Yn it lêste wykein fan de Week van de Klassieken organisearret Tresoar it Oudheidfestival foar jong en âld. Op sneintemiddei 16 maart binne ferskate aktiviteiten, lykas in lêzing, bernekolleezje en in rûnlieding by bysûndere kolleksjes fan Tresoar del (wêrûnder de Buma Kolleksje en de Akademy fan Frjentsjer).
Bernekolleezje Lucas Knitel: Rellen en ûnrêst yn it Romeinske Ryk
Bernekolleezje Lucas Knitel
Troch har sterke legers, machtige keizers, treflike diken en yndrukwekkende bouwurken, soest tinke kinne dat de Romeinen alles perfekt op oarder hiene. Mar ek yn it Romeinske Ryk hiest dieven, moardners en sels hooligans. Wiene der dan ek al plysjes, rjochtbanken en finzenissen? Yn dizze lêzing fertelt histoarikus Lucas Knitel dy oer misdie en straf yn it Romeinske Ryk. Ekstra omtinken is dêrby foar de rellen yn Romeinske stêden as Constantinopel, Pompeii en Rome, dy’t soms dagen duorje koene en foar enoarme skea soargen. Wêrom brutsen sokke rellen út? Wa giene dêrby de strjitte op? Troch wa waard de oarder wer werombrocht? En ast mei in tiidmasine ien út it Romeinske Ryk nei 2025 helje kinne soest, soe dy dan fernuvere wêze oer fuotbalsupporters dy’t in stadion ôfbrekke? Yn dizze lêzing hearst it antwurd.
Troch Lucas Knitel
Oanfang: 13.30-14.30 oere
Doelgroep: fan 10 jier ôf (ek folwoeksenen binne wolkom)
Untdek de âldheidkundige kolleksjes fan Tresoar
Tresoar hat ien fan de grutste (foar publyk tagonklik) kolleksje âldheidkundige boeken fan West-Europa: de Buma Kolleksje. De kolleksje bestiet út hast 60.000 titels oer de tiid fan de Griken en Romeinen. Dizze kolleksje is wichtich foar it bestudearjen fan de âldheid. Wat makket dizze kolleksje sa bysûnder? Wat is it âldste boek fan Tresoar? Wat hat Tresoar fan de Akademy fan Frjentsjer bewarre? Op al dy fragen krijst antwurd by in rûnlieding troch ús depot.
Maks. 15 persoanen de rûnlieding
Doer: 45 minuten
Oanfang: 13.30, 14.30 en om 15.30 oere
Lêzing Hugo Koning: Zeus, bringer fan rjochtfeardichheid
Doe’t de kosmos noch mar krekt ûntstien wie en de âldste goaden taseagen op in wrâld fol woeste natuerkrêften en benaude meunsters, wie fan rjocht en rjochtfeardichheid gjin sprake. It is pas de tredde oppergod, Zeus, dy’t nei syn machtsoername wurk makket fan rjochtfeardichheid en de betingsten skept foar in maatskippij dêr’t rjocht sintraal yn stiet. Hoe komt dizze wûnderlike transformaasje ta stân? Wêrom docht Zeus dat en de goaden foar him net? Wat is nedich om ta in rjochtfeardige wrâld te kommen? En wat smyt dat op foar de minsken? Yn dizze lêzing sjogge we nei de âldste myten fan Grikelân om op dy oare fragen antwurden te finen – antwurden dy’t foar ús noch hieltyd relevant binne.
Oanfang: 15.30 -16.30 oere
Graach oanmelde om wis te wêzen fan in sitplak.
Laat een reactie achter