“De Fryske Akademy hat yndrukwekkend sterke kapasiteiten sjen litten op ferskate mêden, wêrûnder ûndersykskwaliteit, maatskiplike relevânsje en akademyske kultuer.” Dit binne wurden út de konklúzje yn it evaluaasjerapport fan in ûnôfhinklike ynternasjonale kommisje, dy’t yn opdracht fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en ûnder foarsitterskip fan prof. dr. P.C. Hengeveld fan de Universiteit fan Amsterdam, it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy, en dêrmei ek fan it Mercator Europeesk Kennissintrum, yn de referinsjeperioade 2020-2023 beoardiele hat.
It rapport beklammet it sukses yn it fersterkjen fan regionale en ynternasjonale gearwurkingsferbannen, de multydissiplinêre oanpak fan de frisistyk en it feit dat de ynstelling ynspilet op maatskiplik ferlet troch útwreiding fan ûndersyksgebieten en digitale inisjativen. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder seit dan ek: “Wy binne tige bliid dat de kommisje de kwaliteit fan ús ûndersyk, mar ek fan ús ûndersyksmienskip, erkent. It rapport ûnderskriuwt it fierdere potinsjeel foar de takomst en moediget ús oan om troch te gean op de wei dy’t wy ynslein binne. Hjir bin we grutsk op.”
De fisitaasjekommisje jout yn har rapport noch as oandachtspunten mei dat der romte is foar ferbettering op bygelyks it mêd fan (ûndersyks)finansiering, diversiteit en de yntegraasje fan it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de aktiviteiten fan de ynstelling.
Oer de evaluaasje
De KNAW hâldt it wittenskiplik tafersjoch oer de Fryske Akademy. Yn dat ramt wurdt ien kear yn ‘e seis jier yn opdracht fan ‘e KNAW in ûndersyksevaluaasje fan it ynstitút útfierd troch in eksterne, ûnôfhinklike fisitaasjekommisje. Dy jout dan in saakkundich oardiel oer de wittenskiplike prestaasjes fan ‘e Fryske Akademy yn de ôfrûne jierren.
Yn de perioade maart-juny 2024 hat in ynternasjonale evaluaasjekommisje it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy beoardiele dat útfierd is yn de referinsjeperioade 2020-2023, mei refleksjes op de perioade sûnt 2018. Dizze besite soe plakfine yn 2021, mar wie opskood yn de tiid fanwegen de reorganisaasje dy’t de Fryske Akademy trochmakke hat yn de perioade 2018-2020.
Jos Houtsma zegt
Fijn dat er een digitale plek is voor de Frisistiek. Maar het Fries is een taal die ik moeilijk of niet kan lezen en wat er wordt gecommuniceerd in deze taal is niet zo relevant voor me. Hetzelfde zal gelden voor een flinke deel van de lezers van Neerlandistiek. Zou het niet beter zijn als de Friese bijdragen een eigen plekje krijgen?
Marc van Oostendorp zegt
Er zijn mensen die op Neerlandistiek alleen over letterkunde willen lezen, en alle taalkunde ‘niet zo relevant’ vinden, en omgekeerd. Er zijn mensen die alleen geïnteresseerd zijn in de 21e eeuw, en de rest niet interessant vinden, en omgekeerd. De neerlandistiek en de frisistiek versterken elkaar, zeker in deze barre tijden. Vooralsnog kiezen wij ervoor om een veelstemmig blad te zijn. Het Fries is voor de gemiddelde Nederlandstalige nu ook weer niet zó lastig te lezen.
gert slings zegt
Het zou mooi zijn als er een vertaling aanhangt. Ik vind het Fries lastig te lezen. Mag dat op mijn 87ste?
Marc van Oostendorp zegt
Dat mag, zeker. Maar u kunt natuurlijk sommige berichten ook overslaan.