Alle seizoenen bringt Ljouwert City of Literature yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêr fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje.
Elk seizoen kriget in oare dichter in skriuwopdracht. Ek wurde alle gedichten oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Per kalinderjier freegje wy in byldzjend keunstner of yllustrator om it byld te meitsjen. Dêrtroch passe de fjouwer boekelizzers yn it jier byinoar. De gedichten ferskine – yn de trije talen – ek op de webside fan CoL.
Foar 2025 makket Julia van der Bos de yllustraasjes. De boekelizzer foar de maitiid hat in gedicht fan Mayte Veenstra (Frysk en Nederlânsk), oerset troch Vivien Glass (Ingelsk).
Wêr te krijen?
De boekelizzers binne te krijen by:
Alle winkels fan Van der Velde Boeken yn Fryslân, Boekhandel Muizelaar Koudum, Het Boekhuis Boalsert, Het Boekhuis Warkum, Boekhandel Planteyn de Gordyk, Boekhandel Burgum, Kinderboekwinkel De Toverlantaarn, Boekhandel Friso Akkrum, Bruna Surhústerfean, Bruna Snits, Bruna Kollum, Boekhandel IJlstra Drachten en by de boekhannel fan de Afûk yn Ljouwert.
Eardere edysjes
2024
Hiele jier: yllustraasjes fan Michiel Kloppenburg
Maitiid: gedicht troch Arjan Hut (Fries), oerset troch Jantsje Post (Nederlânsk) en David Colmer (Ingelsk)
Simmer: gedicht troch Marrit Jellema (Nederlânsk), oerset troch Arjan Hut (Frysk) en Preston Losack (Ingelsk)
Hjerst: gedicht troch Paul van Dijk (Frysk/Nederlânsk), oerset troch Vivien Glass (Ingelsk)
Winter: gedicht troch Gabrielle Terpstra (Frysk/Nederlânsk), oerset troch Donald Gardner (Ingelsk)
2023
Hiele jier: byldzjend wurk fan Janine van Zeeland
Maitiid: gedicht troch Syds Wiersma (Frysk/Nederlânsk), oerset troch Michele Hutchison (Ingelsk)
Simmer: gedicht troch Iris Dicke (Nederlânsk), oerset troch Syds Wiersma (Frysk) en David McKay (Ingelsk)
Hjerst: gedicht troch Melvin van Eldik (Liwwadders/Nederlânsk), oerset troch David McKay (Ingelsk)
Winter: gedicht troch Lara Kool (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk)
Laat een reactie achter