• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

14 septimber 2025: Deade dichters deklamatoarium yn Weidum

4 september 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

poster © Bob de Boer Photography

Op sneintemiddei 14 septimber organisearret it DDD-kollektyf yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier (Koarnjum) in literêre middei oer Fryske dichters dy’t net mear ûnder ús binne. De middei fynt plak yn de koartlyn restaurearre tsjerke fan Weidum. Njoggen libbene dichters drage poëzy foar fan tolve Fryske dichters dy’t yn de ôfrûne jierren ferstoarn binne. Sy dogge dat ûnder muzikale begelieding fan Axl Hofstede en Wilco Hoekstra. By de foardrachten wurde bylden fan de dichters projektearre.

Fan de folgjende dichters sille gedichten foardroegen wurde: Willem Abma, Jelle Kaspersma, Tsjisse Hettema, Jan Dotinga, Josse de Haan, Hindirk Hannema, Bartle Laverman, Aggie van der Meer, Abel Oostra, Jacobus Q. Smink, Gryt Witbraad, Piter Yedema.

De kommende jierren wolle wy it DDD útwreidzje en besykje om der in jierlikse literêre tradysje fan te meitsjen. Wy fine it wichtich dat de poëzy fan ferstoarne Fryske dichters net ferjitten wurdt. Poëzy moat klinke, ek poëzy dy’t gjin eigen stimme mear hat. De Fryske poëzy is in ryk literêr erfgoed dat in oanhâldend poadium fertsjinnet.

It idee fan in Dichters Deklamatoarium is al âld. It waard bygelyks yn 1961 by it sechsde lustrum fan de Fryske studinteferiening Aldgillis út Delft organisearre yn de St. Pitertsjerke yn Grou. De jonge, ûnbekende dichter Abel Oostra organisearre dat doe mei dichter Tjitte Piebenga. In deklamatoarium is poëzyfoardracht begelaat troch en ôfwiksele mei muzyk. Wy fûnen it in moaie foarm om de poëzy fan guon dichters dy’t ús de lêste jierren ûntfallen binne, wer foar it fuotljocht te bringen.

Plak, dei en tagong

Plak: Weidum, Johannes Tsjerke
Datum: 14 septimber 2025
Tiid: 15.00 – 17.00 (ynrin 14.30)
Tagong: €10 – reservearje fia: deklamatorium@hotmail.com

DDD wurdt mei mooglik makke troch finânsjele stipe fan Provinsje Fryslân, Gemeente Ljouwert, Feitsma Fûns, Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), Boersma Adema Stifting, Douwe Kalma Stifting

Delen:

  • Klik om af te drukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • Klik om dit te e-mailen naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Klik om te delen op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Klik om te delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Klik om te delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Klik om op LinkedIn te delen (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Agenda Tags: dichters, frysk, Poëzy

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Temjitte

yn sa’n rjochting dat men immen moetet, yn ‘e mjitte
Nederlânsk: tegemoet

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

o/m 28 desimber 2025: eksposysje houtskoaltekeningen Hagelslach

3 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 jannewaris 2026: deadline Skriuwersarke

1 december 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

o/m 11 desimber 2025: Oade oan Aggie van der Meer

28 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

7 desimber 2025: Presintaasje dichtbondel fan Remco Kuiper

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

4 desimber 2025: Silent Book Club Fryslân

23 november 2025 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2025 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d