
Mar dit is freonskip, dy’t de libbens bynt:
As skouwe siel oan siel syn skruten tinzen
Betrouwe doar, en grut betrouwen fynt,
De ban ûntslein fan willemoedske grinzen.
Yn ’t siikjend wurd ferbûn op stille wacht.
En djip fersteande ek wat gjin wurden neame;
Twa skoftge hynders, dy’t yn moannenacht
Feriene by deselde hikke dreame.
Ut: Samle fersen, 1974
Laat een reactie achter