• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Eksterne kommisje oer Fryske Akademy: “Yndrukwekkend sterk”

4 januari 2025 door Redaksje Frisistyk 6 Reacties

“De Fryske Akademy hat yndrukwekkend sterke kapasiteiten sjen litten op ferskate mêden, wêrûnder ûndersykskwaliteit, maatskiplike relevânsje en akademyske kultuer.” Dit binne wurden út de konklúzje yn it evaluaasjerapport fan in ûnôfhinklike ynternasjonale kommisje, dy’t yn opdracht fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en ûnder foarsitterskip fan prof. dr. P.C. Hengeveld fan de Universiteit fan Amsterdam, it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy, en dêrmei ek fan it Mercator Europeesk Kennissintrum, yn de referinsjeperioade 2020-2023 beoardiele hat.

It rapport beklammet it sukses yn it fersterkjen fan regionale en ynternasjonale gearwurkingsferbannen, de multydissiplinêre oanpak fan de frisistyk en it feit dat de ynstelling ynspilet op maatskiplik ferlet troch útwreiding fan ûndersyksgebieten en digitale inisjativen. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder seit dan ek: “Wy binne tige bliid dat de kommisje de kwaliteit fan ús ûndersyk, mar ek fan ús ûndersyksmienskip, erkent. It rapport ûnderskriuwt it fierdere potinsjeel foar de takomst en moediget ús oan om troch te gean op de wei dy’t wy ynslein binne. Hjir bin we grutsk op.”  

De fisitaasjekommisje jout yn har rapport noch as oandachtspunten mei dat der romte is foar ferbettering op bygelyks it mêd fan (ûndersyks)finansiering, diversiteit en de yntegraasje fan it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de aktiviteiten fan de ynstelling.

Oer de evaluaasje

De KNAW hâldt it wittenskiplik tafersjoch oer de Fryske Akademy. Yn dat ramt wurdt ien kear yn ‘e seis jier yn opdracht fan ‘e KNAW in ûndersyksevaluaasje fan it ynstitút útfierd troch in eksterne, ûnôfhinklike fisitaasjekommisje. Dy jout dan in saakkundich oardiel oer de wittenskiplike prestaasjes fan ‘e Fryske Akademy yn de ôfrûne jierren.

Yn de perioade maart-juny 2024 hat in ynternasjonale evaluaasjekommisje it wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy beoardiele dat útfierd is yn de referinsjeperioade 2020-2023, mei refleksjes op de perioade sûnt 2018. Dizze besite soe plakfine yn 2021, mar wie opskood yn de tiid fanwegen de reorganisaasje dy’t de Fryske Akademy trochmakke hat yn de perioade 2018-2020.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: Fryske Akademy, KNAW

Lees Interacties

Reacties

  1. Jos Houtsma zegt

    4 januari 2025 om 11:29

    Fijn dat er een digitale plek is voor de Frisistiek. Maar het Fries is een taal die ik moeilijk of niet kan lezen en wat er wordt gecommuniceerd in deze taal is niet zo relevant voor me. Hetzelfde zal gelden voor een flinke deel van de lezers van Neerlandistiek. Zou het niet beter zijn als de Friese bijdragen een eigen plekje krijgen?

    Beantwoorden
    • Marc van Oostendorp zegt

      5 januari 2025 om 12:14

      Er zijn mensen die op Neerlandistiek alleen over letterkunde willen lezen, en alle taalkunde ‘niet zo relevant’ vinden, en omgekeerd. Er zijn mensen die alleen geïnteresseerd zijn in de 21e eeuw, en de rest niet interessant vinden, en omgekeerd. De neerlandistiek en de frisistiek versterken elkaar, zeker in deze barre tijden. Vooralsnog kiezen wij ervoor om een veelstemmig blad te zijn. Het Fries is voor de gemiddelde Nederlandstalige nu ook weer niet zó lastig te lezen.

      Beantwoorden
    • Anne Merkuur zegt

      7 januari 2025 om 09:19

      Dit is die eigen plek, onder Neerlandistiek: frisistyk.nl

      Beantwoorden
  2. gert slings zegt

    6 januari 2025 om 17:04

    Het zou mooi zijn als er een vertaling aanhangt. Ik vind het Fries lastig te lezen. Mag dat op mijn 87ste?

    Beantwoorden
    • Marc van Oostendorp zegt

      6 januari 2025 om 17:52

      Dat mag, zeker. Maar u kunt natuurlijk sommige berichten ook overslaan.

      Beantwoorden
    • Anne Merkuur zegt

      7 januari 2025 om 09:18

      Via http://www.frysker.nl kunt u de tekst eenvoudig vertalen!

      Beantwoorden

Laat een reactie achter bij Anne MerkuurReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d