• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’

27 september 2024 door Marijke de Boer en Neeltje Holtkamp Reageer

Foto: Tjarda de Haan

Philippus Breuker hat tsientallen boeken en noch folle mear artikels op syn namme te stean. Dêr die de âld-heechlearaar Frysk in soad ûndersyk foar, ûnder oare yn de argiven fan Tresoar. No’t er meikoarten 85 jier wurdt, is er syn eigen ûnbidich grutte argyf oan it oarderjen, om it stadichoan oer te dragen oan Tresoar.

Yn syn studearkeamer yn Boazum stean de boekekasten fol, fan de flier oan it plafond. Troch de jierren hat Breuker him mei ferskate ûnderwerpen út de skiednis fan de Fryske taal en kultuer dwaande hâlden. Boekekasten en in bedstee fol mappen befetsje wurk fan sa’n sechtich jier. ‘Ik ha my spesjalisearre yn histoaryske letterkunde en skreaun oer wichtige Fryske skriuwers as Gysbert Japix, de bruorren Halbertsma en Obe Postma’, fertelt Philippus Breuker (1939). ‘Mar ek de skiednis fan myn wenplak ha ik yngeand bestudearre en beskreaun.’

Philippus Breuker wie bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit Leiden en heechlearaar Fryske taal- en letterkunde, yn it bysûnder de literatuerskiednis, oan de Universiteit van Amsterdam. Yn 1991 krige er foar It wurk fan Gysbert Japix de provinsjale Dr. Joast Halbertsmapriis.

De belangstelling foar regionale skiednis begûn doe’t er as jonge man foar de klasse kaam. ‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie.’ Dy ynteresse waard noch sterker doe’t er nei militêre tsjinst yn 1963 yn Boazum oan skoalle kaam. ‘Ik krige goed kontakt mei in dokter yn it doarp dy’t myn histoaryske belangstelling dielde. Hy hie in grutte biblioteek. Oeren en oeren ha ik dêr yn de bedstee lêzen. Yn it begjin ha ik skriften fol skreaun. Op in stuit koest fotokopyen meitsje, mar dy waarden nei ferrin fan tiid swart, dus dan koest der neat mear mei.’

Yn 1976 waard er by de Fryske Akademy oansteld as literatuermeiwurker. ‘De earste fiif jier ha ik benammen trochbrocht yn de Provinsjale Biblioteek, foarrinner fan Tresoar. Dêr ha ik alle argiven, dêr’t ik fan tocht dat der wat op it mêd fan letterkunde of skiednis te finen wie, systematysk trochnaam. Dat foarme de basis foar myn eigen samling sa’t ik dy yn de rin fan de jierren opboud ha.’

Breuker fynt wiidweidich argyfûndersyk hiel wichtich. ‘It betsjut datst net ophâldst by ien argyf, mar fierder graafst en yn oare argiven sikest. Dat is dus wat oars as in ferslach of in publikaasje op grûn fan ien argyfbestân. Mei sok breed ûndersyk krijt men mear materiaal om op himsels te ûnderstellen ferbannen of ferklearringen út te sluten. Brieven binne faak goeie boarnen. Se binne ynformatyf om’t it oer de persoan giet en oer de aktualiteit fan dat momint. It plezier sit deryn om saken te ûntdekken dy’t net ien earder sjoen hat of dêr’t net earder oer skreaun is.’

Sa hat er it argyf fan de trije Grouster bruorren Halbertsma, dy’t mei de Rimen en Teltsjes it Frysk ein njoggentjinde iuw op de kaart setten, yngeand bestudearre. ‘De Halbertsma’s binne hiel wichtich foar histoaryske letterkunde en dêrom is it fan belang om har wurk en korrespondinsje goed te dokumintearjen. Alle brieven ha ik op folchoarder fan tiid en per skriuwer oardere. Dy brieven ken ik, om it sa te sizzen, út de holle. Alles wat yn ferskillende argiven en op ferskate plakken leit, sit no (yn kopy) oersichtlik by elkoar. Oaren kinne har sa maklik yn dizze matearje oriïntearje en dat makket de samling ta in weardefol stúdzje-objekt.’

Yn 1989 promovearre Breuker op Gysbert Japix, de santjinde-iuwske skriuwer dy’t as de grûnlizzer fan de Fryske taal sjoen wurdt. ‘Fan Gysbert is syn boekynventaris oerlevere mei dêrop 85 titels. Yn tarieding op myn dissertaasje woe ik witte hoe bysûnder oft dy list wie en dêrfoar ha ik boekelisten tusken 1540 en 1670 út boelbeskriuwingen sammele en ek útsocht wat der yn dy tiid yn Fryslân oan literatuer yn Latyn, Nederlânsk en Frysk ferskynde.’ De útwurking dêrfan sjocht de âld-heechlearaar as syn grutste wittenskiplike bydrage. ‘Sûnt myn proefskrift is neat nijs oer Gysbert Japix boppe wetter kaam.’

Neist literatuer hat Breuker him ek ferdjippe yn regionale skiednis en dêrby wie syn wenplak in grutte ynspiraasje. Syn alderearste publikaasje yn 1967 gie oer skoalmasters fan Boazum. Yn 1978 ferskynde Toponymy fan Boazum. ‘Dat sjoch ik as in weardefolle bydrage om’t ik troch in soad argyfûndersyk fjildyndieling en it lângebrûk yn de midsiuwen achterhelje kinnen ha. Boazum wie foar my in middel om bepaalde dingen op doarpsnivo dúdlik te krijen.’ Hoewol’t Breuker wit dat net alles bewarre wurde kin, falt it oprêden him swier. ‘It hâldt in kear op en wat moatte de bern dermei? Hearst wolris dat argiven yn de kontener smiten wurde. Dat is fansels skande.’ Hy sjocht it leafst dat guon argiven as gehiel bewarre bliuwe. ‘Wat wol en net yn de kolleksje opnaam wurdt, is net myn ferantwurdlikheid. Mar guon argyfstikken binne dreech te finen, it soe moai wêze as dat by elkoar bliuwt.’

In argyf dat er oerdraacht, is dat fan Eelko Alta (1723-1798), dêr’t er koartlyn in biografy oer skreau. ‘Dêr sitte unike stikken út it bûtenlân by, bysûndere kopyen fan boeken dy’t yn Nederlân net te finen binne. Sa wie ik sels bot ferrast doe’t ik yn de Staatsbibliothek yn Berlyn korrespondinsje tusken Alta en kening Frederik II van Pruisen (1712-1786) oantrof.’

Breuker sjocht sûnder spyt werom op syn libben. ‘Ik realisearje my dat ik net wat dien ha dêr’t ik my net thús by fielde, al witst dat fansels net yn it foar. Ik ha net in grut libben hân. It bestie út studearjen en skriuwen; in frij beheind bestean. As ien ding klear wie, pakte ik wer wat oars op. Ik tocht der net sa bot oer nei. No’t ik âld bin, tink ik wolris: hie ik net leaver boer wurde wollen? As âldste soan fan in gernier wienen de omstannichheden der net nei dat ik it boerespul oernimme kinne soe. Ik ha deroer tocht om nei Wageningen ta te studearjen. Dan hie ik grif in hiel oar libben hân.’

Dit artikel komt út Letterhoeke, 2024-2

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: archieven, frysk, letterhoeke, literatuer, philippus breuker, skiednis, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d