Der komt hieltyd mear oandacht foar Frysk yn ’e soarch. Sa wurdt de stipe foar it projekt Frysk yn ’e soarch ferlinge yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (2024) en krige it folop de oandacht op sneon 9 novimber lêstendeis by de DINGtiid-lêzing. Ien fan de sprekkers wie de hear Müller, urolooch yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Hy groeide op yn Dútslân en is net skruten om it Frysk te brûken yn ’e praktyk. Müller nûget bygelyks pasjinten út om Frysk te praten en kin hy sels it ûngemak wat fersêftsje troch te freegjen om “it spultsje sjen te litten.” Yn it resint ferskynde boek Minority Language Learning for Adult Migrants in Europe (Frysk: Minderheidstaallearen foar folwoeksen migranten yn Europa; Simpson & Pöyhönen, 2024) wurdt der sjoen nei de minsken dy’t lykas Müller op folwoeksen leeftyd net allinne nei it bûtenlân tein binne, mar ek nei in gebiet yn Europa dêr’t in regionale of minderheidstaal brûkt wurdt. Yn it haadstik oer Fryslân, Can Frisian Cure? (Frysk: Kin it Frysk genêze?; skreaun troch Charlie Robinson-Jones, Ydwine R. Scarse en Joana Duarte) giet de oandacht nei it Frysk yn ’e soarch en de rol fan it Frysk yn taalbelied en edukaasje mei it each op soarchferlieners dy’t migrearre binne.
Minority Language Learning for Adult Migrants in Europe
It boek makket in reis troch Europa en yllustrearret oan de hân fan ûndersiken oft folwoeksen migranten in Europeeske minderheidstaal leare, op hokfoar wize dat kin en wêrom’t migranten dat dogge. Der binne nammentlik ferskate faktoaren dy’t in rol spylje kinne, sa’t redakteuren James Simpson en Sari Pöyhönen taljochtsje. Op nasjonaal nivo wurdt bygelyks oan de iene hân it belang fan Europeesk taalferskaat ûnderstreke fia Europeeske ferdraggen (Council of Europe, 1992, 1995), mar binne de nasjonale talen oan de oare hân dominant yn ynboargeringstrajekten. Der moat ek rekken holden wurde mei de komplekse mienskip mei in soad ferskaat (superdiversiteit;û.o. Vertovec, 2007), dêr’t yndividuele faktoaren lykas identiteit, gender, sosjale status, edukative eftergrûn, redenen om te migrearjen en/of migraasjestatus allegearre in rol spylje kinne (ynterseksjonaliteit;û.o. Block & Corona, 2014; Crenshaw, 1991) yn ’e mooglikheden en motivaasje om in taal te learen. Dêrboppe-op komme noch praktyske faktoaren om in taalkursus te folgjen, lykas beskikbere tiid, reismooglikheden en finansjele draachkrêft.
It boek docht sadwaande ferskate Europeeske minderheidstaalgebieten oan: Skandinavië mei de Sámi-talen (Nina Carlsson), Finlân mei it Sweedsk (Bäckman & Haapamäki), Faeröer mei it Faeröesk (Holm), Ierlân mei it Iersk (Flynn), Wales mei it Welsk (Higham), it Baskelân mei it Baskysk (Orcasitas-Vicandi, Roman-Etxebarrieta & Antzaka), Kataloanië mei it Katalaansk (Szabó) en Fryslân mei it Frysk (Robinson-Jones, Scarse & Duarte). Martha Bigelow, dy’t it neiwurd skreaun, sjocht in tal prominte ûnderwerpen: de gruttere maatskiplike kontekst fan de learders har ynvestearring om de taal te learen, de gefolgen fan taalbelied, minderheidstaalrefitalisaasje en taal as kaptaal. It boek is in earste begjin om in ynsjoch te krijen yn de komplekse kontekst fan Europeeske minderheidstaalgebieten en folwoeksen migranten.
Can Frisian Cure?
Sintraal yn dit haadstik stean de selsrapportearre taalhâldingen en -praktiken foar it Frysk oer yn ’e sûnenssoarch en oangeande soarchferlieners dy’t nei Fryslân migrearre binne. Dy taalhâldingen en -praktiken wurde yn it ramt fan it top-down taalbelied kritysk tsjin it ljocht holden om oerienkomsten en friksje te identifisearjen. Top-down taalbelied wurdt û.o. foarme troch de ymplemintaasje fan ’e Europeeske ferdraggen, nasjonale ynboargeringskritearia en de Bestjoersôfspraken Fryske taal en kultuer.
