By it lienen fan Maria Rosa Menocal, De gouden eeuwen van Andalusië. Amsterdam s.j.[ Oersetting fan The Ornament of the World: How Muslims, Jews, and Christians Created a Culture of Tolerance in Medieval Spain]
By Op syn Scots skreau ik dat as ik yn it gebiet fan in minderheidstaal kom, ik altyd de boekhannel yngean om te sjen oft dêr ek resinte literatuer oer dy minderheidtsaal te finen is. Yn Spanje, dêr’t ik mei de hjerst wie, binne trije grutte minderheidstalen, mar om dêr in tagonklik boek oer te finen is dreech oft alle boeken yn it Spaansk binne, ek yn de universiteitsboekwinkel fan Murcia! Mar ja, nei it Sineesk (1300 miljoen) is it Spaansk of it Kastilijaansk ek de taal mei it grutste oantal memmetaalsprekkers: 460 miljoen, mear as de 380 fan it Ingelsk. Gelokkich hie ik út in Fryske iepenbiere bibleteek in boek liend oer de meartalige situaasje yn de tiid fan de Moaren, de moslims dy’t midsiuwenlang de skepter swaaid hawwe op it Ibearysk skiereilân (de Arabyske conquista): De gouden eeuwen van Andalusië. Taalsosjologysk binne dy iuwen o sa nijsgjirrich, omdat der net inkeld trije saneamde sakrale talen (Arabysk, Latynsk en Hebriuwsk), mar ek minderheidstalen (Berbersk/Tamazight en Goatysk) en in him ûntwikkeljende fulgêr-latynske folkstaal – de prototaal fan it Kastilijaansk, it lettere Spaansk – praat en/of skreaun waarden. It gehiel jout lykas by it Scots wer aardich ferlikingsmateriaal mei de taalhistoaryske ûntwikkelingen te uzes dêr’t ek sakrale, minderheids- en prototalen, praat binne. Mei ‘Andalusysk’ referearje ik yn dit ferbân oars oan dat gehiel oan talen, en net oan it dialekt fan it Kastilijaansk dat no yn it súdlikste lânsdiel praat wurdt.
Maria Menocal skriuwt yn har Gouden eeuwen net allinnich oer de relatyf tolerante perioades dy’t der bestienen tusken de moslims, joaden en kristenen, mar ek oer de yntolerante fan it ferdriuwen en fermoardzjen fan joaden en kristenen yn de hege midsiuwen troch de moslims en it ferdriuwen fan moslims en joaden oan de ein fan de midsiuwen troch de kristenen. Dat mei-inoar libjen, de ‘convivencia’, brocht meardere diglossyske taalsituaasjes fuort dêr’t de ûnderlinge ferhâldingen yn tiden in beskate freedsume modus vivendi bewurke. Hjir folget in koarte skets fan de taalûntjouwingen mei op de ein in ferliking tusken al-Andalus en de Lege Lannen.
De ûntjouwingen foar en yn de gouden iuwen
It Ibearysk eilân prate foar it begjin fan ús jiertelling noch Keltysk en Ibearysk (taalfamylje ûnbekend), mar dy talen waarden nei de Romeinske ferovering stadichoan troch it (Fulgêr-)Latyn oan kant skood. Nei it swakker wurden fan it West-Romeinske Ryk yn de fyfde iuw namen de Fandalen en benammen de foar in grut part romanisearre Fisigoaten út it suden fan Galje wei harren kâns waar om har dêr sa’n twa iuwen lang te festigjen. It Goatysk hat noch oan de ein fan it arianisme ta as religieuze taal tsjinje kind. Omdat der in soad ûnderlinge striid wie by dy fan oarsprong Germaanske groepen, koenen yn de achtste iuw de Islamityske Berbers út Noard-Afrika wei maklik in grut part fan Hispania feroverje, yn de rin fan dy iuw oernommen troch de Arabieren fan Abd al-Rahman I. Dy lieder fan de islamityske adelike elite wie út Damaskus flechte en hie úteinlik it eigen emiraat fan Kordoba opset der’t er troch tûk bestjoerlik en kultureel belied it Arabysk ta de dominante taal fan al-Andalus makke, de namme fan hiele Spanje yn dy tiid. Under de Arabieren koenen lange tiid ek kristenen en joaden wenje en har godstsjinst belibje. De joaden en katolike kristenen wienen foar in part op it fulgêr-Latyn en it Arabysk oergongen, mar hienen respektyflik it Hebriuwsk en it Latyn as religieuze taal oanholden foarsafier’t se har net ta de Islam bekeard hienen. In moai foarbyld fan dy mearetnyske en meartalige ko-eksistinsje wurdt personifearre yn de figuer fan Samuel Ibn Nagrila (993-1056), dy’t út in Arabyskpratende joadske famylje kaam en him yn de heechste betsjoerlike en wittenskiplike rûnten fan Kordoba beweegde. Nei’t de tolerânsje dêr yn it begjin fan de alfde iuw foarby wie, ferfear er nei Granada dêr’t er fizier en dichter waard. Hy neamde himsels de David fan syn tiid; mei syn fersen blaasde er de deade taal fan it bibelske Hebriuwsk nij poëtysk libben yn mei elan en glâns fan de Arabyske poëzij. By de Arabieren wie sa’n diglossyske taalferdieling net wêzentlik oars, omdat sy sels yn de gewoane omgong in Ibearysk Arabysk dialekt praten mar foar de godstsjinst en it skriuwen Koran-Arabysk hantearren.
