
It programma en gearfettingeboek fan ‘e Conference on Frisian Humanties, Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst, binne publisearre.
Conference on Frisian Humanities
De Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, it Lektoraat Meartaligens en Taalfeardigens fan de NHL Stenden Hegeskoalle, de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins, en de ôfdieling Taal, Technology en Kultuer fan RuG/Campus Fryslân organisearje de tredde Conference on Frisian Humanities.
Fan 12-14 novimber 2025 binne jo fan herte wolkom yn it Oranje Hotel yn Ljouwert om mei te praten oer it tema Bridges and Boundaries: Fryslân in a Global Context (Brêgen en Grinzen: Fryslân yn in mondiale kontekst). Kom dus nei Ljouwert foar trije ynspirearjende dagen fol plenêre sesjes, sympoasia en paper- en posterpresintaasjes.
Programma en gearfettingeboek
Sjoch foar it programma en it gearfettingeboek op: https://www.frisianhumanities.frl/programma/tiidskema

Laat een reactie achter