• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Publyksstimming Liet 2025 set út ein

17 juni 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Liet yn 2024. Foto: Piet Douma

Tsien acts noch yn ‘e race foar finale

It Fryske publyk kin fan 16 juny ôf online in stim útbringe op ien fan de tsien acts, dy’t noch yn de race binne foar in finaleplak fan Liet 2025. It Fryske sjongfestival wurdt dit jier op tongersdei 11 septimber hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De act mei de measte stimmen fan it Fryske publyk kwalifisearret him streekrjocht foar de finale. Der kin stimd wurde fia www.liet.frl. De oare seis finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery, besteande út Christa Niklewicz (dichteres), Denise Rivera (sjongeres), Johanna Brinkman (sjoernaliste by Omrop Fryslân) en Sophie Schakelaar (eigeneres fan Artistic Recordstore yn Grou).

“Wy binne tige grutsk op de tsien lieten dy’t keazen binne troch de seleksjesjuery. De artysten ûnderskiede harren mei eigentiidse muzyk en teksten. De Fryske taal libbet en is wer hip! We hoopje fansels dat ek dit jier it Fryske publyk ús evenemint wit te finen en harren favorite akt nei in finaleplak stimt!”, sa seit foarsitter Pieter de Boer fan Stifting Liet.

Oant en mei freed 27 juny kin stimd wurde op ien fan de folgjende acts: Lotte Broersma, Swa’t & Co, Anke, Mayte, Anke Stilma, Sym & Sanne, Welmoed, Anna Spark, Rowan Veltman en Dani.

De kaartferkeap set ynkoarten út ein fia Neushoorn.

Liet

Sûnt 1991 wurdt jierliks it Fryske sjongfestival Liet organisearre. De finale fan Liet hat altiten plak fûn yn Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân. Betingst foar dielname oan Liet is dat de tekst fan it nûmer fan de dielnimmende artyst yn it Frysk is of yn ien fan de yn Fryslân sprutsen streektalen.

Nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan Liet is yn 2002 foar it earst Liet International organisearre (doe noch ûnder de namme Liet Ynternasjonaal). Mei dielnimmers út Europeeske regio’s dêr’t ek in regionale of minderheidstaal sprutsen wurdt. De winner fan Liet giet automatysk ek nei de edysje fan Liet International dat jier. Liet International fynt sûnt 2014 alle 2 jier plak.

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs Tags: frysk, muzyk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

26 maart 2026: Lettertreffen

26 maart 2026: Lettertreffen

15 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d