
Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield.
Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom fan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei nijsgjirrich meitsjende titels as ‘de jongfeint dy’t syn siel fuortstjoerde’, ‘de frou út de reinwettersbak’, ‘de ierdmantsjes dy’t in kreas frommes sjen woenen’ en ‘wêrom’t de earrebarre op ien poat stiet’.
Ype Poortinga (1910-1985) sammele in hiel soad Fryske folksferhalen. Sa’n twatûzen ferhalen binne yn sân mânske boeken ferskynd mei moaie titels as It fleanend skip, De held en de draek en It gouden skaakspul. Mei syn Dafke gie er jierrenlang alle wiken by fertellers del om har ferhalen op bân op te nimmen. Dy audiokolleksje is troch it Frysk Film & Audio Argyf digitalisearre en komt ynkoarten beskikber foar elkenien. Sa krije tsientallen fertellers har stim werom. Wa wit sit dyn beppe of pake derby en kinst harren stim nei al dy jierren wer ris hearre?
Ferhalen moatst hearre! En dêrom is op snein 2 novimber by Tresoar in feestlike lansearring fan de audiokolleksje mei Fryske folksferhalen. Fertellers fan no, Aggie Meijer, Alexander Moto, Tamara Feddema en Kees de Vries, litte priuwkes hearre. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries (ek wol: Willem Wâldpyk). Kom del, lit dy meinimme yn de wûndere wrâld fan de mearkes, grappige teltsjes en sêgen.
Dizze middei wurdt organisearre yn gearwurking mei it Frysk Film & Audio Argyf
Oer Ype Poortinga
Ype Poortinga (1910-1985) wie in alsidich man. Neist syn wurk by de Fryske Akademy skreau er gedichten, ferhalen en toaniel. Benammen nei syn pensjoen hâlde er him dwaande mei it sammeljen en bewurkjen fan Fryske folksferhalen. By Tresoar stean, njonken de hûnderten audiodragers, ek doazen fol mei manuskripten fan Poortinga: syn transkripsjes fan it lûdmateriaal. Sa is nei te gean hoe’t Poortinga syn mûnlinge boarnemateriaal behoffene ta skreaune ferhalen.
Mear ynformaasje & oanmelde
- datum: 2 novimber
- tiid: 13:30 – 16:00 oere
- plak: Tresoar, Ljouwert
De middei is fergees tagonklik. Wol freegje wy dy om in kaartsje te reservearjen. Oanmelde kin fia dizze link.
Lústerje yn dit radiofragmint fan Omrop Fryslân (fan 1:44:00 ôf) nei in fraachpetear mei Syds Wiersma fan it Fries Film en Audio Archief oer dizze Fryske folksferhalen.

Laat een reactie achter