• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Minybyb De Boekenbakker

27 december 2024 door Froukje Sijtsma Reageer

Oait waard it lytse gebouke neist de bakkerswinkel yn Ysbrechtum brûkt as opslach fan brânwachtspuiten, in blommist ferkocht der in skoft blommen, mar no kinne minsken der boeken helje en bringe. Wolkom by De Boekenbakker.

Doe’t de bakkerswinkel yn it doarp koartlyn opknapt waard, soargen de trije freondinnen Anneminke, Brucia en Tjessaline derfoar dat ek de minybyb, oprjochte yn koroanatiid, in update krige. ‘Mei frisse kleurkes en boekekasten fol moaie boeken wolle wy de minybyb oantrekliker meitsje,’ fertelt Anneminke. ‘Wy fine it sels hearlik om te lêzen, en dy leafde wolle wy graach oerbringe op lytse en grutte bern en op oare folwoeksenen. Dêrom hawwe wy it ek moai oanklaaid. Moatst minsken hjoed-de-dei in bytsje ferliede om te lêzen.’

Op de priisfraach hoe’t de minybyb hjitte moatte soe, kaam Fenna út Turns as winner út ‘e bus: De Boekenbakker. ‘Geweldich betocht, want it gebou heart ek by de bakkerij.’ Yn de minybyb fynst in ferskaat oan boeken, ek Frysktalige. Ysbrechtum hat trouwens ferskate bekende literêre ynwenners fuortbrocht. De Fryske dichter Douwe Tamminga (1909-2022) en ek Hylkje Goïnga (1930-2001), skriuwer fan Frysktalige romans en ferhalen, wennen yn it doarp. ‘En de no bekende dichter Joost Oomen is hjir opgroeid en yllustrator en berneboekeskriuwer Marianna van Tuinen wennet hjir alwer in pear jier.’

Sadwaande stean by De Boekenbakker gedichten fan Tamminga en Oomen útstald. ‘Foaral dy fan Tamminga is wol hiel tapaslik foar in minybyb,’ laket Anneminke. ‘It hjit ‘Kleiliet fan it net-lêzen boek’ en giet oer it fergetten boek.’

Dit stikje is ferskynd op de webside fan Tresoar

Gedicht fan Douwe Tamminga (foto: Anneminke Tjalsma)

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: bibliotheek, lezen, minibieb, minybyb

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d