• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

21 novimber 2024: Lunchlêzing ‘Simon Vestdijk en de kuorbalsport’

9 november 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

“Stijgen, buigen, kantelen … floep door de mand!” Yn syn debútroman Terug tot Ina Damman (1934) skreau Simon Vestdijk oer in kuorbalwedstriid. Dat is opmerklik, want yn dy tiid wie kuorbal noch in nije sport. Yn dizze lunchlêzing by Tresoar beljochtet Michel van Gent de relaasje tusken de romanskriuwer en dichter Simon Vestdijk en it kuorbal yn Harns. Hoe kaam Vestdijk yn oanrekking mei kuorbal? Wie er in goede kuorballer? Yn hoefier jout er in realistysk byld fan kuorbal yn syn debútroman? Spile Ina Damman ek kuorbal? 

Oer Simon Vestdijk

Simon Vestdijk (1898 -1971) is hikke en tein yn Harns as soan fan Simon Vestdijk en Anna Mulder. Syn heit wie gymnastyklearaar fan de lokale HBS mei trijejierrige kursus en de Earste, Twadde en Tredde Gemeenteskoalle en syn mem húsfrou. Yn 1912-1915 besocht Simon junior de HBS, wêrnei ’t er de lêste twa jier fan de HBS yn Ljouwert ôfmakke.

Yn de hjerst fan 1934 makke Vestdijk syn debút as romanskriuwer mei Terug tot Ina Damman. De skiednis fan in jeugdleafde, dêr ’t in beskriuwing yn foarkomt fan in kuorbalwedstriid. Dy waard spile yn it earste jier fan de haadpersoan Anton Wachter op de HBS yn Lahringen (lês: Harlingen yn 1912 -1913 ). Dat is opmerklik, want kuorbal wie doe noch in nije sport. Yn 1903 wie it Nederlandsche Korfbalbond oprjochte, mar dy hie yn 1912 -1913 noch lang net oeral yn Nederlân kuorbalklups ûnder syn hoede. Oer Michel van Gent

Michel van Gent is ûndersiker oan it Huygens Instituut (KNAW) yn Amsterdam. Hy wurket oan de digitale databank Sportbonden, sportklups en sportperiodiken yn Nederlân oant 2000, wêrfan ’t it part oant 1940 online te rieplachtsjen is. Hy wie 38 jier kuorbalmeiwurker fan earst de Leidse Courant en letter it Leidsch Dagblad. Fierder wie er belutsen by de ynventarisaasje fan it argyf fan it Koninklijk Nederlands Korfbalverbond yn it ramt fan de oerdracht fan dit argyf oan it Nationaal Archief yn Den Haag.Lunchlêzing

Oanmelde

De lêzing begjint om 12.30 oere en duorret rûchwei 45 minuten oant in oere. De tagong is fergees, al jildt wol in ferplichte oanmelding. Oanmelde kin fia de webside fan Tresoar. By it oanmelden kinst oanjaan ast gebrûk meitsje wolst fan de lunch foarôfgeand oan de lêzing (2 broadsjes* en 1 konsumpsje). De lunch stiet fan 12 oere ôf klear. De kosten foar de lunch binne € 7,50, foarôf te beteljen by it reservearjen fan in tagongsbewiis. Jou by it oanmelden ek oan mei hoefolle minsken ast komst.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: letterkunde, Simon Vestdijk, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Gedicht fan ‘e wike

moderne maaie • André Looijenga

mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

25 maaie 2025: Dichter op de Deel

25 maaie 2025: Dichter op de Deel

18 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen

1 juny 2025: boekpresintaasje Schitteren en schuilen

18 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân

23-25 maaie 2025: Friesendroapen op Hilgelân

16 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

22 maaie 2025: Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

16 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

21 maaie 2025: WOW Frysk ûnderweis

2 mei 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d