
Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. Doch ynformaasje op, wikselje tips en trúks út en moetsje kollega’s.
Hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk? Dy fraach stie sintraal yn it projekt MultiLit Fryslân. Lektor meartaligens en skriftlike taalbehearsking Mirjam Günther en dosint-ûndersiker Myrthe Coret-Bergstra fan NHL Stenden Hegeskoalle fierden mei kollega’s dit ûndersyk út op ferskeidene fû- en mbû-skoallen yn Fryslân. It ûndersyk die bliken dat de motivaasje fan jongeren om Frysk te skriuwen op skoalle net altyd like heech is, wylst se de taal wol regelmjjittich brûke op sosjale media. Binnen MultiLit Fryslân waard ûndersocht hoe’t it Frysk skriuwen yn de frije tiid en it skriuwen op skoalle better mei elkoar ferbûn wurde kin. Yn de keynote nimme de ûndersikers dy yn 3 stappen mei:
- hoe’t learlingen skriuwe yn har frije tijd – wêrom appe se wol/net yn it Frysk?
- de stim fan de learling – wat motivearret learlingen om Frysk te skriuwen?
- fan ynsjoch nei klassepraktyk – konkrete tips en hânfetten foar it ûntwerpen fan skriuwlessen.
Dêrneist binne der ynspirearjende wurkwinkels dy’t oanslute op ferskate kearndoelen.
Bist ynteresearre yn de oplieding Frysk? Dan is der op dizze dei ek de mooglikheid om in kolleezje by te wenjen en fragen te stellen oer de oplieding. Fan 13.00 oant 14.30 oere kinst oanskowe by ‘Lêsdossier’ (it bepraten fan ‘Anna’ fan Aggie van der Meer ûnder lieding fan ien fan de dosinten) of by ‘Taalkennis’ (in kwis oer de stof dy’t behannele is, yn de styl fan “2 voor twaalf”). Op it oanmeldformulier kinst oanfinke oftst komst en dan kinst ek de kar foar it kolleezje trochjaan.
Ta eintsjebeslút is der in buorrel dêr’t elk alle ynformaasje útwikselje kin ûnder it geniet fan in hapke en in drankje. De stúdzjemiddei is fergees. Wy hoopje safolle mooglik dosinten en studinten wolkom te hjitten!
Programma
14.45 Ynrin
15.15 Iepening
15.25 Plenêr part mei Mirjam Günther en Myrthe Coret-Bergstra en in spetterjend optreden fan winners fan SjONG 2025.
16.45 Wurkwinkel 1
17:30 Diner mei boekemerk en tentoanstelling fan winnende wurkstikken Grutte Fryske Wurkstikpriis
18.35 Wurkwinkel 2
19:20 Ofsluting, buorrel en neiprate
Oersjoch wurkwinkels
- #DIMF. Dat is moai Frysk
- Lêsno; ja, fansels!
- Nij eksamenprogramma Fryske Taal en Kultuur
- Op paad mei it ferline: Fryske skiednis yn de praktyk
- Fan tip nei praktyk: oan ‘e slach mei Frysk skriuwen
- Keunstryk
Datum en oanmelde
30 oktober 2025 | NHL Stenden Hegeskoalle Ljouwert

Laat een reactie achter