• Door naar de hoofd inhoud
  • Skip to secondary menu
  • Spring naar de eerste sidebar
  • Spring naar de voettekst
Logo

Neerlandistiek

Online tijdschrift voor taal- en letterkundig onderzoek

  • Over Neerlandistiek
  • Contact
  • Homepage
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal

Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025

1 september 2025 door Redaksje Frisistyk Reageer

Dichter Elmar Kuiper is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025. Hy krijt de wichtichste priis foar Fryske literatuer foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Op tongersdei 28 augustus is hy thús ferrast mei in besite fan taaldeputearre Eke Folkerts.

De advyskommisje keas mei folle oertsjûging foar dizze bondel. “Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier rikt foarby de grinzen fan it konvinsjonele fers. Dizze dichtbondel is in moedige, foarmbewuste en oandwaanlike ferkenning fan poëzij, byld en inerlike kontemplaasje. Mei elk gedicht rekt de dichter it format fan de poëzij op, befreget it en makket it op ‘e nij.”

Neist in oarkonde krijt Kuiper in jildbedrach fan € 10.000 en in oanfoljend promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan € 5.000. De offisjele útrikking dêrfan is sneon 11 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Ek wurdt dan bekend wa’t de ‘Lytse Gysbert’ wint, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groep 7 en 8.

Elmar Kuiper (1969) debutearre yn 2004 mei de bondel Hertbyt. Tal fan publikaasjes folgen, wêrûnder twatalich en Nederlânsktalich wurk en in ferhalebondel. Ferlosboartsje is syn sânde Frysktalige bondel.

De provinsjale Gysbert Japicxpriis is sûnt 1947 de heechste ûnderskieding foar oarspronklik Frysktalich wurk. De priis wurdt twajierliks takend en wikselet ôf tusken proaza en poëzy. Foar dizze 40e edysje beoardiele de advyskommisje, besteande út Ytsje Hoekstra, Sytse Jansma en Johanneke Liemburg, 35 dichtbondels dy’t ferskynden tusken 2021 en 2024.

Mear ynformaasje is te finen op:
• www.tresoar.nl/agenda
• https://www.provincialeprijzen.frl/gysbert-japicxpriis

Delen:

  • Afdrukken (Opent in een nieuw venster) Print
  • E-mail een link naar een vriend (Opent in een nieuw venster) E-mail
  • Share op Facebook (Opent in een nieuw venster) Facebook
  • Delen op WhatsApp (Opent in een nieuw venster) WhatsApp
  • Delen op Telegram (Opent in een nieuw venster) Telegram
  • Delen op LinkedIn (Opent in een nieuw venster) LinkedIn

Vind ik leuk:

Vind-ik-leuk Aan het laden...

Gerelateerd

Categorie: Frisistyk, Frisistyk Nijs, Frisistyk Utljochte Tags: Elmar Kuiper, gysbert japicxpriis, literaire prijzen, literatuer, poëzie, Poëzij

Lees Interacties

Laat een reactie achterReactie annuleren

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.

Primaire Sidebar

Wurd fan ‘e wike

Foarjiersmoanne

Maart

➔ Lees meer
  • Facebook
  • YouTube

Aginda

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

12 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

22 maart 2026: premjêre Requiem ta treast

11 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
20 maart 2026:  Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

20 maart 2026: Presintaasje fan Paul van Dijks dichtbondel ‘Spegelrinner’

6 maart 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

15 maart 2026: In oade oan Ype Poortinga

24 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer
14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

14 maart 2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

22 februari 2026 Door Redaksje Frisistyk Reageer

➔ Lees meer

Footer

Elektronisch tijdschrift voor de Nederlandse taal en cultuur sinds 1992.

ISSN 0929-6514
Bijdragen zijn welkom op
redactie@neerlandistiek.nl
  • Homepage
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Over Neerlandistiek
  • De archieven
  • Gebruiksvoorwaarden
  • Privacy­verklaring
  • Contact
  • Facebook
  • YouTube

Inschrijven voor de Dagpost

Controleer je inbox of spammap om je abonnement te bevestigen.

Copyright © 2026 · Magazine Pro on Genesis Framework · WordPress · Log in

  • Homepage
  • Categorie
    • Voor de klas
    • Vertelcultuur
    • Naamkunde
  • Archief
    • 10 jaar taalcanon
    • 100 jaar Willem Frederik Hermans
  • E-books
  • Neerlandistische weblogs
  • Jong Neerlandistiek
  • Frisistyk
  • Mondiaal Neerlandistiek
  • Over Neerlandistiek
  • Contact
 

Reacties laden....
 

    %d