• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Manifestaasje Us allereigenste taal

21 februari 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Ofbylding fan Marcelo Russo de Oliveira – Coffee Tips Welcome fia Pixabay

Frysk en Frij organiseart in Manifestaasje Us aller eigenste taal op sneon 29 novimber 2025, 10.30-15.00 oere. Dy deis is fold mei in bondelpresintaasje, in foarum, ferskate foardrachten, muzyk en dûns. Foar de sammeldichtbondel is der in oprop om fersen yn te stjoeren. Dat kin oant 1 juny.

Sammeldichtbondel

Stjoer in fers op yn dyn eigen Frysk, bygelyks Klaaifrysk, Súdwesthoeks, Woodfrysk, oer it tema Taal. Frysk en Frij sil yn 2025 in sammeldichtbondel útjaan mei lyryk oer it tema Taal. Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen fan oaren. De ynlieding wurdt fersoarge troch Tsead Bruinja, dy’t it earste eksimplaar yn hannen stelle sil fan Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân.

Wy tidigje op fersen yn ûnderskate tongslaggen, lykas: Achterhoeks, Bildts, Brabants, Drents, Eilanners (Amelâns, West-Schylingers, Meslânzers, Aesters, Skiermuontseachs), Frysk, Hogelandsters, Oldambsters, Veenkolonioals, Westerkwartiers, Westerwolds, Hollands, Ingels, Limburgs, Nordfrasch, Overijssels, Ostfriesisch, Saterfreesche Spraak, Stedsfrysk (Bolswerters, Dokkumers, Franekers, Hylpers, Luwarders), Stellingswarfs, Twents, West-Fries, Zeêuws.
As it even kin wurde dêroerhinne ek gedichten opnommen yn Europese minderheidstalen, lykas: Baskys, Bretons, Gaelic, Kasjûbys, Katalaans, Kornys, Samys, Wels.

By genôch monetêr foardiel wurdt by pleatsing fan in fers € 75,00 fergoede.
Ynstjoere foar 1 juny 2025 nei: post@frysk-en-frij.nl.
De sammelbondel wurdt presinteard op sneon 29 novimber 2025, sjoch: Fier dyn frije taal.
Organisaasje: Utjouwerij Frysk en Frij, Klaas van Zandbergenstraat 28 – 9076 GB St.-Anne.

Foarum oer Us allereigenste taal – Taalhâlding Anno 2025

By it ferskinen fan ’e bondel Us aller eigenste Taal op 29 novimber 2025 wurdt in Taalfoarum organiseard mei as ûnderwerpen:

  • Taalnoarm.
  • Taaldiskriminaasje.
  • Taalhâlding.
  • Taal en identiteit.
  • Fuortbestean lytse talen,

Foarumleden:

  • Mirka Antolovic – direkteur Tûmba, oant novimber 2024 fraksjefoarsitter PvdA Ljouwert.
  • Anne-Goatske Breteler – skriuwer, sjoernalist, antropolooch, publykshistoarikus, podkastmakker
  • Tsead Bruinja – dichter, dosint, 2019 – 2020 Dichter des Vaderlands
  • Doutsen van Gosliga – senarist en dramaskriuwer.
  • Tialda Hoogeveen – ambassadrise It Fryske Berneboek, dichter, skriuwer
  • Syds Wiersma – dichter, meiwurker dichterskollektyf Rixt, poëzyoersetter, argivaris Frysk Film & Audio Argyf.

programma

Manifestaasje Us aller eigenste taal: sneon 29 novimber 2025, 10.30-15.00 oere

  • Algehiele lieding: Margriet Brandsma
  • Iepening: drs Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân, dy’t it earste eksimplaar fan ’e sammeldichtbondel oer it tema Taal yn hannen krijt
  • Foardrachten yn ûnderskate tongslaggen: ûnder oaren: Achterhoeks, Bildts, Frysk, Hoogelaandsters, Limburgs, Stellingwarfs.
  • Taalfoarum
  • Muzyk: Piter Wilkens
  • Dûns: Fryske Dûnsers
  • Boeketafel, koartingen op ’e nijste útjeften fan Frysk en Frij.
  • Trochrinnende Hege Tee

Plak: De Groate Kerk, Oasteand 1, 9079 KZ St.-Jabik
Tagong fergees. Opjaan hoecht net, kin wol: post@frysk-en-frij.nl -fol=fol.
Organisaasje: Stichting Erfgoed Fundaasje – Frysk en Frij
Bluesky: https://bsky.app/profile/fryskenfrij.bsky.social

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: gedicht, literatuer, minderheidstalen, taal, taaldiversiteit, taalnorm

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d