• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Dr. Albert Walsweer nije lektor Fryske Taal en Kultuer

26 november 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

NHL Stenden beneamt mei yngong fan 1 jannewaris 2025 Albert Walsweer ta bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer. It lektoraat is ta stân kommen yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en is ynsteld om de doelstellings fan it belied Taalplan Frysk 2030 mei stal te jaan. It bysûnder lektoraat makket ûnderdiel út fan it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden.

Albert Walsweer hat in brede ûnderfining yn it ûnderwiis. Hy wurke as learaar, as ûnderwiisadviseur by ECNO en as ûndersiker en associate lector yn it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid. As lektor sil hy, yn ’e mande mei oaren en yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, op ’e praktyk rjochte ûndersyk dwaan en him rjochtsje op de fraach hoe’t skoallen de Fryske taal en kultuer op in tagonklike en ynspirearjende manier ferwurkje kinne yn har kurrukulum, sadat yn 2030 alle learlingen en studinten de kâns krije Frysk te learen en te brûken.

De ynstelling fan it lektoraat komt fuort út de ôfspraken dy’t fêstlein binne yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK 2024-2028), dêr’t it Ryk en de Provinsje Fryslân yn fêstlein hawwe hoe’t sy wurkje wolle oan de beskerming en fuortsterking fan de Fryske taal en kultuer. Ien fan de ambysjes is it fuortsterkjen fan de ûndersyksynfrastruktuer dêr’t mei de ynstelling fan dit lektoraat in folgjende konkrete stap yn set is. It ûndersyk sil yn de kommende jierren yn in trochgeande line útfierd wurde troch in praktoraat (mbû), in lektoraat (hbû) en in heechlearaarskip (wû).

Deputearre Eke Folkerts: Dit is in moaie stap om it ûndersyk nei en yn it Frysk noch better te ferankerjen. De oanstelling fan in bysûnder Lektor Fryske Taal en Kultuer strykt mei de ôfspraken út de BFTK en it is goed om te sjen dat it fjild dêr sels it inisjatyf ta nommen hat. Albert Walsweer is in tige wurdearre en kundige ûndersiker en mei syn jierrenlange ûnderfining yn it ûnderwiis is hy de goede man op it goede plak. Wy sjogge út nei de fuortsetting fan ús gearwurking.

Walsweer follet it ûndersyksprogramma fan it lektoraat Meertaligheid en Geletterdheid oan, dat laat wurdt troch Mirjam Günther-van der Meij, dy’t yn juny fan dit jier beneamd waard ta lektor. “Wy ferwachtsje fan dy gearwurking weardefolle opbringsten en ynsichten”, sa seit Kuijpers, direkteur fan de akademy Primêr Underwiis by NHL Stenden.

“De wittenskiplike kennis en ynsichten op it mêd fan de mearwearde fan meartaligens en ferskaat rikke oant fier oer de grinzen fan ús provinsje.”, seit se fierder. “Oarsom kinne de ynsichten út de oare ûndersyksterreinen wei ek ynspiraasje en nijsgjirrigens oproppe foar it wurk fan de bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer. Ik ha in soad betrouwen yn Albert en yn de gearwurking mei Mirjam, mar ek mei alle partners út ’e provinsje, it ûnderwiis en de wittenskip.”

De ynauguraasjes fan dr. Walsweer en dr. Günther-van der Meij binne op 21 maart 2025 yn Ljouwert.

Boarne: Provinsje Fryslân

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: lectoraat meertaligheid en geletterdheid, lektoraat Fryske taal en kultuer, NHL Stenden

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d