Op sneon 14 oktober 2023 wie Jarich Hoekstra yn de Boalserter tsjerke oan it wurd as foarsitter fan de Gysbert Japicxpriis. Jetske Bilker krige de priis foar har roman Sonde en spegel (2021). Jarich ljochte yn syn ferhaal ta hoe’t de sjuery ta syn oardiel kaam wie. Oan de ynhâld en de presintaasje fan it treflike ferhaal wie te sjen dat er in alsidich en bejeftige man wie. Nei syn stúdzje Noarsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins lei er him hielendal ta op de taalwittenskip. Syn motivaasje om talen te studearjen wie net, wat men fakentiids fan talestudinten heart, omdat er literatuer sa aardich fûn, mar krekt omdat er niget oan taal, oan taalsystemen hie. Hy ûntjoech him nei de stúdzje as taalwittenskipper, mar tagelyk wie er warber op it mêd fan de literatuer. Sa skreau er mei klassikus en gymnasiumdosint Harke Bremer (1955-2023) Fryske romans en leveren se tegearre in ferskaat oan oersettingen nei it Frysk ta. De Asteriks- en Bommeloersettingen binne dêr sprekkende foarbylden fan. Foar harren toanieloersettingen krigen se de Obe Postmapriis, dy’t se nammers net oannamen.
Dat Jarich ta de kategory minsken hearde dy’t alles kinne, hat syn hiel wurksum libben dúdlik west. En oant nei syn emeritaat gie syn stream fan publikaasjes en aktiviteiten op it mêd fan de frisistyk ûnfermindere troch. Yn 1985 rjochte er mei syn kollega-frisisten Siebren Dyk en Willem Visser it Tydskrift foar Fryske Taalkunde op. Yn 1997 kaam de tredde jefte fan de tsiende jiergong (1995) út mei in begeliedend brief fan de redaksje, doe besteand út Jarich, Willem Visser en Durk Veenstra, dat se mei it tydskrift opholden omdat se it te bannich hienen mei oare saken en dat ‘it hillich fjoer sa lôgjend net mear wie as yn ’e earste jierren’. Dat Jarich it smoardrok hie en fan alles út de wei sette, mei dúdlik wêze út dy oanhâldende stream fan publikaasjes. Dêr hat ek altyd oan te sjen west dat ‘it hillich fjoer’ by Jarich suver oan de ein fan syn libben ta ál lôge hat. En net allinnich wat er skreau klonk as in klok, likegoed yn de omgong mei syn kollega’s yn alle soarten en mjitten, wie er altyd de noflikens sels. Hy wie jimmeroan ree om te helpen. Hy geriifde mei syn suver ûneinige kennis fan it Frysk en syn fak elk dy’t in berop op him die. Under studinten stie er ek bekend as man dy’t alles wist en op alle fragen antwurd jaan koe. As men him mailde mei de fraach nei in boarne dêr’t ien of oar frisistysk ûnderwerp yn behannele waard, dan hie men yn de regel yn in sucht antwurd. As hie er folsleine bibliografyen yn ’e holle.
Yn 1981 kaam er by de Fryske Akademy te wurkjen as redakteur fan it Wurdboek fan de Fryske taal, dêr yn 1984 it earste diel kaam te ferskinen. De redaksje hie doe in wiidweidige biblioteek mei in moai poarsje njoggentjinde-iuwske hânskriften, tydskriften en boekpublikaasjes by hân en dy waarden brûkt om it Nijfrysk yn it mânske wurdboek, dêr’t diel 25 fan yn 2011 ferskynde, te beskriuwen. Jarich brûkte dy boarnen net allinnich om se sitearjen, mar hy lies in grut tal fan al dy boarnen om him it njoggentjinde-iuwske Frysk eigen te meitsjen. De kennis dy’t er sa opdie, hat er letter faak tapast by syn taalkundige stúdzjes. Yn 1985 ferliet er de redaksje fan it wurdboek, om him alhiel oan de Fryske grammatika op de Fryske Akademy te wijen. Yn it tsiende diel fan it wurdboek (1993) ferskynden syn bydragen oan it wurdboek: k oant en mei keunst.
Yn de tiid dat er him dêrnei op de Fryske Akademy alhiel oan de taalkunde wijde, ferskynde der in grut ferskaat oan publikaasjes fan syn hân. Yn 1997 ferskynde syn proefskrift The syntax of infinitives in Frisian. In jier letter seach it boek Fryske wurdfoarming it ljocht. Dat boek is noch altyd in standertwurk foar elk dy’t witte wol hoe’t de Fryske morfology yninoar sit. Yn dat boek komt hieltyd wer syn útliskeunst nei foaren. Fakentiids haw ik fan studinten te hearren krige dat se tanksij dat boek begripe hoe’t de Fryske wurden opboud kinne. Doe’t neist in jier of tsien de basis foar de online foarsjenning foar it Frysk www.frysker.nl lein waard, koenen de redakteuren dêrfan tankber gebrûk meitsje fan Jarich syn ideeën oer hoe’t Fryske wurden ôfbrutsen wurde moatte. Hy wie dus net allinnich warber op it mêd fan de taalteory, mar likegoed skreau er oer saken dy’t fan praktysk nut yn de frisistyk binne. Mei syn taalrubryk ‘Taalsnipels’, dy’t fan 1986 oant 1993 yn it Friesch Dagblad ferskynden, liet er sjen dat er in breed publyk ûnderwize koe oer de Fryske taal yn it bysûnder en taal yn it algemien.
