Reintsje, reintsje, brûs,
Wy sitt’ hjir waarm yn hûs!
De do sit yn de beam te koeren,
In poes sit ûnder ’t tek te loeren:
Reintsje, reintsje, brûs,
Wy sitt’ hjir waarm yn hûs!
Reintsje, rein en meitsje wiet,
Wat rûkt dat yn ‘e bosken swiet!
Blomkes hingje slieprich slop
En beslut har yn de knop:
Reintsje, reintsje wiet,
wat rûkt de bjirk hjir swiet.
Reintsje, reintsje, sûs
Fan boppen op ús hûs,
Rin oer it âlde reiden tek
En wietsje de ikebeammen ek:
Reintsje, reintsje, sûs
Fan boppen op ús hûs.
Reintsje, reintsje, fâl,
Meitsje it net te mâl!
Lit dan de wolken wer fergean,
De sinne oan de himel stean:
Reintsje, reintsje, rûs
Oer it âlde hûs.
Ut: De Quickborn, 1857.
Laat een reactie achter