• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Santjin nije Midfryske teksten 

14 augustus 2025 door André Looijenga Reageer

Wat is eins it ‘Midfrysk’? En watfoar teksten waarden der yn dy taal skreaun? In krekt ferskynde lytse samling ‘nij ûntdutsen’ Midfryske teksten jout dêr in moaie yndruk fan. 

Ut en troch komme der noch ûnbekende teksten oan it ljocht yn it Frysk fan trije- of fjouwerhûndert jier lyn. Yn it nijste nûmer fan it wittenskiplik tydskrift Us Wurk stiet in bydrage fan Philippus Breuker mei santjin Midfryske teksten, dy’t sûnt 2008 bekend wurden binne.  

It is hiel moai dat dizze ‘nije’ teksten no by-inoar brocht binne, yn in open access tagonklik artikel. It is in hiele aardichheid dat wy mei sokke teksten hieltyd wat mear te witten komme oer it Frysk yn de perioade tusken 1550 en 1800. 

Jo fine de útjefte fan de santjin teksten hjir: Philippus Breuker, ‘Noch in steat ûnbekende Midfryske teksten’, Us Wurk 75 (2025), 65-89. 

Hjirûnder sil ik yn it algemien wat taljochtsje oer de aard en it belang fan dizze ‘nije’ Midfryske boarnen. Yn lettere bydragen wol ik op guon fan de teksten wat djipper yngean. 

Yn it foarste plak: wat is eins ‘Midfrysk’? En wêrom binne dizze teksten no sa bysûnder? 

‘Midfrysk’ is de tradisjonele namme dy’t wy as frisisten jouwe oan de taal tusken it Aldfrysk út de midsiuwen en it Nijfrysk fan begjin 19e iuw oant no. It is dus it Frysk fan de 16e, 17e en 18e iuw, yn Westerlauwersk Fryslân. De namme Midfrysk is ûnder frisisten ynboargere, mar nei bûten ta neam ik it leaver ‘Vroegmodern Fries’ of ‘Early Modern Frisian’. ‘Midfrysk’ is ommers gjin (let) midsiuwske taalfaze lykas Middelnederlands, Middle English of Mittelhochdeutsch. It measte 17e-iuwsk en 18e-iuwsk Frysk stiet ek net sa hiel fier fan it lettere Frysk ôf. As jo in bytsje wend binne oan in pear oarsige wurdsjes en de tipelsinnige stavering, lêze jo it frij flot.  

De grinzen fan de trije taalfazen (ca. 1550 en ca. 1800) binne eins út de literatuerskiednis wei yn de taalkunde kommen. ‘Aldfrysk’ hâldt op de lêste Frysktalige rjochtsteksten en oarkonden tsjin 1550, ‘Nijfrysk’ begjint winliken by de Fryske ferskes en teltsjes fan de bruorren Halbertsma yn de jierren 1820. 

Fryske teksten út dat saneamde Midfryske tiidrek binne bysûnder omdat der net folle Frysk skreaun waard yn dy tiid. Seker yn ferliking mei it Frysk yn de twa-en-in-fearnsiuw nei 1800. Dat makket alle Fryske tekstkes út de 16e, 17e en 18e iuw weardefol, ek al binne it soms mar in pear wurden. Alles by-inoar lêze wy sa wat werom fan de taal fan tsientallen oare Frysktaligen, neist de ferneamde master-dichter Gysbert Japix (1603-1666).  

Wat sjogge jo yn it artikel fan Breuker?  

It is in útjefte fan de teksten sûnder folle taljochting. Breuker syn artikel begjint mei in koarte ferantwurding en in opsomming fan de nije teksten mei de plakken dêr’t se te finen binne, ûnder ferwizing nei de ynventarisnûmers fan biblioteken en argiven. De teksten sels komme dêrnei: meastal allinnich de Fryske tekst, soms mei in bytsje fan de Nederlânske of Latynske tekst deromhinne dêr’t de Frysk wurden in ûnderdiel fan binne. Elke Midfryske tekst hat in synjatuer, in folchnûmer, dat bestiet út it jiertal dêr’t it yn skreaun of printe waard en in letter. Sa is tekst 1765Q de santjinde (fandêr: Q) Midfryske tekst út 1765 dy’t op dizze wize útjûn is.    

De teksten binne safolle mooglik skreaun sa’t se op de skriftdrager steane. De stavering is net oanpast en flaters binne net ferbettere. In tekst dy’t sa útjûn is neame wy in diplomatyske edysje.  

Dit nije artikel is in oanfolling op it projekt om alle Midfryske teksten út te jaan dat al yn 1952 fan start gien as op it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. De bedoeling wie om op basis fan dizze rige útjeften ta in wurdboek fan it Midfrysk te kommen. Tusken 1954 en 1962 hat Tony Feitsma in protte wurk út de wei set oan it útjaan fan it ein-16e-, 17e– en 18e-iuwske Frysk, yn de rige Estrikken. Yn de earste desennia wiene dat grutte stencilde dielen op ûnderwilens gielbrún papier. Dêrnei folgen ek noch oanfoljende dielen mei Midfryske teksten yn 1969, 1972, 1987 en 2008.    