Wy hawwe him ek kennen leard as in betûft redakteur. Lange jierren hat er bygelyks aktyf west as redakteur fan it tydskrift Us Wurk fan it Grinzer Frysk Ynstitút en no sûnt koart ek fan de Fryske Akademy. Fierdersoan komt men syn namme tsjin by redaksjes fan tal fan bondels, bondels dêr’t er dan tagelyk ek in ynhâldlike bydrage oan levere.
Yn 1999 makke Jarich de oerstap nei de Christian-Albrechts Universität yn Kiel. Hy waard dêr heechlearaar Fryske taal- en letterkunde, en dan yn it bysûnder foar it Noardfrysk. Dêr gie, neist syn kolleezjeferplichtingen, syn stream fan stúdzjes oer it Frysk en it Noardfrysk gewoan troch. Tagelyk hienen de studinten dêr in grutte wurdearring foar syn krewearjen foar harren. Nei syn emeritaat, noch mar in pear jier lyn, murk er tsjin my op dat er no wer mear tiid krige om ûndersyk te dwaan. Fertrietlikernôch is him dêr te min tiid foar jûn. It lôgjend fjoer fan Jarich Hoekstra is foar ivich dêst. De frisistyk hat in útsûnderlik talint ferlern. Al de minsken om him moatte sûnder in o sa aardich en ynnimmend man fierder. In man dy’t yn al syn gruttens de beskiedenens sels bleau. In Fries dy’t dêrmei écht grut wie.
Reitze Jonkman zegt
Dat de polyglot Jarich Hoekstra ‘in alsidich en bejeftige man’ wie, komt ek út syn oeuvre nei foaren dat er – ek wer tegearre mei Harke Bremer – opboud hat mei wat de beide mannen sels ‘tekenteltjses’ neamden; strips dy’t yn Fryx (jierren ‘80) en it troch harren oprjochte tydskrift Strips (1982-1983) ferskynd binne. Jarich koe nêst it idoomrike wurd ek as tekener it byld treflik op papier krije.
Benjamin Bossaert zegt
Mijn innige deelneming! In 2019 mochten wij, enkele studenten van de Palacký Universiteit te Olomouc, hartelijk verwelkomd door Jarich Hoekstra, Kiel bezoeken waar we bij hem niet enkel een college volgden, maar hij ons ook onderdak verschafte voor we nog Flensburg aandeden. Een waarlijk bevlogen en heel aangenaam docent. Het was in het kader van een studiereis richting Friesland en we hebben toen ook de Noord-Friese gebieden bezocht.
Geert Booij zegt
Een heel verdrietig bericht over het overlijden van een geweldige collega-taalkundige met prachtige publicaties, die altijd bereid was je desgevraagd een goed advies te geven
Goffe Jensma zegt
Tegearre mei Harke Bremer skreau Jarich yn 2022 ‘It smelle ûngelok’, in prachtich bondeltsje mei balladen yn it Frysk. It hat syn lêste literêre produkt west, skreaun yn in Frysk dat hy en Harke as gjin oar machtich wiene, net allinnich om te bestudearjen mar ek om yn te skriuwen. Nei de tynge fan Jarich syn ferstjerren lês ik de kwatrinen fan de lêste twa balladen hiel oars:
O Slachter, wy bin lamkes yn ’e miede,
dy’t boartsje as is’t alle dagen snein.
Spitich, dan komme jo en wy moat bliede.
Oan alle moaie dingen komt in ein.
(Ballade fan de dingen dy’t foarbygeane)
en:
O Fryslân, wêr bin Bremer en Hoekstra?
Foar harren is de seine ek al harre.
Wêr is har gysgobjen en har poeha?
Wêr is de snie fan ferline jier bedarre?
(Ballade fan ‘e pommeranten fan alear)
Ik sil Jarich misse!
Anne Popkema zegt
Ik mocht fan 2004-2008 ûnder him wurkje oan it Aldfrysk hânwurdboek, mei as stânplak Kiel. Ik sjoch dat as foarmjende jierren foar mysels as frisist en akademikus, net yn it lêste plak om’t Jarich syn ûnbidige kennis twa doarren fierderop wie en hy altiten ree wie om dy te dielen. In nofliker en saakkundiger kollega ha ik net hân, en ik koesterje de moaie petearen dy’t ik mei him hân ha, op de Wörterbuchstelle, yn de Kieler Kneipen en by him en Antje yn de achtertún oan de Aubrook, dêr’t se myn buorlju yn dy jierren wienen. RIP.