
It Aldfrysk hat it faak dreech om in plakje te finen middenmank de Aldgermaanske talen. Faak wurdt der op wiisd dat de taal let oerlevere is en dat de taal faak minder aldfrinzich bylket as bygelyk Aldingelsk of Aldheechdútsk. Dy lettere oerlevering is oars in selektyf argumint, want it measte dat bewarre is fan it Aldnoarsk is ek pas skreaun nei de 12e iuw, like betiid as de earste snipels oerlevere Aldfrysk. Dat de taal fan bygelyks de ‘Aldfryske’ oarkonden typologysk folle mear op it Middelleechdútsk liket as op it Aldsaksysk (Aldleechdútsk) is sûnder mis wier – in reden dat ik der ek foar pleitsje om dy taal mar ‘Midfrysk’ te neamen.
Gauris wurdt dan de Aldfryske taal fan Riustringen derby helle, mei sokke foarmen as sunu, stidi, bodo ‘soan, stee, geboaden’ foar wat yn oare Aldfryske teksten ferskynt as sune, stede, bode, allegearre mei de stomme ‘e’ (schwa). Dat sokke folle lûden amper te finen binne yn oare Aldfryske teksten, makket dat de taal folle minder eksoatysk oerkomt as de oare Aldgermaanske talen. Yn it Aldfrysk bûten Riustringen kamen yn ûnbeklamme wurdlid inkeld e en a foar en inkeld yn de datyf meartalsútgong ‑um ek de u. De ûnbeklamme e wurdt benammen yn lettere boarnen ek wol wer as i skreaun, mar út de ferdieling fan dy staveringswize docht bliken dat it hjir giet om in besykjen in heldere schwa wer te jaan, lykas yn 15e iuwsk kaepit ‘koft’ foar klassyk-Aldfrysk kapad.Om’t yn de rin fan de 14e en 15e iuw dy ‑um stadichoan feroaret yn ‑em en ‑en, de slot ‑e linkenlytsen ferdwynt en de ‑a faker as ‑e skreaun wurdt, hawwe eardere ûndersikers de konklúzje lutsen dat it Aldfrysk überhaupt noch inkeld in stomme-e hie yn ûnbeklamme posysje en dêrmei dus echt net de namme ‘Ald-’ fertsjinne.
Yn myn proefskrift haw ik sjen litten dat de fariaasje tusken ‑e, ‑a en it ûntbrekken fan in útgong yn de tiid tusken 1380 en 1520 hielendal net sa ûnsystematysk wie as earder wol útholden waard. Likegoed jildt dat as wy nei de âldere taalfoarmen sjogge, der soms ek nuveraardige fariaasje bestiet yn it foarkommen fan lûden yn ûnbeklamme posysje, dy’t skynber samar is. Ik wol hjir twa gefallen besprekke.
Datyf-meartalfoarmen op ‑em.
De ‘klassike’ foarm fan de datyf meartalsútgong is ‑um. Yn de teksten út de lette 14e iuw is dy foarm dominant. It is ek de algemiene útgong yn it besibbe Aldingelsk en Aldnoarsk. Nuvergenôch komme wy yn in folle âldere tekst as it Alde Skeltarjocht yn de ferzje fan hânskrift Unia – nei alle gedachten in ferzje dy’t de taal fan de iere-13e iuw werjout –, mar ek yn guon oare âlde teksten geregeldwei de útgong ‑em of inkeld ek ‑im tsjin. Foarbylden binne handem ‘hannen’ of neftim ‘nichten’, nêst foarmen as balkum ‘balken’, ethum ‘eden’. ‘Fertutearzing’ fan it Aldfrysk, koe men fan tinken wol hawwe, mar it docht bliken justjes oars te sitten. De ferdieling fan de ‑em/im vs. ‑um is nammentlik fanút in histoarysk perspektyf wei net samar. At ien sjocht yn it Aldheechdútsk, dan komme dêr twa útgongen foar de datyf meartal foar: ‑um (‑un) en ‑im (‑in). De ferdieling dêrfan giet werom op de Proto-Germaanske deklinaasjeklassen. It docht bliken dat de ferdieling fan ‑em/im vs. ‑um yn dy âldste Fryske teksten fierhinne lykop rint mei dy yn it Aldheechdútsk en Aldsaksysk en ferklearber is fanút dy histoaryske deklinaasjeklassen. De relaasje is net 100% en dat tsjut der op dat al yn dy iere tiid de kar foar de iene of de oare útgong net mear foar alle sprekkers like helder wie. Dat is ek net sa nuver: de útgongen yn it inkeltal dy’t de taallearder helpe moatte soene om ek de krekte meartalsútgong te kiezen, wiene al lang ferdwûn of allegearre ta ‑e wurden.
Opmerklik is dat yn de rin fan de 13e iuw de útgong ‑um dan algemien wurdt. It Aldfrysk fan 1350 liket sa mear op Aldingelsk en Aldnoarsk as it Frysk fan 1200, mar de reden is dat krekt dat âldere Aldfrysk in kontrast bewarre dat noch al yn it Aldheech- en leechdútsk bestie, mar krekt yn it Aldingelsk en Aldnoarsk al lang ferdwûn wie. Ynstee fan betizing fan ûnbeklamme lûden krekt in opfallend argaïsme yn de âldste Aldfryske oerlevering.
