feul romantiser naar de feergesichten, de diken en de kale flaktes fan see en lândbougrônd.’

Yn de roman folgest ek wat Sierd as jonkje meimakket wannear’t syn heit hommels en op dochs wat mysterieuze wize ferstjert. In soad fragen binne lizzen bleaun en dy spylje no as folwoeksen man wer op. As Sierd de kâns krijt om foar trije moannen him yn Baskelân ûnder te dompeljen, nimt er ôfskied fan syn frou en dochter. Al krijt hy dêr mar min streken op it kanvasdoek. En ek de mysterieuze Amaia, dy’t er yn de galery yn Amsterdam moete hat, set syn libben yn ûnstjoer.  

Haadpersoan Sierd fertoant wol oerienkomsten mei skriuwer Gerard de Jong, dy’t ek opgroeide op it Bilt. Syn famylje bestierde desennialang de krante De Bildtse Post, dêr’t er sels ek jierren haadredakteur foar west hat. Hy skreau kollums en koarte ferhalen skreaun, mar noch nea in roman. ‘Ik waar eerst fan doel om ‘n historise roman te skriven over de Bildtse taalbeweging fan de jaren seuventig.’ Foar syn ferbliuw yn Baskelân hie er him ek bot ferdjippe yn de taal, kultuer en de taalstriid om it Baskysk. ‘Ik sâg ‘n prot overeenkomsten tussen baide talen.’

Just troch ris op ôfstân nei syn taal en kultuer te sjen, koe De Jong ek efkes ôfstân nimme. ‘In ‘n ândere omgeving waardeerst dyn aigen omgeving meskien wel meer.’ Sa fynt er it ek altyd fassinearjend hoe’t Friezen om utens yn in spesjale rubryk op Omrop Fryslân fertelle oer it wenjen bûten de provinsje. ‘Se misse Frysland en late dat sien met Frise flaggen en klompen. Of se misse ‘t súkkerbôl en de dúmkes. Se misse de klisjee-saken fan hur haitelând. Of úttere dat gemis in ‘t ferlangen der na.’

Identiteit is wat bysûnders. Troch it literatuerprojekt Oare wurden/Other words is De Jong dêr ek oars nei sjen gien. ‘Sonder dat projekt en myn ferbliif in Baskenland waar deuze roman d’r nooit op deuze wize weest.’ It is ek de Baskyske Amaia dy’t de Biltske Sierd sjen lit:

 ‘…Dou saist datst klaar bist met ‘t Bildt, met ‘t landkap… Met dyn eigen geboortegrônd. Ik bin bang dat ‘t soa niet werkt. Overal dêr’t wy komme nimme wy ôns aigene en ôns geskidenis met. Krekt at ‘t Bildt klaar met dij is, kinst sêge datst d’r genog fan hest…’ (út: Blau fan dagen, griis fan ônrust)

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: Bildts, Gerard de Jong, rink van der veldepriis, schrijven

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d