• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

1 maaie 2025: Silent Book Club Fryslân

4 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Foto: Natalia Balanina

Lang om let lêze
In oerke foar dysels? Soest wol wolle, mar wannear dan?
Altyd mar drok? En gjin rêst om dy del te jaan?
Hast in moai boek? Mar leit dy noch altyd net lêzen yn ‘e kast?

Híel werkenber…

Dêrom organisearje wy de earste Silent Book Club yn Fryslân! De Silent Book Club is in wrâldwide mienskip fan lêzers en boekleafhawwers, mei mear as 500 lokaasjes yn 50 lannen oer de hiele wrâld! En fan 23 novimber 2023 ôf is Ljouwert oan dit ynternasjonale listke taheakke.

Nim dyn boek mei nei Tresoar en sykje in plakje yn ús smûke kafee.
Wy soargje foar in noflik plak om yn dyn boek te dûken. Mei oare lêzers!

Moetsje en lêze

Sjenre of taal? It makket neat út. Do meist alles lêze!
Prate oer in boek (of oare dingen) mei, mar hoecht net.
Diel dyn boeketips mei oaren, of hâld se lekker foar dysels 😉
Lear nije minsken kennen en genietsje mei elkoar fan in goed boek.

Koartsein: gjin tradisjonele boekeklup, mar in lêsselskip sûnder ferplichtingen.
Neat moat, alles mei!

“Bring Your Own Book”

Plof del yn ien fan ús hearlike stuollen. Pak in kessen, kleedsje en soargje datst lekker sitst.
Kinst in bakje kofje of tee helje. Of nim dyn eigen lekkers mei.
Ferjit fansels ek dyn boek net 🙂

19.45 – 20.00 Kom deryn en tref oare lêzers, of sykje daliks in plakje om te lêzen
20.00 – 21.00 In oere mei elkoar lêze, yn alle rêst sûnder steurd te wurden
21.00 – 21.30 Lês dat iene haadstik noch efkes út, meitsje in praatsje of gean wer nei hûs

It kostet neat en foarôf oanmelde is net nedich. Hoe moai is dat.

Do bist alle earste tongersdeis fan de moanne fan herte wolkom yn ús Silent Book Club:

  •      5 juny 2025

Delen:

  • Klik om af te drukken (Wordt in een nieuw venster geopend) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Wordt in een nieuw venster geopend) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Wordt in een nieuw venster geopend) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Wordt in een nieuw venster geopend) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Wordt in een nieuw venster geopend) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Wordt in een nieuw venster geopend) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: lêze, Silent bookclub, tresoar

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

27 novimber 2025: Skriuwerskafee

27 novimber 2025: Skriuwerskafee

16 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 novimber 2025: Masterclass én workshop oer it boek Kening & Kening

22 novimber 2025: Masterclass én workshop oer it boek Kening & Kening

14 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 novimber 2025: Poëzie Zaterdag

22 novimber 2025: Poëzie Zaterdag

13 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer

18 novimber 2025: start Skriuwersfakskoalle Berne- en jeugdliteratuer

13 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

18 novimber 2025: Akademylêzingen Herman de Vries & Anna de Vries

11 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d