• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

YnSicht earste tmbû-skoalle mei Frysk as eksamenfak yn beropsrjochte profilen

28 december 2024 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto: Taalplan.frl

YnSicht, skoalle fan OSG Piter Jelles (ûnderdiel fan OVO Fryslân-Noard), sil as earste tmbû-skoalle yn Fryslân it Frysk as eksamenfak oanbiede yn de beropsrjochte profilen op it tmbû. Tongersdei 14 novimber is by in besite fan amtners fan it ministearje fan OCW en Provinsje Fryslân stilstien by dy mylpeal foar it tmbû.

Deputearre Eke Folkerts: “YnSicht hat sjen litten dat der yn koarte tiid grutte stappen set wurde kinne oangeande it Frysk. Wy binne bliid mei safolle ynset en entûsjasme. Wy hoopje dat alle tmbû-skoallen yn Fryslân it foarbyld fan YnSicht folgje sille.”

Eftergrûn

Tmbû-skoallen yn Fryslân kinne sûnt dizze moanne it fak Fryske taal en kultuer opnimme yn it eksamenpakket fan de beropsrjochte profilen yn tmbû basis, tmbû kader en tmbû mingde learwei. Dat is in wichtige stap yn it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis yn Fryslân, dêr’t oan wurke wurdt binnen Taalplan Frysk 2030, en slút oan by ôfspraken makke tusken Ryk en provinsje yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK).

Troch in oanfraach yn te tsjinjen by it ministearje fan OCW kinne skoallen tastimming freegje foar it opnimmen fan it Frysk yn it eksamenpakket fan de beropsrjochte profilen. Skoallen kinne foar dy oanfraach gebrûk meitsje fan foarbyldbrieven. Elke skoalle kin de brieven oanpasse oan de eigen situaasje en sa maklik tastimming freegje.

It opnimmen fan it Frysk yn it eksamenpakket fan de beropsrjochte profilen jout learlingen de kâns om talige kompetinsjes te ûntwikkeljen yn sawol de Fryske as de Nederlânske taal. Dat befoarderet de trochstream nei it mbû. Ek binnen de beide mbû-ynstellings yn Fryslân, Firda en Aeres, wurdt wurke oan it fersterkjen en ferankerjen fan de posysje fan it Frysk. Wannear’t de learlingen op it tmbû it Frysk yn harren eksamenpakket opnimme kinne, ûntstiet der in goede trochgeande learline Frysk. Dat soarget derfoar dat learlingen goed funksjonearje kinne yn de twatalige arbeidsmerk yn Fryslân.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Frysk yn it ûnderwiis, mbo, mbû, taalplan

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d