Op tiisdei 8 april is de Steateseal fan it Provinsjehûs wer de arena dêr’t it Grut Frysk Diktee holden wurdt. Fyftich minsken sille harren dan bûge oer drege wurden en útsûnderingen yn de stavering. De dikteetekst wurdt dit jier skreaun troch Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling.
Minsken dy’t op 8 april graach meidwaan wolle oan it Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 24 febrewaris oant 24 maart kin elkenien online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.
Ut de bêste dielnimmers wurde tweintich kandidaten selektearre en útnûge om mei te dwaan oan de grutte finale yn de deftige Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. De winner giet dy jûns nei hûs ta mei it fûl begearde Gouden Dakje.
Lês hjir mear oer it Grut Frysk Diktee fan 2025
Laat een reactie achter