Ofrûne novimber foarme Ljouwert it brûzende middelpunt fan de tredde en lêste útwikseling fan boppeboulearlingen út minderheidstaalregio’s yn it ramt fan it projekt WikiWomen. Learlingen en dosinten út Ierlân en Baskelân kamen nei Fryslân ta om trije dagen lang te learen oer de Fryske taal en kultuer en om mei-inoar gear te wurkjen op it mêd fan betsjuttingsfol (memmetaal)ûnderwiis en it gebrûk fan Wikipedy.
In absolút hichtepunt fan de wike wie in Frysk ferske mei de titel ‘Ien foar allen’. It ferske is spesjaal foar dit projekt skreaun troch bandleden fan de Fryske bands Sjoerd ensa en Baldrs Draumar, foar de gelegenheid ferienige ûnder de artystenamme As ien. It ferske is skreaun yn it Frysk, mar it Iersk en it Baskysk binne ek yn de tekst fertsjintwurdige. ‘Ien foar allen’ foarme de reade trie fan de útwikseling: op dei ien giene de learlingen op ynteraktive wize oan de slach mei it oersetten fan de teksten út it Frysk nei it Iersk en it Baskysk. Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk: “It ferske hawwe we yn de útwikseling hieltyd weromkomme litten. Underweis yn de bus, of nei ôfrin fan in aktiviteit. As ôfsluter fan de útwikseling, en dêrmei ek it WikiWomen-projekt, treden de artysten op de slotjûn op en elkenien song mei. Dat wie in prachtich momint, dêr’t ik wis fan bin dat it de learlingen altyd bybliuwe sil, en presys wat we foar eagen hiene by de tariedingen.”
De wike bestie út in ôfwikseljend programma rjochte op de Fryske taal en kultuer en de rol fan de frou yn de regionale skiednis. De groep learlingen besocht Havotop yn Burgum, dêr’t de learlingen ris sjen koene op in middelbere skoalle yn Fryslân en se mei-inoar regionale hapkes makken, sa as brette hânsfuotsjes fan sûkerbôle en hjerring op brea. Mei besiten oan Tresoar, Museum Dokkum en Scherjon’s Klompe- en fierljepmuseum waarden de Ierske en Baskyske gasten ûnderdompele yn in autentike Fryske kulturele ûnderfining. Dêrneist soargen ynspirearjende lêzingen foar noch mear ferdjipping. Nei de lêzing fan Jessica Merkens oer froulju en de Alvestêdetocht mochten de learlingen en dosinten it reedriden sels ûnderfine by in reedrydclinic. Nei de lêzing fan Sippy Tigchelaar oer de rol fan de frou oan board fan skûtsjes en frachtskippen besochten de gasten in skûtsje om mei te meitsjen hoe’t it dêr doedestiids oan ta gie. “Benammen de Baskyske learlingen sloegen bot oan op de ferhalen oer de skipfeart yn Fryslân,” fertelt Welmoed. “Dat hiene we fan tefoaren net op dy manier ferwachte. Sokke mominten wiene hiel moai by de útwikseling: wylsto fan tefoaren tinkst datst we út sokke ferskillende regio’s komme, komst der op sa’n manier achter dat der eins dochs ek safolle oerienkomsten tusken ús binne.”
WikiWomen is in Erasmus+projekt en in gearwurking fan organisaasjes út Ierlân, Baskelân en Fryslân. Yn it ramt fan dat projekt is yn de ôfrûne trije jier lesmateriaal ûntwikkele wêryn’t learlingen leare oer de ‘gender gap’, de kleau tusken man en frou, op Wikipedy en yn de
skiedskriuwing, en oer de rol fan minderheidstalen. Dêrnei dogge de learlingen ûndersyk nei in selskeazen frou út de regio en skriuwe se in Wikipedy-artikel oer har. Op dy wize dogge de learlingen digitale, ûndersyks- en skriuwfeardichheden op yn harren eigen minderheidstaal. It
lesmateriaal is foar alle middelbere skoallen yn Fryslân beskikber en te brûken fia de fergeze lesmetoade Searje 36. Mear ynformaasje: Wikipedia, minority languages and the gender gap | WikiWomen
De aftermovie fan de útwikseling en it ferske mei de titel Ien foar allen is te finen op: https://www.youtube.com/watch?v=PH5z72TZDQc&feature=youtu.be
Laat een reactie achter