
De Europeeske Dei fan de Talen op 26 septimber is in dei om meartaligens en de rykdom oan talen en kultueren yn Europa te fieren
It EBLT, Europeesk Buro foar Lytse Talen, en it Mercator Europeesk Kennissintrum (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) brochten dêrom in besite oan Firda by de oplieding Travel & Hospitality. Sy sleaten oan by in les Meartalige Kommunikaasje yn de Beropspraktyk dy’t Tsjikke van der Veen en Wieger van Keulen fan de Afûk fan Wy binne mbû en it Praktoraat Frysk & Meartaligens dêr fersoargen foar sa’n 30 earstejiers studinten, yn gearwurking mei dosint Ingelsk Marcel Keizer.
Meartalige les
Mei meardere talen – it Frysk, Biltsk, it Amelânsk en it Ingelsk – en ûnder lieding fan Janneke Brakels hawwe de studinten oan ’e slach west mei meartaligens. Doel is de studinten bewust te meitsjen fan lytse talen en harren te stimulearjen om iepen te stean foar oare talen yn de toeristyske sektor, harren takomstige fakgebiet. It giet dan om it Ingelsk en Frysk, mar bygelyks ek it Grinslânsk, Stellingwerfsk en Biltsk.
Gerard de Jong fan it EBLT, Jelske Dijkstra fan it Mercator Europeesk Kennissintrum en Jacob Roep fan Tresoar fersoargen in moaie yntroduksje oer de ferskillende lytse talen en ús meartalige provinsje. De studinten diene dêrnei in spul mei ferskillende stellingen, om sa sichtber te meitsjen hoe’t studinten omgeane mei talen.
Tsjikke van der Veen: “Mei dizze moarn kreëarje wy bewustwêzen by de studinten fan dy meartaligens yn ús provinsje en se ûnderfine dat it handich is om mear talen prate en ferstean te kinnen yn dizze toeristyske sektor. Dat kin bygelyks liede ta it bewust kiezen foar in kardiel (keuzedeel) Frysk of in oare taal yn de oplieding.”
Oer de organisaasjes
- ‘Wy binne mbû’ is in gearwurkingsferbân tusken Aeres, Firda en Afûk mei as doel de posysje fan it Frysk yn it mbû it fersterkjen. It is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.
- It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. Der binne mear as tweintich EBLT-lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.
- It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.
- Tresoar is ít plak dêr’t de skiednis fan Fryslân bewarre wurdt. It is de spegel fan it Fryske ferline en de takomst, mei as sintrale missy kultueroerdracht: it ferbinen fan ferline, it no en de takomst, fan kennis en ûnderfiningen, fan kultueren en generaasjes.

Laat een reactie achter