It brûken fan dy trije talen foar it religieuze domein joech se in sakrale lading. De bloeiende Arabyske taal en kultuer wienen dominant en oantreklik foar joaden en kristenen wurden. It kalifaat fan al-Andalus profitearre nammentlik mei fan de kulturele bloei fan it Arabyske Ryk fan Yndia oant it suden fan Galje en Marokko. Al-Rahman-en-dy setten net allinnich monumintale bouwurken û.o. yn Kordoba (Mezquita), Granada (Alhambra), Sevilla (Alcazar) en Saragossa (Aljafería) del, sy brochten ek kultuer (poëzy) en wittenskip (grutte bibleteken mei grut ferskaat oan kontemporêne literatuer út it hiele ryk) ta grutte bloei. De universiteit fan Kordoba (sa’n 100.000 ynwenners) wie yn dy gouden iuwen de top mei astronomy, wiskunde, medisinen, teology en rjocht doe’t der yn West-Europa akademysk noch net folle te rêden wie. Yn de tiid dat West-Europa gjin kontakt mear holden hie mei de Grykske kultuer mei filosofen as Plato en Aristoteles en de kennis fan it Gryksk fuort fallen wie, wienen dy filosofyske en wittenskiplike wurken yn it Arabysk oerset. Bygelyks de Arabyske filosoof Averroes (1126-1198) fan Kordoba hat de ideeën fan Aristoteles útdjippe en yn de Arabyske wrâld bekend makke. Ek putte de Arabyske kultuer út de wiskundige ynsichten fan it fiere easten mei it brûken fan it getal 0 en de oare sifers 1, 2, 3. …, dy’t wy no ‘Arabyske’ sifers neame, mar fan oarprong Yndiaask binne. Hiel wat handiger as de Romeinske notaasje I, II, III. …. De Amerikaanske histoarikus David Levering Lewis hat wolris skreaun dat Karel Martel noait oan de Slach by Poitiers (of Tours) (732) – dy’t er fan de moslims wûn hie – begjinne moatten hie; dan wie West-Europa trije iuwen earder út syn achterlike steat weirekke (God’s Crucible [Smeltkroes]. Islam and the Making of Europa, 570-1215) (sjoch side xxiii)!
De opkomst fan de Romaanske folkstaal dêrnei
Nei de Arabyske bloeitiid oant sa’n 1000 begûnen de Romaansktalige kristlike keninkriken as Galysje en it lytste Kastylje op te setten dy’t troch it kalifaat mei it Baskysk yn Pamplona/Navarra nei de noardlike râne fan it skiereilan weromkrongen wienen. De saneamde ‘Reconquista’ (it weromwinnen fan it bestjoerlike en religieuze terrein dat yn de foargeande iuwen ferlern gongen wie) begûn mei de ferovering fan Toledo (1085) en sette yn de trettjinde iuw pas goed troch. Nei de fal fan Tolosa (1212), Kordoba (1236) en Sevilla (1248) waarden de mosselmannen weromjage nei it lêste stik Spanje dat noch lang Islamitysk bleau: it emiraat Granada dat lang om let yn 1492 troch de katolike foarsten fan Kastylje en Aragon ûnder de foet rûn waard.
Mei de opkomst fan Kastylje út it gebiet fan Burgos wei, klom ek it fulgêr-Latynske dialekt fan dy krite en ek it saneamde ‘Andalusyske Romaansk’ of ‘Mozarabysk’ op fan syn leech prestiizje as sprektaal ta skriuwtaal dy’t letter it Standertkastilijaansk wurde soe. Hiel lang wie it Latyn foar de sprekkers de offisjele (skriuw)taal, mar sa stadichoan mei’t it in deade taal waard, waarden tusken de Latynske teksten Kastyljaanske glossen fan de libbene sprektaal as oersetting kwattele (sjoch Glossas Emilianenses).**
Foardat it ta wie oan in namme foar in op himsels steande taal moast der oan ferskillende betingsten foldien wurde:
1. Bewustens fan it objektive ferskil fan de nije sprektaal mei de sakrale (skriuw)taal Latyn, dy’t al foarsichtich yn de tolfde iuw op mar seker yn de trettjinde iuw ta stân kaam;
2. it ûntstean fan in politike en sosjale entiteit, Kastylje, dy’t eigennammen jout oan syn ynwenners en harren taal: dat al fan de njoggende iuw ôf al opkaam en
3. it besef fan it ferskil mei oare talen fan itselde komôf dêr’t it hiel lang diel fan útmakke.