Fokaalepenthese (lûdynskowing)
Sjoch ris nei de ûndersteande tabel mei foarmen út de argayske en klassike Aldwestfryske oerlevering:
| ‘wapen’ | ‘himel’ | ‘wetter’ | ‘boel’ | ‘broer’ | |
| nom.sg. | wēpen | himel | weter | bōdel | brōther |
| dat.sg. | wēpn-e | himel-e | weter-e | bōdl-e | brōther-e |
Wylst de nominatyffoarm hieltyd in ûnbeklamme twadde wurdlid mei schwa hat, is der yn de tredde namfal dan ris útfal fan de ‑e‑, dan wer ris bliuwt der stean. In argayske taal as it Yslânsk (dat hjir ûnferoare is sûnt de Aldnoarske tiid) hat hjir in folle konsekwinter byld: yn dy namfallen, dat der in lûd oan ‘e ein stiet, falt it tuskenlûd fuort: 3e namfal lykli, himni, bræðra (nêst 1e namfal lykill ‘kaai’, himinn ‘himel’, bróðir ‘broer’). It Aldingelsk rint hjir fierhinne lykop mei it Aldnoarsk. Lykwols: de skynber doelleaze fariaasje yn it Aldfrysk docht bliken bei eintsjebeslút krekt in âlder stadium fan it Aldgermaansk te werspegeljen as it Aldnoarsk, al hat it Aldnoarsk ek wer dingen dy’t it Aldfrysk net mear hat.
De kearn fan de saak kin dúdlik makke wurde oan de hân fan it pear wēpen en himel. Yn it Yslânsk is it earste wurd yn de earste namfal vopn, it twadde himinn. Wy sjogge hjir feitlik it Fryske patroan yn spegelbyld: dêr’t it Aldfrysk gjin tuskenlûd hat yn de tredde namfal, ûntbrekt it yn it Yslânsk yn de grûnfoarm, en omkeard foar himel/himinn.
It oarspronklike patroan is goed te sjen yn it noch âldere Goatysk, dêr’t de stam konstant is, ûnôfhinklik fan de fraach at der noch in wurdlid op folget: *wepn – wepna, himins – himina-. It lit sjen dat yn it wurd foar ‘wapen’ oarspronklik net in ekstra lûd siet, mar yn ‘himel’ al. It Aldfrysk bewarret yn de ferbûgde foarm dus de oarspronklike tastân. Dat yn it Aldfrysk wēpen stiet en net *wēpn, hat der mei te krijen dat de kombinaasje ‑pn oan ‘e ein lestich út te sprekken is, al hawwe de Yslanners dêr blykber minder muoite mei. It wurd fûgel is wat dat oanbelanget ek in aardich foarbyld. Yn it Yslânsk is it fugl, yn it âldste Aldingelsk ek, mar dêr wurdt it letter fugol, en ek it Frysk hat der dus in ekstra lûd ynskood om de útspraak.
Mar by weter(e) en brōther(e) liket it ferhaal minder goed te klopjen. It earste wurd giet werom op in Proto-Germaans *watr-, it twadde op *brōþer-. Dat it Frysk wetere hat en net *wetre, komt troch de ‑r. De kombinaasje ‑tr is sa lestich út te sprekken, dat dêr altyd wol in ‑e‑ tusken wol. Sels de Yslanners hiene muoite mei dy ‑r, want in Aldnoarsk wurd as betr is yn it moderne Yslânsk ek betur wurden. Inkeld yn bestjurre wurden bewarret it Aldfrysk noch de âlde sitewaasje sûnder tusken ‑e‑, lykas yn thunresdei (en net *thuneresdei) ‘tongersdei’ of awetre ‘op it wetter’ (tink oan in ferlykber bestjurre foarm as ter zee yn it Nederlânsk mei in âlde namfalsform).
In lêste komplikaasje docht him foar yn it wurd bōdel – bōdle, dat werom giet op in stam *bōdil-. Wylst de histoaryske *i yn himel stean bliuwt, ferdwynt er yn bōdle. De reden leit him yn de lingte fan de stam. Yn him- is de stam koart, yn bōd– lang. Nei lange stammen ferdwûn de *i, mar nei koarten bleau der stean, krekt as yn wedeles (genitify) fan wedel ‘wijwetterboarstel’ < *wadil-; ferlykje nidla < *nēdlō ‘nulle’.
Sa docht bliken dat it yn it Aldfrysk dus útmakke at in e stie foar in eardere *i, foar in oar lûd of it resultaat wie fan in letter ynskowen om de útspraak makliker te meitsjen. Al dy ûnderskate e-lûden hâlde en drage har dus noch as hiene se eins noch dy âlde kwaliteiten. Har feskinen en ferdwinen is fierhinne foarsisber op basis fan de Proto-Germaanske tastân. Dat makket dat ek it 13e iuwske Aldfrysk, mei inkeld syn e-, a– en inkelde ‑u-lûden yn ûnbeklamme posysje wat dy ûnbeklamme lûden oanbelanget noch as in echte Aldgermaanske taal begrepen wurde kin.
Foar folgjende generaasjes fan Frysklearders wiene al dy histoarysk bepaalde ferskillen net mear te hearren: dat moast wurd foar wurd leard wurde (sa’t wy no noch leare moatte at in wurd in de- of in it-wurd is). It seit himsels dat it systeem te kompleks wie om yn syn hiele hear en fear bewarre te wurden en dus begjint it systeem al gau te skowen. Letter yn de tiid komme wy dan ek foarmen as wepene of niddela (âlder nidla ‘nulle’) tsjin, basearre op de ûnferbûgde foarmen wepen en niddel, mar krekt ek wer fingra.
Dizze analyse lit nochris sjen dat it Aldfrysk laach foar laach analysearre wurde moat. As jo alles tusken 1200 en 1550 op ien bult faaie, ûntstiet in tizeboel dêr’t gjin systeem yn sit. At jo de boel útinoar tize, dan wurdt dúdlik hoe ‘Ald’ at it âldste Aldfrysk feitlik is.

Laat een reactie achter