• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Suksesfol Mercatorkongres oer taalbelied foar meartaligens en minderheidstalen

12 december 2024 door Ydwine Scarse, Femke van Seijen en Helga Kuipers-Zandberg Reageer

It organisaasjeteam fan it Mercator International Conference mei earegast Cor van der Meer. F.l.n.r.: Charlie Robinson-Jones, Martine Jansen, Femke van Seijen, Cor van der Meer, Jelske Dijkstra, Helga Kuipers-Zandberg, Inge Heslinga. Foto: Ydwine Scarse

Op 7 en 8 novimber ll. fûn it ynternasjonale kongres fan it Mercator Europeesk Kennissintrum Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism (Frysk: Belied foarmje foar minderheidstalen en meartaligens) plak yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Op it kongres waarden plenêre presintaasjes jûn, sympoasia holden oer beskate ûnderwerpen, wiene der tal fan presintaasjes oer projekten en ûndersiken en wie der yn ‘e skoften tiid foar posterpresintaasjes. Likernôch 130 minsken fan de hiele wrâld oer wiene oanwêzich as sprekker en/of publyk, mei trochrinnend noch sa’n 50-70 ekstra minsken dy’t online oansletten.

Spesjaal omtinken by it iepenjen fan it kongres wie der foar earegast Cor van der Meer, dy’t begjin 2024 nei tweintich jier as haad fan Mercator Europeesk Kennissintrum ôfswaaide en it stokje oerdroegen hat oan Jelske Dijkstra.

Minderheidstalen yn it ûnderwiissysteem.

Foar de earste plenêre sesje wie de eare oan Mirjam Günther-van der Meij (NHL-Stenden Hegeskoalle), dy’t fertelde oer romte en plak foar regionale talen yn it Nederlânske skoalkurrikulum. Sy wreide út oer hoe’t regionale talen bydrage kinne oan de taalûntjouwing en kulturele identiteit fan bern en hoe’t regionale talen harren plak fine kinne yn de lessen.

Dr. Mirjam Günther-van der Meij (Lektor Meertaligheid en Geletterheid NHL-Stenden) oan it wurd. Foto: Ydwine Scarse

Nei posterpresintaasjes fan masterstudinten Multilingualism fan de RUG gie it programma fierder mei ferskate sympoasia en presintaasjes oer benammen minderheidstalen yn it ûnderwiissysteem. Yn it skoft wie der tongersdeis, mar ek freeds, tiid foar posterpresintaasjes oer ûndersiken en projekten. It wittenskiplike diel waard dizze dei ôfsletten mei in workshop dy’t jûn waard troch Joana Duarte (Ryksuniversiteit Grins) en Francis Flapper (IKC Sint Jozefschool, It Hearrenfean) oer ûnder oare de inisjativen dy’t yn Fryslân al ta stân kaam binne oer it omgean mei ferskate thústalen yn de klassen.

Taaloerdracht en taalrevitalisaasje

Op 8 novimber iepene Jarmo Lainio (Universiteit fan Stockholm, Sweden) de dei mei in plenêre sesje oer de rol fan yndividuën yn ’e promoasje fan regionale en minderheidstalen, folge troch ferskate nijsgjirrige sympoasia en presintaasjes oer bygelyks it psychologyske aspekt fan minderheidstaallearen, taalrevitalisaasje en taalkar binnen famyljes en húshâldens. Nei it middeisskoft joech Sanita Martina (Rezekne Academy of Technologies, Letlân) in plenêre lêzing oer strategyen fan âlden foar it behâld fan famyljetalen. It kongres waard ôfsletten mei in paneldiskusje mei panelleden Enlli Thomas (Bangor University, Wales, UK), Jarmo Lainio (Universiteit fan Stockholm, Sweden), Heiko Marten (Rezekne Academy of Technologies, Letlân) en Jelske Dijkstra (Mercator Europeesk Kennissintrum) oer ûnder oaren de impact fan taalbelied, de tûkelteammen en de foarútsjoggen.

Weromsjend kin konkludearre wurde dat it in tige slagge kongres wie, mei in soad ynternasjonale ynteresse en folop útwikseling fan ideeën om regionale en minderheidstalen better stypje te kinnen.

Mercator Europeesk Kennissintrum

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan en ynventarisearjen, it ûndersykjen en bestudearjen en it fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa. De organisaasje fan it ynternasjonale kongres yn Fryslân brocht sa de kearndoelen fan Mercator nei de praktyk op Europeesk en ynternasjonaal nivo, mei de útwikseling fan kennis, ûndersyk en inisjativen op it mêd fan minderheidstalen, taallearen en meartaligens.

Mear witte?

Op ’e webside fan it Mercatorkongres is it kongresprogramma, it boek mei gearfettings fan alle presintaasjes en in fotoreportaazje te finen. Boppedat binne de opnamen fan it kongres (tydlik) online werom te sjen.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: congres, meertaligheid, mercator, minderheidstalen, taalbeleid

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d