Literatuerprojekt Sprekende stenen hat woansdei 11 desimber by de útrikking fan de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing 2024 yn Museum Joure de LC-publykspriis wûn. Boppedat wie der in earfolle fermelding fan de sjuery. Ineke van der Blom (ûntwerp / foarmjouwing) en Sytse Jansma (konsept) hawwe dit projekt yn opdracht fan Ljouwert UNESCO City of Literature ûntwikkele.
Ut it sjueryrapport:
De jury is unaniem over de zorgvuldigheid van de presentatie. Je wordt echt meegenomen in het proces, en dat is bijzonder. De continuïteit van het project, dat steeds wordt geactualiseerd met nieuwe maatschappelijke thema’s, spreekt tot de verbeelding. Het concept van eenzaamheid, gekoppeld aan literatuur, is goed gedaan. Het project wordt beschouwd als een kunstwerk dat zowel de gemeenschap als het individu uitnodigt tot reflectie, zonder opdringerig te zijn. Eervol en subtiel, maar niet bombastisch.
De sjuerypriis gie nei Folkert van der Hoek foar presintaasjes en doarpsprojekten yn wurk- en presintaasjeromte Phlox. Earfolle fermeldingen wienen der foar BW H Ontwerpers foar it ûntwerp fan Lost Voices yn opdracht fan Explore the North en foar Sprekende stenen.
Oer Sprekende stenen
Sprekende stenen is in literatuerprojekt oer iensumens, yn it sintrum fan Ljouwert. Mei dyn mobile telefoan kuierst in rûte tusken acht sprekkende stiennen (gevelstiennen) en in literêre moetingsbank. Troch de QR-koade by de stiennen te scannen, litst se sprekke.
Ut it sjueryrapport:
‘Een project dat de openbare ruimte op een subtiele maar doordachte manier verrijkt. Vanaf het begin is duidelijk dat het project stevig verankerd is in zijn omgeving. Hoewel de vormgeving en de impact ervan op de omgeving bescheiden lijken, is er iets aan de eenvoud dat ontroert. Dit project weet in zijn bescheidenheid diepe verbindingen te leggen, zowel met de omgeving als met de mensen die de stenen tegenkomen.
Oer de priis en de sjuery
Hans Vredeman de Vries (Ljouwert, 1572 – Antwerpen, 1609) wie arsjitekt, planolooch, tekener, keunstner en keunsthistoarikus. Hy publisearre oer arsjitektuer, ornamentyk en perspektyf. Hy stiet bekend as grûnlizzer fan de Antwerpse Renaissance-styl, en wie dêrmei fan ynfloed op de West-Europeeske arsjitektuer. Hy jildt as skutspatroan fan Fryske ‘kreativen’. De Vredeman de Vriespriis wurdt it iene jier útrikt op it terrein fan foarmjouwing, it oare jier op it mêd fan arsjitektuer. De winner (ûntwerper én opdrachtjouwer) ûntfangt 5000 euro en in oarkonde.
De sjuery bestie dizze kear út Arnout Meijer (skriuwer, ûntwerper en produsint fan design, keunst en arsjitektuer), Bert Looper (histoarikus en publisist fan boeken en artikels oer keunst, design en skiednis), Debbie Wijskamp (ûntwerper en produsint fan hânmakke ynterieurprodukten, eigener fan atelierromte en galery), Lisa Sportel (ûntwerper en dosint grafysk ûntwerp en konsept oan Minerva) en Volken Vlas (ûntwerper en produsint fan byldzjend wurk en designprodukten).
Artistike kwaliteit, helberens, maatskiplike en ekonomyske relevânsje wiene kritearia dêr’t de sjuery har oardiel op basearre hat. Originaliteit fan it idee of ûntwerp, kwaliteit en brûkberens fan ûntwerp of produkt, duorsumens (fan konsept ta materiaalgebrûk) en de gearhing tusken dy eigenskippen spile boppedat in rol. De sjuery seach dêrby net allinnich nei it einresultaat, mar ek nei it ûntwerpproses en de gearwurking tusken ûntwerper en opdrachtjouwer.
Sprekende stenen
Sprekende stenen is in gearwurking tusken Studio Sytse Jansma, Kunstwerkplaats Ineke van der Blom en Ljouwert UNESCO City of Literature en Mei tank oan: gemeente Leeuwarden, Over de Drempel, Arcadia, Humanitas Ljouwert, NHL Stenden Hogeschool en provinsje Fryslân.
Laat een reactie achter