Nei de ferovering troch de kristenen kaam yn de trettjinde oant en mei de sechtinde iuw de saneamde oersetskoalle yn Toledeo ta bloei. It foarme in belangrike stipe foar de ûntjouwing fan de skriuwtaal. Dêr ûntstie as opfolger fan Kordoba in oantreklik wittenskiplik klimaat mei goede biblioteken, dêr’t islamityske Arabieren en Berbers, en Arabysk- en Romaanskpratende kristenen en joaden fredich mei-inoar libben. Hjir waarden Arabyske teksten oer astronomy, natuerkunde, biology, medisinen en kosmology basearre op wurken fan klassyk-Grykske auteurs as Aristoteles, Euclides en Ptolemaeus oerset yn it Latyn. It foarme fan de tolfde iuw ôf de skeakel tusken de easterske en westerske filosofy en wittenskippen, dy’t dêrnei pas in wichtich plak yn West-Europa krigen. Nei dy earste faze kaam de stadige oergong nei de direkte oersetting nei it Kastilijaansk. It waard de nije literêre taal, dy’t yntiid al earder al brûkt wie yn kânselarijdokuminten. De Siete Partidas (Sân Dielen) is bygelyks it wetboek dat opsteld is yn de eigen folkstaal, dat net allinnich in standerdisaasje fan de wetten betsjutte, mar ek dy fan de taal. Yn de regearperioade fan Alfons de Wize (1252 -1284) kaam der sadwaande mear taalkundige ienheid. Dochs kin net sein wurde dat de namme Kastilijaansk hieltyd mear oanwûn: de ferskillende nammen Romance hat de hiele midsiuwen de dominante vorm west. De taaletnyske namme Kastilijaansk – yn tsjinstelling mei it Latyn én oare foarmen fan Romaansk as Aragoneesk – lit opmerklike skommelingen fan op- en delgong sjen; yn de hege frekwinsje yn de twadde helte fan de trettjinde iuw yn teksten ûnder Alfonso om pas in stadige opgong yn de fyftjide iuw.
Ferliking al-Andalus mei de Lege Lannen
Weromsjend sjogge wy yn al-Andalus – nettsjinsteande grutte ferskillen yn tempo – inselde patroan yn de taalûntjouwing as yn de Lege Lannen. Ut de oertaal (Latyn repektivelik Germaansk) kaam earst in prototaal (Fulgêr-Latyn respektivelik Proto-Nederdútsk en Proto-Frysk) fuort dy’t inkeld praat waard en noch gjin spesifike namme hie. Nei in oergongsfaze as interglossale taal tusken de sakrale skriuwtalen (bgl. ‘Alla vogelas …’ (Nederlânsk) en ‘Flah fetheran thera winda’ (Frysk)) ûntwikkelen har yn de lette midsiuwen mear strakomline politike entiteiten, resp. Reino de Castilia, Comes Hollant en Freesland (Fryske frijheid). Dêrbinnen waarden bewust selsstannige teksten skreaun yn de folkstaal, los fan de sakrale taal foar û.o. it rjocht en bestjoer (Siete Partidas respektivelijk Hollandsche Chronique fan Melis Stokeen it Alde Skeltarjocht). De namme fan Castiliano waard nei in ‘skimertiid’ yn de trettjinde iuw manifest, mar moast noch lang de algemiene namme Romance nêst him duldzje. It Nederlânsk is noch lang mei Diets/Duits en ek it Frysk noch lang mei Dútsk oantsjut; de eigennammen Nederduitsch en Vriesch/Vreesch kamen pas hiel stadich nei boppen.Wol krige it Spaansk al yn de midsiuwen in frij fiergeand karakter fan standerttaal dat yn de Nederlannen pas yn de renêssânsetiid (Nederlânsk) of yn de tweintichste iuw (Frysk) berikke soe. De namme Espanol waard yn de sechtjinde iuw húsriem.
*Mei tank oan Durk Gorter (Romaanske en Baskyske glossen), Donostia yn Baskelân.
** Sjoch ek Rafael Cano Aguilar, ‘De nuevo sobre los nombres medievales de la lengua de Castilla’ [Oer de midsiuwske nammen fan de taal fan Kastylje].
Laat een reactie achter