De sjuery fan de literêre Rely Jorritsmapriis hat dit jier trije ferhalen en fiif gedichten bekroand. Sjueryleden Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer hawwe harren dêrfoar bûgd oer 51 gedichten en 38 ferhalen.
De winnende ferhalen binne Boat fan Jilt Jorritsma (Eindhoven), Wollekje fan Geert Nauta (Ljouwert) en De skroei fan ’e loop fan Koos Tiemersma (Drachten). De winnende gedichten binne Waskersfersen fan Erik Betten (Dronryp), servus fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), Yn elke hertslach fan Wietze Numan (Drachten), mummy fan Gerrit de Vries (Schiedam) en fiere wake fan Syds Wiersma (Bears).
It is dit jier de 70ste kear dat de Rely Jorritsmaprizen útrikt wurde. De priisútrikking sil wêze op sneon 5 oktober yn it Mammemahûs te Jellum.
Rely Jorritsmapriis
De literêre priis is ynsteld troch skriuwer Rely Jorritsma (1905-1952), in boeresoan út Jellum. Yn syn testamint hie er fêstlizze litten, dat der in fûns stifte wurde soe om syn neilittenskip te behearen en de fruchten dêrfan yn te setten as prizejild foar priisfragen dêr’t koarte ferhalen en fersen yn it Frysk foar ynstjoerd wurde kinne.
Peter Altena zegt
Rely Jorritsma is een interessante figuur, door de tijd bijna gereduceerd tot de naamgever van een prijs. Zijn graf bevindt zich op Rustoord, begraafplaats in Nijmegen. Meer over zijn leven en sterven in Wie ligt hier? Dat is het boek dat Peter de Beukelaer en ik over Rustoord schreven. Op mijn bureau ligt een klein bundeltje poëzie van Jorritsma uit 1946, getiteld Idylle in het Nederrijk. Friesland is nauwelijks aanwezig in het bundeltje, de omgeving van Nijmegen (Holdeurn, Persingen) des te meer. De Fries ‘in ballingschap’ heeft goed gekeken.