De befinings binne basearre op data dy’t sammele binne by ferskate groepen dy’t allegearre yn ’e soarchsektor wurkje, mei semy-strukturearre fraachpetearen mei meiwurkers en managers (n = 15) en ûnderwizers (n = 9) en mei fragelisten dy’t ynfolle binne troch managers (n = 20), ûnderwizers (n = 9) en meiwurkers dy’t nei Fryslân migrearre binne (n = 16). Dat is dien yn it ramt fan ûndersyk by NHL Stenden Hegeskoalle (troch it Lektoraat Meartaligens & Taallearen) en it Europeeske COMBI-projekt (dêr’t Mercator Europeesk Kennissintrum koördinator fan wie), dy’t beide fokussen op folwoeksen migranten en de sûnenssoarch yn Fryslân/yn in minderheidstaalgebiet. Ut dy data docht bliken dat minsken dy’t yn ’e soarch wurkje in brekme oan de jure (ek wol: offisjeel; Johnson, 2013) taalbelied ûnderfine foar it Frysk yn ’e soarch en dat dy gauris wurkje mei ad hoc besluten oer taal. Wat it Frysk oangiet, binne alle respondinten fan betinken dat allinnich reseptive taalfeardigens nuttich wêze kin foar soarchferlieners dy’t migrearre binne. Migranten dy’t yn ’e soarchsektor wurkje hawwe oer it algemien in negative taalhâlding foar it Frysk yn ’e soarch oer en uterje in beheinde belangstelling om fierder te learen as de earderneamde reseptive Fryske taalfeardigens.
Op basis fan de befinings wurde in tal oanrekommandaasjes makke. Sa wurde maatregels foarsteld foar prestiizjeplanning om positivere hâldingen foar it Frysk te stimulearjen by alle minsken dy’t wurkje yn de soarch, mei of sûnder in migraasje-eftergrûn. Soks soe in fûnemint lizze foar oare duorsume en effektive maatregels foar taallearen, dy’t migranten yn steat stelle om it Frysk te learen en dy’t har sosjale yntegraasje fergrutsje kinne. Boppe-al wurdt de needsaak ûnderstreke foar in sosjaal rjochtfeardige aginda dy’t Frysk taalûnderwiis ferbetteret foar soarchferlieners dy’t nei Fryslân migrearre binne, om net allinne har sosjale yntegraasje te fasilitearjen, mar ek soarch foar Frysktalige pasjinten te ferbetterjen.
Nijsgjirrich?
It boek Minority Language Learning for Adult Migrants in Europe is beskikber (as hardcover en as e-boek). In kopy is oanskaft foar de kolleksje fan it Mercator Europeesk Kennissintrum. Dy Mercatorkolleksje is iepenbier beskikber yn de stilteseal fan Tresoar, lofts efter de baly.
Lês mear oer de auteurs fan it haadstik
Referinsjes
Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028[Covenant on Frisian Language and Culture 2024-2028]. (2024, April 2). https://cuatro.sim-cdn.nl/fryslan/uploads/1379_bftk_met_omslag.pdf?cb=fxHEhc-2
Block, D., & Corona, V. (2014). Exploring class-based intersectionality. Language, Culture and Curriculum, 27(1), 27–42. https://doi.org/10.1080/07908318.2014.894053
Council of Europe. (1992). European Charter for Regional or Minority Languages, ETS No. 148. https://www.coe.int/en/web/european-charter-regional-or-minority-languages/text-of-the-charter
Council of Europe. (1995). Framework Convention for the Protection of National Minorities, ETS No. 157. https://www.coe.int/en/web/conventions/cets-number-/-abridged-title-known?module=treaty-detail&treatynum=157
Crenshaw, K. (1991). Mapping the Margins: Intersectionality, Identity Politics, and Violence against Women of Color. Stanford Law Review, 43(6), 1241–1299. https://doi.org/10.2307/1229039
Johnson, D.C. (2013). Language Policy. Palgrave Macmillan.
Simpson, J., & Pöyhönen, S. (Eds.). (2024). Minority language learning for adult migrants in Europe. Routledge. https://doi.org/10.4324/9781003342892
Vertovec, S. (2007). Super-diversity and its implications. Ethnic and Racial Studies, 30(6), 1024–1054. https://doi.org/10.1080/01419870701599465
Laat een reactie achter