• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Smoarch ljocht • Arjan Hut

7 april 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Smoarch ljocht (ferzje 1.5)

dit gedicht
(sis ik der fuortendaliks by)
wol net by de U.S.A. hearre

dit gedicht is
útsoarte autonoom
en lit him / har net platsmite
en betegelje
foar in fakânsjepark
(al soene de winsten maksimaal wêze!)

dit gedicht skûlet
yn sikehûzen, yn skoallen en
tsjerken en
gjin drone of skerpskutter
kin it reitsje (sèls dêr net!)

al stie it achter in sjoernalist
al stie it achter in helpferliener
al stie it achter in bern

dit gedicht tinkt:
smyt mei letters, net mei stiennen
sjit mei ideeën, net mei kûgels

dit gedicht is foar elkenien
ek foar dyjingen
dy’t it net in sint wurdich achtsje
ek foar dyjingen dy’t sizze
“de renêssânse is finaal trochsketten!”

dit gedicht soe wolle
dat elkenien har / him de bek hâldt
it is in troch-de-wykske moarn yn it hielal
gean mar ris de doar út
de skutting oer
te kuierjen
bûten de perken (alle perken!)
de stêd út
it spoar oer
de wâlden troch
nei it lân fan rôze snie

dit gedicht hat altyd by ús west
like âld en bryk as oarloch

meitsje dit gedicht wer grutsk!
miskien lit de sinne har kopke sjen (at se doart)
dat smoarge ljocht

Dit gedicht is yn febrewaris 2025 skreaun troch Arjan Hut, as Dichter fan Fryslân. De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op de webside Dichter fan fan Fryslân. Ferzje 1.5 is nei de tiid makke.

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Gedicht fan ‘e wike Tags: poëzie, Poëzy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d