• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 takend oan Sannah Debreczeni

13 september 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is op de Akademydei takend oan Sannah Debreczeni. Debreczeni hat har masterskripsje,Exploring the Link Between Attitudes and Intelligibility in the Frisian Context: Introducing the Theory of Planned Behaviour, foltôge foar de oplieding Research Master Language & Cognition oan de Ryksuniversiteit Grins op 28 juny 2022. De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan €1000,-.

Der bestean in soad ideeën en oannamen oer it ferbân tusken de fersteanberens fan it Frysk en de hâldingen foar de taal oer. Faak hawwe minsken dy’t sizze gjin Frysk te ferstean in negativere hâlding tsjin de taal oer, is de gedachte. Mar hoe sit dat no presys? Hawwe minsken dy’t gjin Frysk prate in negativere attitude omdat se it frysk net goed ferstean? Of ferstean se it net goed om’t se in negative attitude hawwe?  Sannah hat dat ûndersocht troch gebrûk te meitsjen fan de saneamde theory of planned behaviour. Dêrmei is har ûndersyk in wichtige bydrage oan de ynternasjonale taalwittenskip. It ûndersyk is ek tige relevant foar de Fryske kasus. Ut de resultaten die nammentlik bliken dat allinne hâldingen oangeande de faktor ‘modern’ de fersteanberens foarsizze koenen. Mei oare wurden: minsken dy’t it Frysk as moderner beskôgen koenen de taal better ferstean. Dizze resultaten binne tige weardefol en nijsgjirrich foar de Fryske mienskip en jouwe oanlieding foar fierder ûndersyk.

In earfolle fermelding is takend oan Herman van Vliet. Van Vliet hat syn masterskripsje, De eetcultuur aan het Friese stadhouderlijke hof in de eerste helft van de 18e eeuw, foltôge foar de oplieding MA Geschiedenis Vandaag oan de Ryksuniversiteit Grins op 26 novimber 2022. De skripsje jout in hiel moai ynsjoch yn in oansprekkend, nijsgjirrich en ferrassend aktueel ûnderwerp, dat er presintearre hat troch de perspektiven fan trije dielnimmers te analysearjen. De sjefkok, de hovenier en de hofdame hawwe alle trije nijsgjirrige geskriften neilitten dy’t by elkoar in kompleet plaatsje opsmite.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: Fryske Akademy, scriptieprijs, skripsjepriis, taalkunde

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Sellemoanne

Febrewaris

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

10 maart 2026: Akademylêzingen mei Prof. dr. Mart van Lieburg, Prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm en Dr. Han Nijdam.

1 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

5 maart 2026: Silent Book Club Fryslân

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

23 febrewaris 2026: Nordfriesland in Kiel III: Wissenschaftliche Perspektiven auf eine vielfältige Region

31 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

5 febrewaris 2026: Silent Book Club Fryslân

28 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

4 febrewaris 2026: Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

24 januari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d