• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Neerlandistiek. Online tijdschrift voor taal- en letterkunde

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Categorie
    • Neerlandistiek voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Perspectives on Old Frisian Philology: in nije bondel oer Aldfrysk

14 augustus 2024 door Anne Popkema en Rolf Bremmer Reageer

Side 60 út it Twadde Hunsinger Hânskrift (Tresoar, Richthofen kolleksje R 3, perkamint, earste helte 14e ieu): ûnderoan begjinne de Tsien Geboaden

Yn juny is in mânske bondel mei artikels oer allerhanne aspekten fan it Aldfrysk ferskynd: Perspectives on Old Frisian Philology. It is in skoandere tsjûgenis fan de niget dy’t taalgelearden en histoarisy fan oer de hiele wrâld yn dizze lytse tûke fan de germanistyk hawwe. Rolf Bremmer, Stephen Laker en Anne Tjerk Popkema ha foar de redaksje tekene.

Ein tachtiger jierren fan de foarige iuw hie Rolf Bremmer de foarstap nommen om sa’n bondel Aldfryske stúdzjes út te bringen. Dat wie nei oanlieding fan twa jubilea: it ferskinen yn 1840 fan Karl Freiherr von Richthofen syn monumintale Friesische Rechtsquellen en it Altfriesische Wörterbuch dat der mei anneks gie, en yn 1890 de publikaasje fan Willem Lodewijk van Helten syn Altostfriesische Grammatik. Dy boeken hawwe in grut stimpel set op de njoggentjinde- en tweintichste-iuwske âldfrisistyk.

Mei syn hânsume edysje fan alle Aldfryske rjochtsteksten dy’t doe bekend wienen, hie de rjochtsgelearde Von Richthofen in ynternasjonaal publyk berikt. De tiid wierre mei: rûnom yn Dútslân wiene gelearden dwaande mei it op ’en nij ûntdekken fan it Germaanske ferline. Neffens syn learmaster, Jacob Grimm, soene de Aldfryske wetten it Germaanske rjocht it bêst bewarre hawwe. Mei syn ambisjeus opsette wurdboek by de teksedysje soarge Von Richthofen dat dy teksten ynhâldlik better tagonklik waarden. Van Helten, heechlearaar Nederlânsk en Aldgermaansk yn Grins, hie foar syn grammatika dy rjochtsteksten – alteast dy út Easterlauwersk Fryslân – neffens de doe jongste taalkundige ynsichten oant op ’e bonke útslachte. It feit dat er as Hollander it Dútsk as fiertaal foar kar namen, makke it boek tagonklik foar de wide wrâld.

Sawol de beide boeken fan von Richthofen as it boek fan Van Helten binne yn draachwiidte ûnoertroffen bleaun. Om dat te fieren kaam de bondel Aspects of Old Frisian Philology út yn 1990. In ynternasjonaal selskip fan tritich gelearden, jong en âld, hie bydragen levere. It earste eksimplaar waard op de Fryske Filologedagen oanbean oan ‘perfester mjirkes’ Wybren Jan Buma, doe de nestor fan de âldfrisistyk. De provinsjale parse joech rom omtinken oan de bondel en de Leeuwarder Courant seach der sels stipe yn foar it behâld fan de stúdzje Frysk oan de Vrije Universiteit, dy’t mei opheffing bedrige waard.

De bondel Aspects wie sa’n sukses – in werprintinge folge yn 2007 – dat der noch wol ien komme moast. Dat waard Approaches to Old Frisian Philology (1998). Mei in tuskenskoft fan hieltiten sa’n acht jier folgen noch Advances yn Old Frisian Philology (2007) en Directions for Old Frisian Philology (2014). De bondels folgen altiten itselde stramyn: in kombinaasje fan âlde rotten en nijkommers op it mêd fan Aldfrysk levere de bydragen.

Perspectives is de fyfde yn ’e rige, lykas de eardere bondels ferskynd as diel fan it tydskrift Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik. Tweintich minsken hawwe meidien oan de bondel. Hja komme út Fryslân, Nederlân, Ingelân, Dútslân, Italië, Switserlân, Feriene Steaten, Kanada en Japan. It ferskaat oan ûnderwerpen is grut. It giet fan fonology oant leksikology, fan Romeinsk rjocht yn de Fryske wetten nei ferwûningen troch bisten, fan santjinde-iuwske gelearden dy’t harren mei Aldfrysk dwaande holden oant in wurdearring fan Von Richthofen syn Altfriesisches Wörterbuch. De bondel is opdroegen oan ’e neitins fan de alsidige Sweedske frisist Nils Århammar (1931–2022), dy’t ek in skoftlang heechlearaar Frysk yn Grins wie. Mei it ferskinen fan Perspectives is it totaal tal artikels oer it Aldfrysk dy’t de bondels befetsje, oer de hûndert brocht. Meardere dêrfan binne wiere klassikers yn it fak wurden.

Perspectives on Old Frisian Philology, red. Rolf H. Bremmer Jr, Stephen Laker en Anne Tjerk Popkema. Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik 84.1–3/Estrikken 115. Leiden: Brill. Pp. V + 457, mei yllustraasjes. Op dit stuit allinne noch digitaal te besetten; Brill wurket oan in printe ferzje. In soad artikels binne fergees online te lêzen, sjoch op: https://brill.com/view/journals/abag/84/1-3/abag.84.issue-1-3.xml

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte, Nieuws Tags: aldfrysk, filolofie, Oudfries, taalkunde

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht van de dag

Willem de Mérode • De visch

De vis was giftig, ik moet sterven.
De vis groeit in mij, ik verminder.
Zijn bek bijt en zijn vinnen steken.
Ik ving de vis, de vis ving mij.

➔ Lees meer

Bekijk alle gedichten

  • Facebook
  • YouTube

Agenda

28 februari 2026: Lezing Die Wrede Een met die Rode Baard en sy viervoetige jambes

28 februari 2026: Lezing Die Wrede Een met die Rode Baard en sy viervoetige jambes

22 februari 2026

➔ Lees meer
6 maart 2026: Indische detectives en misdaadromans

6 maart 2026: Indische detectives en misdaadromans

20 februari 2026

➔ Lees meer
15-17 april 2027: Achter de verhalen

15-17 april 2027: Achter de verhalen

20 februari 2026

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle agendapunten

Neerlandici vandaag

sterfdag
2022 Stijn De Paepe
➔ Neerlandicikalender

Media

De Twintigers: Juicy

De Twintigers: Juicy

22 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Safae el Khannoussi Translation Project

Safae el Khannoussi Translation Project

21 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
Lange lijnen 5: Met Gaea Schoeters

Lange lijnen 5: Met Gaea Schoeters

20 februari 2026 Door Redactie Neerlandistiek Reageer

➔ Lees meer
➔ Bekijk alle video’s en podcasts

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d