De útdaging is om no fierder te gean mei dizze teksten. Der falt oer elk fan de Midfryske teksten in lytse wrâld te ûntdekken. Dêr hoopje ik kommende tiid mines ta te dwaan. En, wa wit, wurdt it nei 73 jier nochris wat mei it Midfrysk Wurdboek… 

Wat foar teksten lêze jo yn it artikel?  

In grut ferskaat dat eins wol in soad seit oer hoe’t tusken ûngefear 1550 en 1800 it Frysk as skreaune taal brûkt waard. Der binne trije gedichten by dy’t skreaun en printe binne om in studint mei syn promoasje te felisitearjen (1654E, 1709E, 1785Z). Der sitte stikjes Frysk by dy’t yn freone-albums opskreaun waarden (1604A, 1765Q, 1772C, 1777V, 1790E, 1794C, 1798F, 1798G). Twa kear Frysk wêryn’t in ferklearring fêstlein waard (1558B oer in stik lân, 1716D yn in saak oer ferbaal wangedrach). In pear sinnen Frysk yn in persoanlike brief (1780Y). Wurden op in grêfsark (1558C) en in Frysktalige gevelstien (1740F). 

Soms binne it mar in pear Fryske wurden: allinnich in spreuk, in biedwurd, motto of slogan. “Haad dae tzien” (‘hâld de tsien’, 1558C); “godt ijnt hert” (‘God yn it hert’, 1604A); trije kear in fariant op ‘It is mei sizzen net te dwaan’ (1772C, 1790E, 1798F), – de meast populêre Fryske spreuk fan de ier-moderne tiid (ferlykje ‘geen woorden maar daden’; ‘facta non verba’). It Frysk wie dúdlik in taal fan siswizen om as jo motto te kiezen: “Sljeucht in Rjuecht” (1709E); “Dij goede lieuwe [= lju] bij Eltjoor” (1765Q); “De Ade roune Jenfadigheijt” (1777V); “Neat toa tjoed, neat toa froed” (1798G). 

Acht fan de santjin teksten yn it artikel binne rymjende fersen (1654E, 1709E, 1740F, 1765Q, 1777V, 1785Z, 1794C, 1798G). Dat strykt mei it feit dat in boppegemiddeld grut part fan de Fryske teksten út de 17e en 18e iuw in poëtyske foarm hat. Soks slút wer yn alles oan by de funksjeferdieling tusken Nederlânsk (algemien, praktysk, offisjeel) en Frysk (útsûnderlik, symboalysk) yn it meartalige Fryslân fan dy tiid. 

Nei it ferskinen fan de twadde printinge fan Gysbert Japix syn Friesche Rymlerije yn 1681, is gauris te fernimmen dat de skriuwers fan gelegenheidsfersen en albumbydragen Gysbert syn wurk lêzen ha. Sa sitearret J. Engelsma yn syn promoasjefers 1709E út it liet fan Reamer út de satiryske dialooch ‘Reamer in Sape’. Jacobus Scheltema (1794C) en Coert Lambertus van Beyma (1798F) skreauwen beide yn in freone-album in favorite Gysbert-passaazje oer.  

In útsûndering yn it artikel is de (foarsafier bekend) iennige fan de ‘Brieven als buit’ dy’t foar in part yn it Frysk skreaun is. Brieven als buit is in útjefte fan saneamde ‘sailing letters’: post dy’t de Britten yn beslach namen as se yn oarlochstiid Nederlânske skippen kaapten. Op dy wize binne sa’n fjirtichtûzen Nederlânske brieven yn Ingelske argiven bewarre bleaun. De brief fan Tjebbe Rinkes oan syn frou Fok Sierds (1780Y) befettet Frysk fan in ‘gewoane’ 18e-iuwske Fries, dy’t gjin Gysbert Japix lêzen hie, mar dy’t dochs ymprovisearjend besocht yn syn memmetaal te skriuwen.  

Yn de kommende tiid wol ik in tal fan dizze nije Midfryske teksten wat neier besjen. Ik haw yn alle gefallen de folgjende ûnderwerpen op it each: 

‘Hette oôrs’: piele yn it Frysk foar bûtenlânske studinten (1654E)  
‘De ljoe wit…; y sjoeg…’: koarte meartalsfoarmen begjin 18e iuw (1709E)  
‘Het is hier te dwaan?’: stikjes Frysk yn stikken fan it Hof (1716D) 
Codeswitching yn in noait besoarge brief fan Lissabon nei Warns (1780Y) 

André Looijenga docht as promovendus by de Fryske Akademy en de Universiteit van Amsterdam ûndersyk nei it Frysk yn de 17e iuw. 

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Artikel, Frisistyk Utljochte Tags: midfrysk, taalkunde, Us Wurk

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d